Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes
Festival fan Cannes Festival de Cannes | ||
plak en tiid | ||
lân | Frankryk | |
regio | Provâns-Alpen- Côte d'Azur | |
departemint | Alpes-Maritimes | |
plak | Cannes | |
tiid fan it jier | maaie | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes | |
soarte evenemint | filmfestival | |
sjenre | mainstream | |
bestean | 1946 – no | |
offisjele webside | ||
www.festival-cannes.com |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes (Frânsk: Festival International du Film de Cannes), dat sûnt 2002 eins Festival fan Cannes (Frânsk: Festival de Cannes) hjit, is in tige prominint filmfestival dat elts jier yn maaie holden wurdt yn it Frânske baaiplak Cannes, oan 'e kust fan 'e Middellânske See. It is tige eksklusyf; men moat derfoar útnûge wurde om der (as filmmakker) talitten te wurden. Der wurde films fan alle sjenres fertoand, dokumintêres en koarte films ynbegrepen. Oant 2002 hiet dit evenemint offisjeel it Ynternasjonaal Filmfestival (Frânsk: Festival International du Film), in namme dêr't ornaris 'fan Cannes' (de Cannes) oan taheakke waard om it te ûnderskieden fan oare ynternasjonale filmfestivals. It waard yn 1946 foar it earst holden, al giet de organisaasje tebek op 'e 1930-er jierren. Yn 'e mande mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje heart it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes ta de 'Grutte Trije'. De grutte priis fan it filmfestival is de prestizjeuze Gouden Palm.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes giet tebek oant 1932, doe't de earste risselwaasjes om ta in Frânsk filmfestival te kommen, makke waarden troch Jean Zay, de Frânske minister fan Underwiis. Hy die dat op útstel fan 'e histoarikus Pilippe Erlanger en mei stipe fan it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten, om't it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje yn dy tiid de ynternasjonale filmyndustry en de hiele demokratyske wrâld skokte mei syn faksistyske hâlding. Mei troch de ekonomyske noed fan 'e Grutte Depresje duorre it oant 1939 ear't de organisaasje gearstald en Cannes as lokaasje útkeazen wie. Mar sels doe noch gie it byinoar skraabjen fan finansiering te stadich, en foar't de earste edysje holden wurde koe, briek de Twadde Wrâldoarloch út, dy't in ein oan 'e plannen makke.
Pas nei de oarloch kaam it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fan 'e grûn, doe't op 20 septimber 1946 yn Cannes films út ienentweintich lannen presintearre waarden yn in âld kasino. Yn 1947 wiene der mei de organisaasje al slimme swierrichheden, en yn 1948 en 1950 gie it filmfestival oer om't de organisaasje mei de begrutting net útkaam. Yn 1949 waard it Palais des Festivals et des Congrès boud oan de kade fan 'e jachthaven fan Cannes, spesjaal om te tsjinjen as gelegenheid foar it filmfestival en soartgelikense grutte eveneminten. Dat jiers waaide by in stoarm it dak, dat noch net ôf wie, fan it gebou. Yn 1951 waard it filmfestival foar it earst yn maaie organisearre, om direkte konkurrinsje mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, dat yn 'e hjerst holden waard, foar te kommen.
Yn de earste helte fan 'e 1950-er jierren loek it festival in protte toerisme en oandacht fan 'e media, mei skandalen yn 'e entertainmentyndustry en affêres tusken akteurs. Yn dyselde snuorje begûn ek it keunstsinnige aspekt fan it festival him te ûntjaan. Om't de seleksje fan 'e films oanhâldend bleat stie oan krityk, waard der in priis ynsteld dy't takend waard troch filmkritisy oan orizjinele films en ynnovearjende filmmakkers. Dy Sjuerypriis waard yn 1954 foar it earst útrikt. Yn 1955 waard de Gouden Palm ynsteld, dy't yn it plak kaam foar de Grand Prix du Festival, dy't oant doe ta ferjûn wie. Yn 1959 waard de Marché du Film ("Filmmerk") oprjochte, dy't keapers en ferkeapers yn de filmyndustry byinoar brocht. Dêrmei krige it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes in kommersjeel karakter. Yn lettere jierren soe him dat ûntwikkelje ta it wichtichste ynternasjonale platfoarm foar hannel yn films. Yn 1962 waard de Ynternasjonale Wike fan de Kritisy stifte troch de Frânske Uny fan Filmkritisy. Dat evenemint rûn parallel mei it festival, mar besocht de kommersje bûtendoar te hâlden.
Op 'e edysje fan 1968 besette in groep Frânske filmregisseurs ûnder lieding fan Louis Malle in filmseal yn it Palais des Festivals et des Congrès, dêr't de fertoaning dy't geande wie, stillein waard foar in protest yn solidariteit mei de maaieprotesten fan de studinten. It festival waard troch de organisaasje in dei letter foartidich beëinige.
Yn 1972 waarden der wichtige feroarings oanbrocht yn 'e seleksje fan 'e dielnimmende films. Oant dy tiid hiene de ynstjoerende lannen de films keazen dy't yn Cannes te sjen wiene, mar neitiid waarden de fertoande films útornearre troch twa komitees, ien foar Frânske films en ien foar bûtenlânske films. Dêrtroch koene fan 1972 ôf ek films oan it festival meidwaan, dy't yn eigen lân ferbean wiene. Yn 1978 waard de Caméra d'Or yntrodusearre as priis foar de bêste langspylfilm yn de ferskate kategoryen, en ek de seksje Un Certain Regard, dêr't alle net-kompetative kategoryen yn ûnderbrocht waarden. Fierders waard de lingte fan it festival werombrocht nei trettjin dagen, wat ek it tal films beheinde dat der fertoand wurde koe. En de sjuerys, dy't oant dy tiid benammen bestien hiene út filmkritisy, waarden tenei almar mear oanfolle mei regisseurs, filmprodusinten, akteurs en oaren út 'e yndustry.
Yn 1983 waard in nij, folle grutter Palais des Festivals et des Congrès boud foar it filmfestival, wylst guon njonkeneveneminten yn it âlde gebou bleaune. It nije gebou krige de bynamme 'De Bunker', en der wie in protte krityk op doe't it al yn gebrûk nommen waard foar't it goed en wol ôf wie, mei ferskate technyske problemen ta gefolch. Nei 1984 waarden foar it filmfestival mear films út lannen as Argentynje, Austraalje, de Filipinen, Yndia, Kuba, Nij-Seelân en Sina fertoand, en dêrom minder út Jeropa, Noard-Amearika en Japan. De reade loper, tsjintwurdich ien fan 'e bekendste ûnderdielen fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, waard eins pas yn 1987 foar it earst foar de haadyngong fan it Palais útrôle.Yn 2002 naam it festval, dat oant dy tiid offisjeel it Ynternasjonaal Filmfestival hjitten hie, de namme Festival fan Cannes oan.
Underdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes is ferdield yn ferskate seksjes:
- Offisjele Seleksje (Sélection Officielle): it haadbarren fan it festival
- Kompetysje fan Langspylfilms (Compétition des Longs Métrages): de 20 films dy't tingje om 'e Gouden Palm. Fertoand yn it Théâtre Lumière.
- Bûten Kompetysje (Hors-Compétition): films dy't ek fertoand wurde yn it Théâtre Lumière, mar net meitingje foar de Gouden Palm.
- Un Certain Regard: 20 films selektearre út lannen hein en fier. Fertoand yn 'e Salle Debussy.
- Cinéfondation: sa'n 15 koarte films fan filmskoallen fan oer de hiele wrâld. Fertoand yn 'e Salle Debussy.
- Koarte Films (Courts Métrages): de likernôch 10 koarte films dy't tingje om 'e Gouden Palm foar de Koarte Film. Fertoand yn it Théâtre Buñuel en de Salle Debussy.
- Klassikers fan Cannes (Cannes Classics): âlde, reparearre films dy't op 'e nij fertoand wurde.
- Spesjale Fertoanings: films wêrfoar't it seleksjekomitee in bysûnder plak útkiest om se sjen te litten, passend oan it ûnderwerp fan sokke films.
- Strânsinema (Cinéma de la Plage): fertoanings fan Klassikers fan Cannes en films út 'e seksje Bûten Kompetysje op it strân fan Cannes, foar it grutte publyk.
- Parallelle Seksjes (Sections Parallèles): net-kompetative programma's wijd oan 'e ûntdekking fan oare aspekten fan 'e filmkeunst.
- Ynternasjonale Wike fan de Kritisy (Semaine Internationale de la Critique): bedoeld om talintfolle nije filmmakkers te ûntdekken, troch earste en twadde films fan regisseurs fan oer de hiele wrâld te fertoanen. Bestiet sûnt 1962.
- Fjirtjin Dagen fan de Regisseurs (Quinzaine des Réalisateurs): foar it fertoanen fan keunstsinnige 'filmhûsfilms'. Bestiet sûnt 1969.
- Tous les Cinémas du Monde: lit it ferskaat fan filmkultueren yn 'e wrâld sjen.
- Oare seksjes: gearstald troch oare organisaasjes ûnder it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.
- Programma fan ACID (Programmation ACID): eveneminten organisearre troch de Assosjaasje foar Unôfhinklike Sinema en Distribúsje.
Fierders wurde der ek noch eveneminten organisearre dy't lossteane fan 'e seksje-yndieling:
- Marché du Film: de drokste filmmerk fan 'e wrâld. Bestiet sûnt 1959.
- Workshops: fersoarge troch bekende filmmakkers oan it publyk.
- Tributen: in huldeblyk oan ynternasjonaal ferneamde filmmakkers troch de presintaasje fan 'e festivaltrofee en de fertoaning fan ien fan harren films.
- Utstallings: elts jier is in filmmakker, akteur, oeuvre of sinematografyske tema it ûnderwerp fan in útstalling.
Sjuerys
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes ken fjouwer ûnderskate sjuerys, dy't foarôfgeande oan eltse edysje troch it bestjoer fan it festival ynsteld wurde. Dêrby giet it om sjuerys foar de Kompetysje fan Langspylfilms, foar Cinéfondation en de seksje Koarte Films, foar Un Certain Regard en foar de Caméra d'Or. De leden fan 'e sjuerys komme gear yn 'e histoaryske Villa Domergue om 'e winners út te kiezen.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- kompetative prizen
- Gouden Palm (Palme d'Or) (wichtichste priis, foar bêste lange film)
- Grutte Priis (Grand Prix) (foar bêste lange film)
- Sjuerypriis (Prix du Jury) (foar bêste lange film)
- Gouden Palm fan de Koarte Film (Palme d'Or du Court Métrage) (foar bêste koarte film)
- Priis foar Manlike Fertolking (Prix d'Interprétation Masculine) (foar bêste akteur)
- Priis foar Froulike Fertolking (Prix d'Interprétation Féminine) (foar bêste aktrise)
- Priis foar Ensenearring (Prix de la Mise en Scène) (foar bêste regisseur)
- Priis foar it Senario (Prix du Scénario) (foar bêste senario)
- prizen yn oare seksjes
- Priis foar Un Certain Regard (Prix Un Certain Regard) (foar jong talint en/of ynnovative films)
- Prizen foar Cinéfondation (Prix de la Cinéfondation) (foar studintefilms)
- Gouden Kamera (Caméra d'Or) (foar bêste earste lange film)
- ferjûn troch oare organisaasjes op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes
- Priis fan de FIPRESCI (Prix FIPRESCI) (útrikt troch de Ynternasjonale Federaasje fan Filmkritisy)
- Gouden Each (Œil d'Or) (foar bêste dokumintêre)
- Vulcainpriis (Prix Vulcain) (útrikt oan filmtechnisy troch de CST)
- François Chalais Priis (Prix François Chalais)
- Chopardtrofee (Trophée Chopard)
- Queer Palm (Queer Palm) (foar films mei in homoseksueel, lesbysk, biseksueel of transseksueel tema)
- Palm Dog (Palm Dog) (foar de bêste aktearprestaasje fan in hûn yn in film; sûnt 2001 útrikt, by wize fan grap)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|