Virginia Mayo
Virginia Mayo | ||
akteur | ||
Virginia Mayo yn 'e iere 1950-er jierren. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Virginia Clara Jones | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 30 novimber 1920 | |
berteplak | St. Louis (Missoery) | |
stoarn | 17 jannewaris 2005 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Dútsk Ingelsk | |
jierren aktyf | 1937 – 1997 | |
offisjele webside | ||
www.virginiamayo.com |
Virginia Mayo, wiere namme: Virginia Clara Jones (St. Louis, 30 novimber 1920 – Los Angeles, 17 jannewaris 2005), wie in Amerikaansk aktrise en fariëtee-artyste, dy't it bekendst wurden is troch har rollen yn ferskate komeedzjefilms, as tsjinspylster fan 'e akteur Danny Kaye. Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren wie hja de bêstferkeapjende akteur fan filmstudio Warner Bros. Se spile ek in haadrol yn 'e mei in grut tal Oscars bekroande film The Best Years of Our Lives, út 1946.
Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mayo waard yn 1920 berne yn St. Louis, yn 'e Amerikaanske steat Missoery, dêr't har famylje woartels hie dy't tebek giene nei it eigenste oanbegjin fan 'e stêd. Hja wie de dochter fan sjoernalist Luke Jones, dy't Ingelsk bloed hie, en dy syn frou, Martha Henrietta Rautenstrauch, dy't in húsfrou fan etnysk Dútsk komôf wie. Har muoike hie yn St. Louis in toanielkoalle, dêr't Mayo mei seis jier al hinne gie. Nei't se yn 1937 foar de middelbere skoalle slagge wie, wist se har earste aktearbaantsjes te bemachtigjen.
Har sweager, de fariëtee-artyst Andy Mayo, wie dêr sa fan ûnder de yndruk dat er har frege om op te treden mei syn teäterselskip, The Mayo Brothers. Dêrnei brocht se trije jier troch op toernee troch de hiele Feriene Steaten, wêrby't se as sprekstâlmaster en oanjouwer fungearre foar "Pansy it Hynder" (de bruorren Mayo yn in hynstepak). Yn 1941, doe't se ûnderwilens de artystenamme Virginia Mayo oannommen hie, krige se in rol op Broadway, yn it toanielstik Banjo Eyes.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch dat optreden op Broadway waard de oandacht fan filmprodusint Samuel Goldwyn op Mayo fêstige. Mei't er djip ûnder de yndruk rekke fan sawol har skientme as har talint, bea er har in kontrakt oan as filmaktrise. Ien fan 'e earste lytse roltsjes yn in Hollywood-film hie se yn 'e kaskreaker Jack London (1943). Dêryn spile ek har lettere man, akteur Michael O'Shea, mei wa't se op 'e set yn 'e kunde kaam. Har earste haadrol hie Mayo yn The Princess en the Pirate (1944), as tsjinspylster fan komyk Bob Hope. Har meast súksesfolle wurkrelaasje wie lykwols mei in oare komyk, Danny Kaye, mei wa't se û.m. spile yn Wonder Man (1945), The Kid from Brooklyn (1946) en it grutte súkses The Secret Life of Walter Mitty (1947).
Yn 'e dramafilm The Best Years of Our Lives (1946) spile Mayo de deune en ynklauwerige Marie Derry, wêrmei't se folslein yngie tsjin it stereotype byld dat der fan har ûntstien wie. Lykwols wie de film in grut súkses: hy wûn njoggen Oscars, wêrûnder dy foar bêste film, en hy brocht de grutste winst binnen fan alle films yn Hollywood sûnt Gone with the Wind (1939). Oan 'e ein fan 'e 1940-er jierren, op it hichtepunt fan har rom, waard Mayo beskôge as it toanbyld fan 'e tsjeppe Hollywood-aktrise; neffens in rûnom publisearre ferhaal soe de doetiidske sultan fan Marokko, Mohammed VI, sein hawwe dat har skientme it bewiis wie fan it bestean fan God.
Mayo sette har karriêre fuort mei rollen yn û.o. de misdiefilm Smart Girls Don't Talk (1948); de western Colorado Territory (1949); de film noir White Heat (1949); en de komeedzje The Girl from Jones Beach (1949), mei as tsjinspiler de lettere presidint fan 'e Feriene Steaten Ronald Reagan. Yn 'e 1950-er jierren hie se noch súkses mei histoaryske aventoerefilms as The Flame and the Arrow (1950), mei Errol Flynn; Captain Horatio Hornblower (1951), mei Gregory Peck; en King Richard and the Crusaders (1954), mei Rex Harrison. Ek spile se yn 'e western Along the Geat Divide (1951), mei Kirk Douglas, en as Kleopatra VII yn 'e fantasyfilm The Story of Mankind (1957). Teffens fertolke Mayo rollen yn ferskate filmmusicals, wêrûnder Always Leave Them Laughing (1949), The West Point Story (1950) en Painting the Clouds with Sunshine (1951). Dêrby makke se goed gebrûk fan har talint foar dûnsjen, mar har sjongen waard letter altyd neisyngronisearre mei in bettere stim.
Tsjin 'e 1960-er jierren wie Mayo har populariteit flink belune, hoewol't dat har der net fan wjerhold om troch te gean mei aktearjen. Feitliks wurke hja troch oant 1997, doe't hja 77 jier wie. Ien fan 'e lêste promininte rollen fan harres spile se yn 'e film Fort Utah, út 1967. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren hie Mayo noch ferskate gastrollen yn tillefyzjesearjes as The Love Boat, Remington Steele, Murder, She Wrote en de soapsearje Santa Barbara. Mayo wie ien fan 'e earste Hollywood-akteurs dy't in stjer krigen op 'e Hollywood Walk of Fame oan Hollywood Boulevard.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Virginia Mayo troude yn 1947 mei kollega-akteur Michael O'Shea, in houlik dat duorre oant O'Shea syn ferstjerren yn 1973. Se krigen ien bern, Mary Catherine O'Shea (1953). It gesin wenne tsientallen jierren lang yn Thousand Oaks, yn Kalifornje. Doe't se op jierren kaam, lei Mayo har ta op har leafhawwerij, keunstskilderjen, en wie se sljocht mei har trije beppesizzers, allegearre jonges.
Under ynfloed fan aartsbiskop Fulton J. Sheen bekearde se har ta de Roomsk-Katolike Tsjerke. Op polityk mêd wie se in lid fan 'e Republikeinske Partij; se stipe Richard Nixon by de presidintsferkiezings fan 1968 en fan 1972, en Ronald Reagan, mei wa't se befreone wie, by de ferkiezings fan 1980.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Virginia Mayo ferstoar yn jannewaris 2005, yn 'e âlderdom fan 84 jier, oan longûntstekking komplisearre troch hertproblemen. Se waard beïerdige njonken har man te Westlake Village, yn Kalifornje.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1939 | Gals and Gallons | Virginia Jones | koarte film |
1943 | Follies Girl | Chorine | |
1943 | Jack London | Mamie | |
1944 | Up in Arms | ferpleechster Joanna | |
1944 | Seven Days Ashore | Carol Dean | |
1944 | The Princess and the Pirate | prinsesse Margaret | |
1945 | Wonder Man | Ellen Shanley | |
1946 | The Kid from Brooklyn | Polly Pringle | |
1946 | The Best Years of Our Lives | Marie Derry | |
1947 | Out of the Blue | Deborah Tyler | |
1947 | The Secret Life of Walter Mitty | Rosalind van Hoorn | |
1948 | Smart Girls Don't Talk | Linda Vickers | |
1948 | A Song Is Born | Honey Swanson | |
1949 | Flaxy Martin | Flaxy Martin | |
1949 | Colorado Territory | Colorado Carson | |
1949 | The Girl from Jones Beach | Ruth Wilson | |
1949 | White Heat | Verna Jarrett | |
1949 | Red Light | Carla North | |
1949 | Always Leave Them Laughing | Nancy Eagen | |
1950 | Backfire | Julie Benson | |
1950 | The Flame and the Arrow | Anna fan Hessen | |
1950 | So You Think You're Not Guilty | harsels | koarte film |
1950 | The West Point Story | Eve Dillon | |
1951 | Captain Horatio Hornblower | lady Barbara Wellesley | |
1951 | Along the Great Divide | Ann Keith | |
1951 | Painting the Clouds with Sunshine | Carol | |
1951 | Starlift | harsels | |
1952 | She's Working Her Way through College | Angela Gardner / "Hot Garters Gertie" | |
1952 | The Iron Mistress | Judalon de Bornay | |
1952 | Screen Snapshots: Hollywood Night Life | harsels | koarte film |
1953 | She's Back on Broadway | Catherine Terris | |
1953 | South Sea Woman | Ginger Martin | |
1953 | Devil's Canyon | Abby Nixon | |
1954 | King Richard and the Crusaders | frouwe Edith Plantagenêt | |
1954 | The Silver Chalice | Helene | |
1955 | Pearl of the South Pacific | Rita Delaine | |
1956 | The Proud Ones | Sally | |
1956 | Great Day in the Morning | Ann Merry Alaine | |
1956 | Congo Crossing | Louise Whitman | |
1957 | The Big Land | Helen Jagger | |
1957 | The Story of Mankind | Kleopatra VII | |
1957 | The Tall Stranger | Ellen | |
1958 | Fort Dobbs | Celia Gray | |
1958 | Screen Snapshots: Salute to Hollywood | harsels | koarte film |
1959 | Westbound | Norma Putnam | |
1959 | Jet Over the Atlantic | Jean Gurney | |
1961 | Revolt of the Mercenaries | hartoginne Patrizia di Rivalta | |
1964 | Young Fury | Sara McCoy | |
1966 | Castle of Evil | Mary Theresa "Sable" Pulaski | |
1967 | Fort Utah | Linda Lee | |
1975 | Fugitive Lovers | Liz Trent | |
1976 | Won Ton Ton, the Dog Who Saved Hollywood | Miss Battley | |
1977 | Haunted | Michelle | |
1978 | French Quarter | grevinne Willie Piazza / Ida | |
1990 | Evil Spirit | Janet Wilson | |
1993 | Midnight Witness | Kitty | |
1997 | The Man Next Door | Lucia | |
harkspullen | |||
1946 | Lux Radio Theatre | Ellen Shanley | gastrol; ôfl. Wonder Man |
1951 | Lux Radio Theatre | ? | gastrol; ôfl. Bright Leaf |
1952 | Lux Radio Theatre | lady Barbara Wellesley | gastrol; ôfl. Captain Horatio Hornblower |
1953 | Lux Radio Theatre | ? | gastrol; ôfl. This Woman Is Dangerous |
1953 | Lux Radio Theatre | ? | gastrol; ôfl. China Run |
1954 | Lux Radio Theatre | Judalon de Bornay | gastrol; ôfl. The Iron Mistress |
tillefyzje | |||
1984 | Remington Steele | harsels | gastrol, 1 ôfl. |
1984 | Murder, She Wrote | Elinor | gastrol, 1 ôfl. |
1986 | The Love Boat | Virginia | gastrol, 1 ôfl. |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Virginia Mayo
- (in) Folsleine filmografy fan Virginia Mayo yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|