Springe nei ynhâld

Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco

Ut Wikipedy
Ynternasjonaal Filmfestival
fan San Francisco
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county San Francisco County
plak San Francisco
tiid fan it jier april
bysûnderheden
ôfkoarting SFIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1957 – no
oprjochter Irving "Bud" Levin
org. troch San Francisco Film Society
offisjele webside
sffilm.org/sffilm-festival

It Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco (Ingelsk: San Francisco International Film Festival), ôfkoarte ta SFIFF, is in filmfestival dat elts jier yn 'e moanne april holden wurdt yn 'e Amerikaanske stêd San Francisco, yn Kalifornje. It evenemint, dat twa wiken duorret, bestiet sûnt 1957 en lûkt om ende by de 80.000 besikers. De organisaasje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco is yn 'e hannen fan 'e San Francisco Film Society.

It Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco waard yn 1957 oprjochte troch Irving "Bud" Levin, in rike pleatslike filmofyl. Dêrmei is it it op ien nei âldste filmfestival fan Noard-Amearika (nei it Ynternasjonaal Film- & Fideofestival fan Columbus, yn Ohio).

Yn 't earstoan gie it by it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco om in filantropysk krewearjen om foar San Francisco in plak yn 'e ynternasjonale filmyndustry te bemasterjen en teffens om 'e ynwenners fan 'e stêd bleat te stellen oan sinema as keunstfoarm troch films te fertoanen dy't net yn Hollywood produsearre wiene. Guon fan films dy't op 'e earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco fertoand waarden, wiene sadwaande Throne of Blood fan 'e Japanske regisseur Akira Kurosawa en Pather Panchali fan 'e Yndiaaske filmmakker Satyajit Ray.

De Amerikaanske filmyndustry seach it promoatsjen fan bûtenlânske films yn 't earstoan as in bedriging, en yn 'e earste beide edysjes fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco stjoerde net ien grutte filmstudio út Hollywood in film yn. Pas yn 1959 waard op it filmfestival de earste Amerikaanske film fertoand, Beloved Infidel fan Henry King, mei Gregory Peck en Deborah Kerr yn 'e haadrollen.

De 63e edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco soe yn april 2020 holden wurde, mar moast omreden fan 'e koroanapandemy opskood wurde nei 2021.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich wurde op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco elts jier likernôch 200 ûnderskate films fertoand út mear as 50 ferskillende lannen. It festival jout omtinken oan hjoeddeistige trends op it mêd fan film- en fideoproduksje, wêrby't de klam lein wurdt op wurken dy't noch net yn 'e Amerikaanske bioskopen draaid hawwe. Behalven yn San Francisco sels fine de fertoanings fan 'e films ek plak yn 'e foarstêd Berkeley. Yn it represintative jier 2009 waard it festival besocht troch in publyk fan 82.000 minsken.

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco wurde ferskate prizen ferjûn. De Irving M. Levin Directing Award, ferneamd nei de oprjochter fan it festival, is de priis foar bêste regisseur. (Foar 2003 hiet dizze priis de Akira Kurosawa Award, en fan 2003 oant en mei 2014 wie it de Founder's Directing Award.) Dy priis is troch de jierren hinne wûn troch û.o. Akira Kurosawa (1986), Clint Eastwood (2001), Miloš Forman (2004), Werner Herzog (2006), Spike Lee (2007), Francis Ford Coppola (2009), Oliver Stone (2011), Kenneth Branagh (2012) en Guillermo del Toro (2015).

De Peter J. Owens Award (ferneamd nei de pleatslike filantroop Peter J. Owens) is de priis foar bêste akteur of aktrise. Dizze priis is wûn troch û.o. Harvey Keitel (1996), Annette Bening (1997), Nicolas Cage (1998), Dustin Hoffman (2003), Ed Harris (2006), Robert Redford (2009), Robert Duvall (2010), Harrison Ford (2013) en Richard Gere (2015). Oare prizen fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco binne:

  • de Kanbar Award (foar bêste senario);
  • de Mel Novikoff Award (foar lju dy't bydroegen hawwe oan 'e filmkultuer yn San Francisco);
  • de Golden Gate Persistence of Vision Award (foar makkers fan dokumintêres, koarte films en animaasje yn 10 ûnderskate kategoryen);
  • de George Gund III Craft of Cinema Award (oeuvrepriis foar filmmakkers);
  • de New Directors Award (foar nijynkommende regisseurs).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.