Robert I fan Skotlân
Ut Wikipedy
Robert I fan Skotlân, (11 july, 1274 – 7 juny, 1329) better bekend as Robert de Bruse wie kening fan Skotlân fan 1306 oant en mei syn dea yn 1329. Hy wie fan mingd Skotysk-Normandysk komôf en waard bekend as ien fan de grutste keningen fan Skotlân dy't as in kundige kriichsoanfierder Skotlân liede yn har striid tsjin it Ingelske keninkryk. Neffens eigen sizzen stamme hy ôf fan de eardere Skotske kening David I fan Skotlân.
