Wytfanghazze
wytfanghazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus callotis | ||||||||||||
Wagler, 1830 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wytfanghazze of wytflankhazze (wittenskiplike namme: Lepus callotis) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dizze soarte heart ta it ûnderskaai fan 'e steppehazzen (Proeulagus) en is ferneamd nei syn wite siden (ek: fangen of flanken). De wytfanghazze komt foar yn sintraal en noardlik Meksiko en in beheind diel fan it Amerikaanske Súdwesten. It is in grutte hazzesoarte mei in herbivoar dieet en in bestean as nachtdier. It giet net goed mei de wytfanghazze, dy't 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearret dit bist as kwetsber.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste part fan it ferspriedingsgebiet fan 'e wytfanghazze beslacht sintraal Meksiko, dêr't it it Plato fan Anahuac omfettet, mei as súdgrins de bergen fan 'e Súdlike Sierra Madre en as noardgrins it begjin fan 'e Eastlike Sierra Madre. De haadstêd Meksiko-Stêd leit midden yn dat gebiet. Yn it westen berikt it areaal fan dit bist by Tepic, yn 'e delling fan 'e Rio Grande de Santiago, de kust fan 'e Stille Oseaan. Noardliker, yn 'e Westlike Sierra Madre, lizze ferskate isolearre eksklaves dêr't de wytfanghazze foarkomt. Dit fragmintearre diel fan it ferspriedingsgebiet rint troch oant oer de Amerikaanske grins yn it súdwesten fan 'e steat Nij-Meksiko. Oft de wytfanghazze ek yn it súdeasten fan 'e oanbuorjende steat Arizona foarkomt, is ûnwis.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytfanghazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 41–76 sm, en is dêrmei ien fan 'e gruttere hazzesoarten. De in sturtlingte is 21/2–10 sm en it gewicht bedraacht likernôch 2,6 kg. De earen binne 5,1–15,2 sm lang, wylst de krêftige efterpoaten 15–30 sm mjitte. De foarpoaten, dy't 10–15 sm lang binne, hawwe 5 teannen, wylst oan 'e efterpoaten mar 4 teannen sitte. Alle teannen einigje yn stevige klauwen. De wytfanghazze fertoant ienige seksuele dimorfy, mei't de moerhazzen oer it algemien justjes grutter binne as de rammen.
De pels fan 'e wytfanghazze is koart en rûchhierrich. Op 'e boppeste lichemsdielen is de kleur ljochtbrún oant bêzje mei in protte swarte hierren dertrochhinne, sadat it bist eins in stik dûnkerder liket. De ûnderste lichemsdielen, lykas de bealch, de kiel en de binnenkant fan 'e poaten, binne wyt. De siden (ek fangen of flanken neamd), dêr't dit bist syn namme oan tanket, binne ek wyt. De sturt is fan boppen wyt mei swarte hierren dertrochhinne en fan ûnderen hielendal wyt. Nei it ferhierjen yn 'e hjerst kriget de wytfanghazze op 'e rêch, kop en bûtenkant fan 'e poaten in mear grize kleur.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytfanghazze bewennet benammen heech leine berchplato's, wêrûnder de iepen flakten fan it sintraal Meksikaanske tafellân en de hege woastyn yn it suden fan Nij-Meksiko. Op skeanten yn bergen en heuvels komt dizze soarte net foar. Wytfanghazzen jouwe de foarkar oan flak, iepen lân dat begroeid is mei gers, en mije dêrom kriten mei beammen of in protte strewelleguod.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytfanghazze is in nachtdier, dat ek al op 'e lapen is yn 'e jûnsskimer. By tsjuster is er benammen aktyf op ljochtmoanne nachten. Bewolking, delslach en wyn wjerhâlde him derfan en gean derop út, mar hjittens of kjeld hawwe amper mjitber effekt op syn aktiviteit. Oerdeis lûkt de wytfanghazze him werom om te rêsten yn in leger, in dobbe yn 'e grûn fan likernôch 50 sm lang, 40 sm breed en 20 sm djip, dy't er makke hat middenmank it beskûl fan opgeande fegetaasje. Yn seldsume gefallen bewenje wytfanghazzen ûndergrûnske hoalen dy't ferlitten binne troch oare bisten. De lange earen kinne draaie om 'e boarne fan elts lûd te lokalisearjen. Dêrnjonken tsjinje se ek om 'e lichemstemperatuer te regulearjen troch se yn in koel sigentsje op te stekken, sadat it bloed dat dertrochhinne rint, ôfkuollet foar't it de rest fan it lichem wer binnenkomt. By kâld waar kinne de earen plat yn 'e nekke lein wurde om krekt foar te kommen dat it dertrochhinne streamende bloed ôfkuollet.
In opfallend skaaimerk fan 'e wytfanghazze is dat er, oars as de measte oare hazzesoarten, net solitêr libbet. Ynstee komme wytfanghazzen hiel gauris foar yn pearkes fan, ornaris, in raam en in moerhazze. Dy pearbân is fral yn 'e peartiid tige sterk. Nei't de pearbân foarme is, ferdigenent de raam himsels en syn wyfke tsjin oare rammen, wêrby't er 'bokst' mei de foarpoaten en wâdet mei de efterpoaten. It doel fan 'e pearbân is net alhiel dúdlik, mar it tinken mank mammalogen is dat it wolris bedoeld wêze kin om rammen en moerhazzen byinoar te hâlden, en dêrtroch de fuortplanting yn gebieten mei in lege populaasjedruk ienfâldiger te meitsjen. De pearkes wike yn 'e regel net mear as 3–7 m faninoars side, en naaie tegearre út as se benei kommen wurde troch rôfdieren of minsken. Soms giet de pearbân ferlern yn 'e draachtiid en foarmje de beide eksimplaren neitiid in nije bân mei in oare mantsje of wyfke.
Krekt as by de measte proaidieren binne ek by de wytfanghazze de eagen lateraal (d.w.s. oan 'e sydkanten) op 'e kop pleatst. Dêrtroch hat dit bist in eachweid fan 360°, sadat er net fan efteren beslûpt wurde kin. Yn konfrontaasjes mei lânrôfdieren hat de wytfanghazze twa strategyen efterinoar. Ynearsten bliuwt er ferwegingsleas sitten en fertrout er op syn poerbêste skutkleur om ûnopmurken te bliuwen. Wurdt er dochs waarnommen of komt it rôfdier troch klearebare tafal te deunby, dan springt ynienen rjocht omheech, wêrby't er de efterpoaten útstrekt en by wize fan alaarmsinjaal syn wite fangen toant. By it delkommen set er daliks ôf mei syn krêftige efterpoaten en naait er út mei in faasje dy't syn efterfolgers net belykje kinne yn in sigesaagjend patroan dat bedoeld is om foar te kommen dat se har eigen topfaasje berikke kinne. De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e wytfanghazze binne de reade lynks (Lynx rufus), de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de poema (Puma concolor) en ferskate soarten hauken, mûzefalken en earnen.
De peartiid duorret foar de wytfanghazze teminsten 18 wiken, en rint fan mids april oant en mei mids augustus. Nei in draachtiid fan goed 40 dagen smyt de moerhazze yn har leger in nêst fan trochinoar 2 jongen. Dy komme te wrâld mei de pels derop en de eachjes al iepen en binne inkele minuten nei de berte al mobyl. De earste pels is sêft en wollich en wurdt pas ferfongen troch de koarte en rûge pels fan in folwoeksene as it haske foar it earst ferhierret. Hoewol't de jongen al hiel gau geslachtsryp binne, nimme se pas yn har twadde libbensjier diel oan 'e fuortplanting.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytfanghazze is in herbivoar, mei in dieet dat benammen bestiet út gerzen en krûden. Op it menu steane û.m. bizongers (Bouteloua dactyloides), tabosagers (Hilaria mutica), ferskate soarten fioelhals (Amsinckia) en wolvesturtgers (Lycurus), blauwe grama (Bouteloua gracilis), meskytrank (Hopia obtusa) en bastertsealje (Eriogonum wrightii).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytfanghazze hat de IUCN-status fan "kwetsber", mei't der in negative populaasjetrend liket te bestean. Yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, dêr't yn 2011 in totale populaasje fan 42 eksimplaren teld waard, wurdt dit bist sels as bedrige beskôge. Oars as oare hazzesoarten wurdt de wytfanghazze troch de minske net beskôge as in pleachdier, mei't er gjin skea tabringt oan lânbougewaaksen. Likemin is oerbejaging in probleem, mei't dit bist yn it meastepart fan syn ferspriedingsgebiet in beskerme status hat. Yn 2011 brocht in ûndersyk yn Nij-Meksiko oan it ljocht dat dêre de slimste bedriging foar de wytfanghazze wie om nachts deariden te wurden troch fiertugen fan 'e Amerikaanske Grinspatrûlje. Oare bedriging foar de wytfanghazze binne oerbeweiding troch fee fan syn habitat, sadat er net genôch fretten besette kin, en ferkringing troch de better oanpaste swartsturthazze (Lepus californicus).
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e wytfanghazze (Lepus callotis):
- L. c. callotis
- L. c. gaillardi
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|