Springe nei ynhâld

Durk van der Ploeg

Ut Wikipedy
Durk van der Ploeg
skriuwer
Durk van der Ploeg Fotograaf: Reyer Boxem
Durk van der Ploeg
Fotograaf: Reyer Boxem
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 6 septimber 1930
berteplak Hoogkarspel
wurk
taal Frysk
prizen Rely Jorritsmapriis, Gysbert Japicxpriis

Durk van de Ploeg (Hoogkarspel, 6 septimber 1930) is in tige produktive Fryske skriuwer en dichter dy't yn Noardburgum wennet. Yn novimber 2020 wie er de earste skriuwer dy't beneamd waard ta earelid fan It Skriuwersboun.[1]

Durk van der Ploeg waard berne yn Hoogkarspel. Doe't er trije wie ferfear de húshâlding Van der Ploeg, Friezen om utens, nei Ealsum yn Dongeradiel, dêr't er ek grut waard. Ealsum leit yn de Noardeasthoeke fan Fryslân, in streek dy't yn syn lettere literêre wurk in wichtich plak ynnimme soe. Van der Ploeg wurke as typograaf by ûnderskate kranten as it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante. Ek wie er ûntwerper fan ûnderskate boekomslaggen. Letter waard er redakteur by de Ljouwerter Krante en skriuwer fan boekresinsjes; dat soe er dwaan oant syn pinsjoen yn 1990. Dêrnei lei er him folslein ta op it skriuwen.

Yn de jierren sechtich fan de tweintichste iuw wurke Van der Ploeg foar ûnderskate tydskriften. Hy wie einredakteur fan it wykblêd Frysk en Frij en lid fan de redaksje fan it literêre tydskrift De Tsjerne. Dêrneist wie er as redakteur ferbûn oan De Stim fan Fryslân, it tydskrift fan it Kristlik Frysk Selskip. Fan 1984 oant 1990 wie Van der Ploeg foarsitter fan 'It Skriuwersboun', dat him yn novimber 2020 ta earelid beneamde.[2] Ek wie er lange tiid karmaster fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek. Fierder wie er aktyf op tsjerklik en kultureel mêd yn de plakken dêr't er wenne. Al ropt dat it byld fan in maatskiplik aktive man op, oer himsels ferklearre Van der Ploeg by in fraachpetear yn 1995: "Eins bin 'k in ienselvich wêzen: de skriuwer dy't mei himsels praat".

It ferheljen spile yn it libben van Van der Ploeg altiten in grutte rol. Yn 2003 sei er by in fraachpetear: "Dat hie ik as bern al. At ik net sliepe koe, fertelde ik mysels in ferhaal. Bytiden rekke ik sa ûnder de yndruk fan myn selsbetochte ferhalen dat ik der fan gûle moast. Miskien haw ik it fan ús pake, dy't ek goed fertelle koe. Thús waard De Stim fan Fryslân lêzen, ik rekke al betiid yn de kunde mei it wurk fan Eeltsje Boates Folkertsma. De Bibel waard by ús thús trettjin kear hielendal foarlêzen. Hoe't in ferhaal krekt ferteld wurdt, haw ik op dy wize ek leard".

Van der Ploeg keas der bewust foar om yn it Frysk te skriuwen, omdat dy literêre 'fiver' net sa grut is en dêrtroch mear mooglikheden biedt foar eksperiminten as it Nederlânsk, dêr't in soad al ris yn besocht is.

Van der Ploeg debutearre yn 1955 mei in tal gedichten yn it Nederlânske blêd "Ontmoeting". It earste Fryske gedicht fan syn hân ferskynde yn 1956 yn De Tsjerne. Van der Ploeg's earste dichtbondel, Lok op eachlingte, ferskynde yn 1959. Al sleat syn tematyk - "dea, leafde, skuld, boete en religy" - oan by dy fan dichters lykas Freark Dam, Anne Wadman en Marten Sikkema, Van der Ploegs foarm wie fan 'e miet ôf oan dy fan it frije fers. Hy wie ek modern yn de sin dat hy 'frjemde' wurden brûkte, benammen út de natoerwittenskippen. Sa kaam de ynfloed fan de troch him bewûndere Gerrit Achterberg oan it ljocht.

Dêrnei ferskynden om de pear jier in bondel mei gedichten fan Van der Ploeg. Ien fan de meast bekende is De opstanding (Een gedicht) (1979), in samling Nederlânsktalige gedichten nei oanlieding fan de dea fan syn mem. Dêr komme ferskate motiven út syn wurk by elkoar, lykas it terpelânskip, de preökkupaasje mei dea en ûntbining, de mem as begjin fan it libben en dyjinge dy't har religy trochjaan wol oan har bern. Ferkate kritisy sjogge dy gedichten as de moaiste om harren earlikens en gefoelige toan.

Nei 1979 hold Van der Ploeg him mear dwaande mei it skriuwen fan romans en ferhalen. Pas yn 2003 ferskynde wer in bondel, Troch kadastrale fjilden. Dy gedichten hawwe it lânskip boppe Dokkum as dekôr, mei oan de iene kant de see en oan de oare kant de "kadastrale fjilden", dêr't de minsken wenje mei wa't Van der Ploeg him ferbûn fielt. Yn syn eigen wurden: "Ik haw in sterke bân mei Noardeast-Fryslân. It is in prachtige wrâld om yn te ferkearen. De minsken dêr hawwe in bepaalde stivens en bedêstens. At hja it mei twa wurden sizze kinne, sille hja it net mei trije dwaan. Dat sprekt my oan."

Van der Ploeg syn earste koarte ferhalen waarden yn 1952 publisearre yn it Frysk Deiblêd. Syn earste boek, In man en in minske, kaam út yn 1968. Yn de tweintich jier dêrnei ferskynden dêrnei noch seis boeken fan syn hân, dêr't ien fan yn it Nederlânsk wie: Een vers graf (1974). Nei syn pensjonearring yn 1990 ûntwikkele er him ta ien fan de meast produktive literêre skriuwers yn it Fryske taalgebiet. Fan de publikaasje fan de novelle Bertegrûn (1993) ôf, ferskynde alle jierren teminsten ien nij boek fan him - mar faker twa en yn 1995 sels trije. Yn 1997 publisearre Van der Ploeg de essaybondel It obstakel fan 'e ferbylding. In jier letter levere er in stikmannich bydragen oan Ik bin jim sjonger, in boek mei lietteksten fan Fedde Schurer. Yn 2003 skreau er De sniewinter, it Fryske boekewikegeskink. Fjouwer jier letter ferskynde It himelsk oerwurk, in romantisearre biografy fan de Fryske amateur-astronoom Arjen Roelofs (1754-1828). Yn 2010 waard De kjeld fan it noarden útbrocht. Op 29 maart 2012 ferskynde de nijste roman fan Van der Ploeg, mei as titel De Belvedêre, en giet oer de neidagen fan Age Looxma Ypeij fan Swarteweisein. By de presintaasje fan it boek waard Van der Ploeg beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Syn grutte produktiviteit is te ferklearjen mei in hege mate fan dissipline: hy leit it himsels op om alle dagen acht oeren lang te skriuwen. Ek leit de útdaging foar him yn it hieltiten wer betinken fan in nije struktuer, in oar fertelperspektyf, en nije ferhalen mei nije personaazjes. De romans dy't nei syn pensjonearring ta stân kamen, bestean net allinne út op 'e nij besjoene ferzjes fan manuskripten dêr't er al earder oan skreaun hie, mar ek út folslein nij wurk.

Foar syn 75-ste jierdei waard oan Van der Ploeg op inisjatyf fan syn útjouwer in bondel oanbean, Dreame fan in oare wrâld, dêr't in tolvetal persoanen út de Fryske literêre en kulturele wrâld in soad fasetten fan syn wurk beskreaunen. De oanbieding wie op 8 septimber 2005 yn de Iepenbiere Biblioteek fan Ljouwert.

In wichtich tema yn it literêre wurk fan Van der Ploeg is dat fan de minske dy't yn iensumens wrakselet mei it libben en de dea. Syn boeken geane faak oer ienlingen, yn harsels kearde personaazjes en harren (fersteurde) relaasje ta harren meiminsken en de maatskippij. Van der Ploeg is bedreaun yn it oproppen fan sfear, faak dy fan in iensum lânskip, dêr't de bewenners ûnder drege omstannichheden foar harren bestean yn wrotte. De measte fan syn ferhalen binne net fleurich fan toan, al hat er ek romans skreaun mei humoristyske en satiryske elementen, lykas De Snoekebek (1972), De Amerikaen (1977) en De dei lûkt nei de jûn (1984). Neffens guon kritisy binne dy boeken lykwols minder slagge.

Yn de saneamde Dongeradielesyklus, dy't begûn mei De Jacht (1988) en dêr't fierder It wrede foarjier (1994), Reis nei de Kalkman (1995) en It lekken oer de spegel (1995) diel fan útmakken, is de Twadde Wrâldkriich it basistema. Dêroer skreau Van der Ploeg yn 1995 yn de Ljouwerter Krante: "Ik wie njoggen doe't de oarloch útbruts. Omdat dy oarloch myn karkater en mentaliteit fiif jier lang ûngeunstich beynfloede hat, is der foar my winlik nea wer in ein oan kommen. Libjen mei dy oarloch waard frijwol ûnbewust in wichtich ûnderdiel fan myn opfieding." Fierderop yn dat artikel freget er him ôf: "Of hat de lêzer itselde as de skriuwer, dat hy net los komme kin fan de oarloch, en fia de roman oarder yn de gaos sjen wol?"

In sintraal tema yn syn lettere boeken is de keunstmjittigens fan it hjoeddeiske libben en it opgean fan de minsk yn de ûnpersoanlike massa. Van der Ploeg ferset him tsjin de gedachte dat de mins de natoer meitsje kin, en is krekt fan betinken dat de natoer de mins makket. Ek yn dy lettere romas is it lânskip de basis - it klaaigebiet by Ealsum, it Waad of de omjouwing fan Noardburgum. Hoewol't dy boeken yn it ferline spylje, binne it gjin histoaryske romans. Van der Ploeg ferklearre dêroer: "Ik wol in goed byld jaan fan it lânskip, mar de ferhalen dy't ik dêroer fertel binne hielendal optocht. Wat ik fertel moat ek bard wêze kinne, mar ik jou mysels rûmte."

  • In man en in minske (1968)
  • De Snoekebek (1972)
  • Een vers graf (1974, Nederlânsk)
  • It libbet mar amper (1976)
  • De Amerikaen (1977)
  • De dei lûkt nei de jûn (1984)
  • De Jacht (1988)
  • It Wrede Foarjier (1994)
  • Reis nei de Kalkman (1995)
  • It lekken oer de spegel (1995)
  • In bit yn 't iis (1996)
  • Skepsels fan God (1998)
  • It wurk fan 'e duvel (2000)
  • Foarby it Boarkumer fjoer (2002)
  • Sykjend nei it lêste hûs (2004)
  • De Iishilligen (2005)
  • De hûnsdagen (2006)
  • It himelsk oerwurk (2007)
  • In beferzen mar (2009)
  • De kjeld fan it noarden (2010)
  • De Belvedêre (2012)
  • Oer Atlantyske djipten (2015)
  • De lêste floed (2016)
  • Wek yn 'e rivier (2019)
  • Wet fan de eleminten (2021)
  • In fauna fan ingels (2022)
  • De neidagen (2024)
  • De winter komt (1984)
  • Bertegrûn (1993)
  • De sniewinter (2003)
  • Gjin plak op ierde. Needlottige ferhalen (1996)
  • Under de seespegel (2001)
  • Lok op eachlingte (1959)
  • It Libertynsk Gehucht (1964)
  • Hwerom is de himel swart (1967)
  • Deaden skrieme net (1973)
  • Tremor Terrae (1975)
  • De opstanding (Een gedicht) (1979, Nederlânsk)
  • Troch kadastrale fjilden (2003)

Rely Jorritsmapriis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Durk van der Ploeg krige 21 kear in Rely Jorritsmapriis (en is dêrmei wat dat oanbelanget rekordhâlder):

  • 1957: Apel en hout (gedicht)
  • 1958: Ut it hûs fan de sliep (gedicht)
  • 1960: Profeet (gedicht)
  • 1962: Prolooch fan de iensumheid (ferhaal)
  • 1965: It Paradys (ferhaal)
  • 1967: It ôfskie (ferhaal)
  • 1968: Wy helje de ein wol (gedicht)
  • 1969: In plak om to stjerren (ferhaal)
  • 1969: Utfanhûs (gedicht)
  • 1970: Doe't ik njoggen wie (gedicht)
  • 1971: In dierber bern (ferhaal)
  • 1971: De buorren by nacht (gedicht)
  • 1972: Jouns (gedicht)
  • 1973: Foto (gedicht)
  • 1976: De soan (ferhaal)
  • 1976: It keamerke (gedicht)
  • 1977: De dea komt ús oer 't mad (ferhaal)
  • 1977: Mei frede litte (gedicht)
  • 1984: Dowen (ferhaal)
  • 1986: Foarfloed (gedicht)
  • 1987: Kâlde dagen (ferhaal)


Gysbert Japicxpriis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 wie Van der Ploeg ûnderwerp fan in reltsje om de Gysbert Japicxpriis hinne. De faksjuery dy't de Deputearre Steaten fan Fryslân oer de takenning fan dy priis advisearre, waard sawol yn de Steaten as troch ferskate Fryske skriuwers iepenlik bekritisearre fanwegen har foarstel dy ta te kennen oan Willem Tjerkstra en net oan Van der Ploeg. Nettsjinsteande dat waard it advys troch Deputearre Steaten oernommen. Neffens Tjerkstra wie Van der Ploeg ien fan de earsten dy't him tillefoanysk lokwinske.

Yn 2011 krige Van der Ploeg de grutste Fryske literêre priis dochs takend, hy krige de priis foar syn hiele oeuvre. De sjuery wie fan tinken dat der gjin boek wie dy't der boppe út stuts, dêrom waard besletten om der in oeuvrepriis fan te meitsjen.

By de presintaasje fan syn 21ste roman, De Belvedêre, op 29 maart 2012 waard Durk van der Ploeg beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Frysk Deiblêd, 11 novimber 2020 side 15
  2. Durk van der Ploeg wordt eerste erelid van It Skriuwersboun; Frysk Deiblêd, 11 novimber 2020