Kumbria

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
EnglandCumbria.png
Topografyske kaart Kumbria

Kumbria is in greefskip yn it noardwesten fan Ingelân. it ûnstie yn 1974 troch it byinoar foegjen fan de histoaryske greefskippen Cumberland en Westmorland mei parten fan Yorkshire en Lancashire.

It goa beslacht 6810 km2 en hat sa'n heal miljoen ynwenners.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Fan de befolking is 18,3% boppe de 65 jier. De wurkleazens berint 3,4% fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001).

It ynwennertal gie omheech fan 486.300 yn 1991 nei 487.607 yn 2001.

Kultuer en toerisme[bewurkje seksje | edit source]

Cumbria is hat in soad moaie natuer: de marrekrite Lake District is in toeristyske trekpleister fan belang. Teffens lûke de Yorkshide dales yn it suden in protte toeristen.

Oare boarnen fan ynkomsten binne de skiephâlderij en de mynbou (û.o. lead, sulver, izererts en stienkoal) en de yndystry anneks.

Kumbria hat oerbliuwsels fan de Muorre fan Hadrianus, de grutte Romeinske muorre dy't troch keizer Hadrianus oanlein waard om de Romeinen te beskermjen tsjin ynfallen út it noarden wei.

Distrikten[bewurkje seksje | edit source]

  1. Barrow-in-Furness
  2. South Lakeland
  3. Copeland
  4. Allerdale
  5. Eden
  6. City of Carlisle
CumbriaNumbered.png