Winkel
- Dizze side giet oer it bedriuw. Foar oare betsjuttings, sjoch: Winkel (betsjuttingsside).
In winkel, tsjintwurdich mei in Ingelsk wurd ek gauris in shop neamd, is in gebou of diel fan in gebou dêr't keapwar oanbean en ferkocht wurdt, ornaris yn ruil foar jild, mar soms ek tsjin betelling yn natuera of troch ruilhannel. Yn 'e regel is in winkel in bedriuw of in ûnderdiel fan in bedriuw of ynstelling, mar it kin ek in (diel fan in) non-profitorganisaasje wêze, dy't syn ynkomsten ôfdraacht oan in goed doel. It guod dat yn in winkel ferkocht wurdt, is it winkelguod. De útbater fan in winkel is in winkelman of in winkelfrou.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd 'winkel' hie oarspronklik de betsjutting fan hoeke (ferlykje: "winkelheak" en it Dútske wurd Winkel, dat ek "hoeke" betsjut). Etymologysk wiist dy eardere betsjutting fan 'winkel' derop dat de earste winkels (faak) op in hoeke en dêrmei oan in krúspunt fêstige wiene. Dat is ek logysk, want dêr komme de measte minsken lâns, en dus makket de winkelman of -frou dêr de grutste kâns om wat te ferkeapjen.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iuwenlang wie it yn winkels sa dat de toanbank fuortby de doar stie, en dat alle winkelguod efter de toanbank útstald wie. Klanten wachten dan by de toanbank en de winkelman of -frou socht it spul byinoar dat se keapje woene. Fanôf likernôch de midden fan 'e tweintichste iuw kin de klant yn 'e measte winkels sels de keapwaar byinoar sykje dy't er hawwe wol, wêrnei't er dy nei de toanbank ta bringt om derfoar te beteljen. Hoewol't dat foar winkels troch it útsparre wurk (en dêrmei lean fan meiwurkers) folle goedkeaper is, hat it winkels ek folle kwetsberder makke foar winkeldieverij.
Soarten winkels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der besteane ferskillende soarten winkels, wêrby't it ûnderskie almeast ferbân hâldt mei it assortimint winkelguod.
- antikariaat: twaddehâns boeken;
- apteek: genêsmiddels;
- autodealership: auto's;
- bakkerij: bôle, koeke, koekjes en taart;
- bizjûtery: ienfâldige sieraden;
- blommesaak of blommisterij: blommen en planten;
- boekhannel: boeken en tydskriften;
- brillewinkel, brillesaak of optisiên: brillen en kontaktlinzen;
- dumpwinkel, outletsaak of factory outlet: oerstallige partijen fan alderhanne artikels;
- drogisterij: lichemsfersoargjende artikels en beskate genêsmiddels;
- elektroanikawinkel of elektroanikasaak: elektroanika en wytguod;
- fiskwinkel of fisksaak: fisk;
- garaazje: auto's en auto-ûnderdielen;
- grientewinkel of grientesaak: griente en fruit;
- juwelierswinkel of juwelierssaak: sieraden;
- kampearwinkel: kampearnedichheden;
- kantoarboekhannel: skriuwnedichheden en kantoarartikels;
- kiosk: kranten, tydskriften, snobbersguod en tabaksartikels;
- kleanwinkel: klean;
- krudenierswinkel of krudenierssaak: itenswaren;
- meubelsaak: meubilêr;
- omrinwinkel of rûngongwinkel: twaddehâns artikels;
- platesaak: LP's en cd's;
- poelier: wyld en fûgelt;
- sekswinkel of seksshop: eroatyske artikels, pornoblêden, pornofilms en seksboartersguod;
- sigarewinkel of tabakssaak: tabaksartikels;
- skuonwinkel of skuonnesaak: fuotark en learguod;
- slachterij: fleis;
- snobberswinkel: snobbersguod;
- supermerk: alderhanne artikels, mar foar it meastepart itenswaren;
- sûvenirwinkel of sûvenirssaak: sûvenirs;
- túnsintrum: blommen, planten en túnnedichheden;
- warehûs: alderhanne artikels, foar it meastepart útsein itenswaren;
- wrâldwinkel: alderhanne produkten út benammen ûntwikkelingslannen.
Fierders wurdt ek wol ûnderskie makke troch de manear of it plak fan ferkeap:
- campingwinkel of kampwinkel: in winkel op in camping;
- foardielwinkel of foardielsaak: in winkel dy't restpartijen opkeapet en dy tsjin lege prizen oanbiedt;
- nachtwinkel: in winkel dy't inkeld jûns en nachts iepen is;
- ridende winkel of winkelwein: in winkeltsje yn in autobus dy't by de minsken oan 'e hûs komt;
- weijouwinkel: in winkel dêr't it winkelguod net ferkocht, mar fergees weijûn wurdt.
Ek in kream yn 'e iepen loft op 'e merk is in soarte fan winkel, hoewol't de measte minsken dêr net daliks oan tinke sille by it hearren fan it wurd 'winkel'.
In bedriuw dat winkelfilialen yn ferskillende plakken hat, wurdt in winkelkeatling neamd. Bekende foarbylden dêrfan binne Blokker, C&A en de HEMA. In winkel dy't wol by in winkelkeatling oansletten is, mar dochs selsstannich operearret, hjit in franchisewinkel of franchisesaak.
Winkeljen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Winkeljen of, mei in Ingelsk wurd dat jin tsjintwurdich almar faker hearre, shoppen, is it besykjen fan ferskate winkels efterinoar, bygelyks op in frije dei. Benammen froulju fine dat in ûntspannende beuzichheid, wylst in soad manlju der in glûpende hekel oan hawwe. Yn Nederlân geane in protte minsken op sneon te winkeljen. Dat wurdt it meast dien op in plak dêr't in protte winkels ticht byinoar steane, lykas yn in winkelsintrum of in winkelstrjitte.
Iepeningstiden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân regelet de Winkeltidewet wannear't winkels iepen wêze meie. Fan moandei oant en mei sneon is dat tsjintwurdich oant jûns 22.00 oere. Der binne lykwols mar in bytsje winkels dy't ek wurklik wier seis jûnen yn 'e wike oant dy tiid iepen bliuwe. Tradisjoneel is der yn 'e measte plakken ien jûn yn 'e wike (faak op tongersdei of freed) dat (hast) alle winkels ek wier iepen binne. Dat is de saneamde keapjûn, dy't almeast einiget om 21.00 oere. Foar de rest geane de measte winkels fan moandei oant en mei freed ticht om 18.00 oere en op sneon om 17.00 oere. Op moandeitemoarn binne in soad winkels ticht of geane se letter iepen as op oare moarnskoften.
Yn in protte gruttere plakken jildt ienris yn 'e moanne fierders in troch it gemeentebestjoer oanwiisde keapsnein, as de winkels ek op snein iepen wêze meie. Faak is it wol sa dat de winkels dan letter iepen en betider wer ticht geane as op in troch-de-wykse dei. Benammen yn grutte stêden lykas De Haach, Rotterdam en Amsterdam binne winkels yn guon dielen fan 'e stêd eltse snein iepen. Polityk sjoen is dat in gefoelige kwestje, mei't kristen-demokratyske partijen dat beskôgje as ynbrek op 'e rêstdei. Fan 2011 ôf wurdt soks dêrom stranger beheind ta toeristyske gebieten. Yn 2018 wie Smellingerlân de earste gemeente yn Nederlân dy't alle beheinings oangeande winkeltiden ophefte, sadat de alle winkels yn Drachten (en omlizzende doarpen) no eltse snein iepen wêze kinne.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fan prostituees waard foarhinne wol sein dat se "in winkeltsje ûnder de skelk" hiene.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|