Springe nei ynhâld

Wrâldfederaasje fan Grutte Tuorren

Ut Wikipedy

De Wrâldfederaasje fan Grutte Tuorren (World Federation of Great Towers) is in ynternasjonale feriening fan de kedizers of eigners fan hege tuorren en wolkekliuwers. De feriening is oprjochte yn 1989. Om yn de list te meien moat de toer in foar it publyk tagonklik útsjoch-, observaasjepunt hawwe. Alle gebouwen dy't oan dat betingst foldogge kinne lid wurde; dochs binne der in tal tige hege struktueren dy't oan de kriteria foldogge dy't net lid binne, lykas Burj Khalifa, Taipei 101, it Shanghai World Financial Center en de Willis Tower.

Der hearre 26 tuorren ta de federaasje. Fan heech nei leech binne dat:

Namme toerStêdLânJierHichte
CN TowerTorontoKanada1976553,33m
De OstankinotoerMoskouRuslân1967540m
Oriental Pearl ToerSjanghaiSina1995468m
John Hancock CenterChicagoFeriene Steaten1969444m
Empire State BuildingNew York CityFeriene Steaten1931443m
KL-toerKuala LumpurMaleizje1995421m
Sintrale Tv-toerPekingSina1992405m
TashkenttoerTasjkentOezbekistan1985375m
Tianjin Radio- en TelefyzjetoerTianjinSina1991368m
TelefyzjetoerBerlynDútslân1969368m
MakautoerMakauSina2001338m
TokiotoerTokioJapan1958333m
Sky TowerAucklandNij-Seelân1997328m
Tv-toer fan VilniusVilniusLitouwen1980326,5m
Tv-toer fan TallinnTallinnEstlân1980314m
SydneytoerSydneyAustraalje1981304m (1.000ft)
CollserolatoerBarcelonaSpanje1992288m
RialtotuorrenMelbourneAustraalje1986270m
DonautoerWenenEastenryk1964252m
Seoul TowerSeoelSúd-Korea1975239,7m
Sizkov TelefyzjetoerPraachTsjechje1992216m
De EuromêstRotterdamNederlân1960185m
Torre LatinoamericanaMeksiko-StêdMeksiko1956182m
Olympysk StadionMontréalKanada1976175m
BlackpooltoerBlackpoolFeriene Keninkryk1894158m
Most SNPBratislavaSlowakije197295m

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]