Springe nei ynhâld

Wytpoatmûs

Ut Wikipedy
wytpoatmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai wytpoatmûzen (Peromyscus)
soarte
Peromyscus leucopus
Raffinesque, 1818
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De wytpoatmûs (wittenskiplike namme: Peromyscus leucopus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartmûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). It is ien fan 'e meast foarkommende lânseigen kjifdieren fan Noard-Amearika. De wytpoatmûs is dreech te ûnderskieden fan 'e hartmûs (Peromyscus maniculatus), in oare rûnom foarkommende, besibbe soarte.

De wytpoatmûs is lânseigen yn it grutste part fan 'e kontinintale Feriene Steaten beëasten de Rocky Mountains, útsein Floarida en oangrinzgjende dielen fan it súdeasten, noardlik Maine en de krite oan 'e westkant fan 'e Grutte Marren. Wol libbet er yn in grut diel fan Arizona. Fierders komt er foar op it Kanadeeske diel fan 'e Grutte Flakten, en yn it suden fan 'e provinsjes Ontario en Kebek. Yn Meksiko libbet er yn it bercheftige binnenlân, by de kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns en yn Oaxaca, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan. Isolearre populaasjes besteane yn it Meksikaanske Jûkatan en op 'e súdlike helte fan it Nij-Skotlânskiereilân, yn 'e Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân.

In wytpoatmûs.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytpoatmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 9-10 sm, mei in sturtlingte fan 6⅓-9⅔ sm en in gewicht fan 20-30 g. Syn bealch en poaten binne wyt, krekt as de ûnderkant fan 'e sturt. De rêchkleur ferskilt per regio, mar is meastal brunich oant rodzich. Wytpoatmûzen kinne dragers wêze fan it hantafyrus en de sykte fan Lyme.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytpoatmûs jout de foarkar oan kontreien mei in protte beamte of strewelleguod, mar komt ek foar yn mear iepen lân. It is in nachtdier, wêrfan't sommige eksimplaren in wintersliep hâlde, mar de measten it hiele jier rûn aktyf binne, ek as it tige kâld is. Wytpoatmûzen binne treflike klimmers en besteegje in grut part fan 'e tiid oan it kladderjen yn beammen en strûken om by sieden, nuten en fruchten te kommen. It binne omnivoaren, dy't njonken sokke plantaardige kost ek ynsekten lytsman meitsje, lykas rûpen en toarren. Hjerstmis lizze se itensfoarrieden oan foar de kommende tiid fan krapte.

De wytpoatmûs hat gjin spesifike peartiid, mar kin him it hiele jier rûn fuortplantsje, al binne der bertepiken yn 'e maityd en de hjerst. Nei in draachtiid fan teminsten 22 dagen bringt it wyfke dan 3-5 jongen te wrâld. Der wurde jiers ferskate fan sokke nêsten smiten. De maksimumlibbensferwachting is foar wytpoatmûzen sa'n 8 jier, wat tige lang is foar in wrotmûseftige. Yn trochsneed wurde se lykwols mar krapoan 4 jier, wylst dat sifer yn noardliker klimaten sakket nei 1-2 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.