Wyomingmûsgoffer
Wyomingmûsgoffer | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Perognathus fasciatus | ||||||||||||
Wied-Neuwied, 1839 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Wyomingmûsgoffer (wittenskiplike namme: Perognathus fasciatus), ek wol Wyomingwangpûdmûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus), dat lânseigen is yn it midnoarden fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en it uterste midsuden fan Kanada. It is in lyts, herbivoar nachtdierke, dat foarrieden fan syn iten oanleit yn ûndergrûnske hoalen en yn it noarden fan syn ferspriedingsgebiet winterdeis in wintersliep hâldt. De IUCN klassifisearret de Wyomingmûsgoffer as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wyomingmûsgoffer is in bewenner fan it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Syn ferspriedingsgebiet strekt him út oer it midnoarden fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en it uterste midsuden fan Kanada. Dat is in regio dy't yn it westen begrinzge wurdt troch de bergen fan 'e Rocky Mountains en yn it easten troch it beboske gebiet om 'e Grutte Marren hinne. It areaal fan 'e Wyomingmûsgoffer beslacht yn 'e Feriene Steaten de Dakota's, útsein de eastlike râne, en fierdersoan it noardwesten fan Nebraska, in diel fan eastlik Kolorado en teffens it uterste noardwesten fan dy steat, it uterste noardeasten fan Utah, it eastelik trijefearn fan Wyoming en de eastlike helte fan Montana. Dêropta heart yn Kanada ek noch it suden fan 'e provinsje Saskatchewan, it uterste súdeasten fan Alberta en it uterste súdwesten fan Manitoba ta syn ferspriedingsgebiet.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wyomingmûsgoffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 6,9–7,5 sm, mei in sturtlingte fan 5,6–6,8 sm en in gewicht fan 11–14 g. Eksimplaren dy't ôfkomstich binne út it noardlike part fan it ferspriedingsgebiet binne oer it algemien wat grutter as guon dy't út it súdlike diel komme. De sêfte pels op syn rêch fariëarret yn kleur fan dûnkerbrún yn it easten fan syn areaal oant bleek bêzje yn it westen. It hier op 'e bealch is wyt of, meast yn it westen, hiel ljochtbêzje. De beide kleurflakken wurde faninoar skaat troch in smelle streek oer de siden dy't krêmkleurich is. Fierders sit efter elts fan 'e earen in ljochtbêzje plak.
Ien fan 'e apartste anatomyske nuveraardichheden fan 'e Wyomingmûsgoffer (en alle oare mûsgoffers) binne har ekterne wangpûden. Dy sitte net yn 'e mûle, mar ynstee oan 'e bûtenkant fan 'e kop, oer de wangen hinne en sa fierder nei efteren rinnend oant de sydkanten fan 'e hals. De iepenings sitte oan 'e foarkant, deunby de bek. De wangpûden binne oan 'e binnenkant begroeid mei hier en kinne binnenstbûtenst keard wurde om se skjin te hâlden.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De natuerlike habitat fan 'e Wyomingmûsgoffer is greidlân yn aride en semy-aride heger leine kriten. Sokke gebieten hawwe oer it algemien net folle opgeande fegetaasje, mar soms steane der hjir en dêr fersprate klútsjes beammen, lykas espen of smelblêdige pompelieren, of strûken, lykas de franjige aalst (Artemisia frigida). De Wyomingmûsgoffer is ek opmurken op 'e sânige alluviale flakte fan 'e Lytse Missoery en yn deselde omkriten mank de rotsen op fierders gerzige heuvelskeanten. Op itselde soarte heuvelskeanten yn Nebraska libbet er ûnder de beskutting fan ponderosadinnen en palmleeljes (Yucca). Syn hoalen dobbet de Wyomingmûsgoffer yn sawol sânige as klaaiïge grûn.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wyomingmûsgoffers binne nachtdieren, dy't oerdeis tahâlde yn in kompleks ûndergrûnsk hoalestelsel mei gongen dy't in djipte fan 2 m berikke en fan 'e yngong ôf 3 m yn it rûn geane. De fuortplanting fynt by de Wyomingmûsgoffer plak yn 'e simmermoannen. Dêrby smyt it wyfke nei in draachtiid fan 30 dagen in nêst fan trochinoar 4–6 jongen. Yn guon kriten skine Wyomingmûsgoffers winterdeis aktyf te bliuwen, mar yn Alberta, yn it noardlike diel fan har ferspriedingsgebiet, hâlde se in wintersliep, wêrby't it soms wol acht moannen duorret foar't se wer foar 't ljocht komme.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wyomingmûsgoffer fret benammentlik sied fan gerzen en krûden, dy't sammelet op nachtlike foeraazjetochten en yn syn wangpûden mei weromnimt nei syn hoale. Dêr leit er op dy manear in flinke foarrie oan, sadat er by min waar net op 'e lapen hoecht te kommen. Yn gebieten dêr't se gjin wintersliep hâlde, tarre Wyomingmûsgoffers winterdeis by kjeld en min waar gauris op 'e oanleine itensfoarrieden. Njonken sied ite se ek guon griene dielen fan planten.
Wyomingmûsgoffers dy't yn finzenskip holden wurde, ferbergje sied yn har koaien troch it te bedobjen. Letter lykje se dat werom te finen troch har rooksin, wêrby't se de ierde omwuolje mei de snút. Op deselde wize is ek waarnommen dat de bistkes har wangpûden himmelje troch se te leegjen en dan út te wriuwen mei sân.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wyomingmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|