Kull fan Atlantis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tuerysk Tiidrek)
Kull fan Atlantis
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Atlantysk
berop/amt kriger, slaaf, seerôver,
bandyt, gladiator, hierling,
kening
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Thulsa Doom
attributen striidbile
geastlike heit Robert E. Howard
útjouwer Weird Tales
ûntstean 1929

Kull fan Atlantis (Ingelsk: Kull of Atlantis) is in fiktyf personaazje út it wurk fan 'e Amerikaanske fantasyskriuwer Robert E. Howard. It is in held en in barbaar, dy't yntrospektiver is as Howard syn bekendere, lettere skepping Conan de Barbaar, mar dy't fierders in protte mei dyselde gemien hat. Kull syn earste ferskining wie yn it ferhaal The Shadow Kingdom, dat yn augustus 1929 publisearre waard yn it pulpblêd Weird Tales. Yn 1997 waard in film oer Kull makke, te witten Kull the Conqueror, mei Kevin Sorbo yn 'e titelrol.

Tuerysk Tiidrek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tiidrek fan Kull is it fiktive Tuerysk Tiidrek (Ingelsk: Thurian Age), dat om 100.000 f.Kr. hinne bestien hawwe soe. Dat wie foar't it eilân Atlantis derûnder strûpte. Eastlik fan Atlantis lei it kontinint Tuerje (Thuria), wêrfan't it noardwestlike part ferdield wie oer ferskate beskaafde keninkriken. It machtichste ryk út dy tiid wie Valusia. Buorlannen dêrfan wiene Commoria, Grondar, Kamelia, Thule en Verulia. De nammen Tuerje en Tuerysk Tiidrek komme nearne yn 'e ferhalen oer Kull fan Atlantis foar, mar waarden troch Robert E. Howard betocht doe't er yn 1932 Kull syn wrâld ferbûn mei it folle lettere Hyboarysk Tiidrek fan Conan de Barbaar, yn syn essay The Hyborian Age.

Kull[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Persoanlikheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kull wurdt troch Howard yn 'e oarspronklike ferhalen ôfskildere as in heldhaftige aventoersman, dy't foar neat en nimmen benaud is. Hy liket datoangeande hiel sterk op Howard syn lettere en bekendere personaazje Conan de Barbaar, mei it ferskil dat er yntrospektiver is. In oar ferskil is dat Conan in rokkejager is, dy't yn elts ferhaal wol wer in nije romantyske relaasje mei in oare tsjeppe frou hat of neistribbet. Fan Kull, lykwols, wurdt sa'n belangstelling foar froulju nea beskreaun, ek al is er ferkate kearen sydlings belutsen by de romantyske relaasjes fan oaren.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Kull syn tiid wurdt syn heitelân Atlantis bewenne troch ferskate barbaarske stammen. Hy wurdt berne as lid fan in stamme út 'e Tigerdelling, dy't útrûge wurdt by in hommelse oerstreaming as er noch mar in pjut is. Neitiid oerlibbet er jierrenlang as wyld bern yn 'e wyldernis, oant er finzen nommen wurdt troch de Seeberchstamme, dêr't er úteinlik as folweardich lid yn opnommen wurdt. Yn it ferhaal Exile of Atlantis skinkt in adolesinte Kull in flugge dea oan in frou dy't oars deabaarnd wurde sil op 'e brânsteapel. As straf foar dy genedigens wurdt er dêrnei troch de Seeberchstamme út Atlantis ferballe.

Wylst er besiket om Tuerje te berikken, wurdt Kull finzen nommen troch Lemueryske seerôvers, wêrnei't er ferskate jierren trochbringt as galeislaaf foar't er by in rebûlje op syn skip syn frijheid weromwint. As er om 'e tweintich jier hinne is, wurdt er sels in seerôver, wêrby't er troch syn feardichheden as fjochter en syn moed yn 'e striid opklimt ta kaptein fan syn eigen skip. Meitiid wurdt er berucht op 'e seeën om Atlantis en Tuerje hinne, mar yn in seeslach ferliest er sawol syn skip as syn bemanning.

Neitiid bejout Kull him nei Valusia, dêr't er in nij bestean op lân begjint as bandyt. It duorret lykwols net lang foar't de autoriteiten dêr in ein oan meitsje troch him finzen te nimmen. Hy wurdt foar de kar steld om 'e deastraf te krijen of gladiator te wurden. Kull kiest foar it lêste en wurdt in fierd fjochter yn 'e arena yn 'e Valusyske haadstêd, dêr't er meitiid frijkocht wurdt troch in stikmannich rike fans. Dêrop jout Kull him as hierling by it Valusyske leger en begjint er al rillegau troch de rangen op te klimmen.

Yn it ferhaal The Curse of the Golden Skull wurdt Kull, dy't dan sa stadichoan tsjin 'e tritich rint, troch kening Borna fan Valusia útstjoerd om 'e ambisjeuze tsjoender Rotath fan Lemuerje te elmininearjen. Nei syn súkses mei dy misje beneamt Borna him ta legeroerste oer de hierlingen. Sels is Borna in wreed tiran, wat ta ferset ûnder de Valusyske adel liedt dat inkele jierren letter oanboazet ta in iepen boargeroarloch. De hierlingen blike mear trou oan Kull te wêzen as oan 'e kening, dat as Kull de kant fan 'e opstannelingen kiest, is it mei it bewâld fan Borna gau dien. Hy deadet Borna en grypt dan sels de macht.

Kull ûntdekt lykwols al rillegau dat it makliker is om 'e macht te gripen as om dy te behâlden. Yn it ferhaal The Shadow Kingdom regearret er seis moannen en spanne de Valusyske eallju tsjin him gear. Neitiid kriget er noch te meitsjen mei ferskate ynterne en ekterne bedrigings fan syn regear. Troch gearspannende hôvelingen stiet syn troan en libben hast oan ien wei troch faai. Yn The Mirrors of Tuzun Thune is Kull mids fjirtich en wurdt er almar mear yntrospektiver en filosofysker. Op dat punt einigje de ferhalen. It úteinlike lot fan Kull bliuwt sadwaande ûnwis.

Understypjende personaazjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkele oare personaazjes keare yn ferskate ferhalen oer Kull werom. It bekendst is dêrfan Kull syn bûnsgenoat Brule de Speardeader wurden, in Pikt. Earste minister Tu is in trou bestjoerder, mar bringt Kull ek hieltyd wer de oan tradysje bûne wetten en wizânsjes fan Valusia yn 't sin. Ka-Nu (soms Kananu neamd), de Piktyske gesant yn Valusia, is in wize man dy't ferantwurdlik is foar de freonskip tusken Kull en Brule, nettsjinsteande de oerâlde fijânskip dy't bestiet tusken Atlanten en Pikten. Kull syn aartsfijân is de boasaardige tsjoender Thulsa Doom.

Publikaasjeskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus 1926 begûn Robert E. Howard te wurkjen oan it koarte ferhaal The Shadow Kingdom, dat er neitiid yn 'e simmer fan 1927 werskreau. Yn septimber fan dat jier bea er it oan by it pulpblêd Weird Tales. It waard oannommen en hy krige der $100 foar betelle, mear as er ea mei syn skriuwwurk yn ien kear fertsjinne hie. The Shadow Kingdom wie in eksperimint, wêryn't Howard eleminten fan horror fermong mei fantasy, mytology, histoaryske fiksje, romantyk, aventoerefiksje en swurdfjochterij. It waard in nije styl dy't earder net bestien hie, en dy't yn 'e 1960-er jierren, lang nei Howard syn ferstjerren, de namme 'sword and sorcery' krije soe: "swurd en tsjoenderij". The Shadow Kingdom waard yn 'e edysje fan augustus 1929 yn Weird Tales ôfprinte en lokke gâns loovjende reäksjes fan lêzers út. Howard skreau noch ferskate oare Kull-ferhalen, mar dy waarden op ien nei allegear ôfwiisd, sadat er it úteinlik mar oerjoech.

Oarspronklike Kull-ferhalen fan Robert E. Howard[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(op folchoarder fan publiksaasje)

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strips[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kull fan Atlantis waard nea sa populêr as dy oare kreaasje fan Robert E. Howard: Conan de Barbaar. Nettsjinsteande dat binne de ferhalen oer Kull neitiid ferskate kearen adaptearre ta strips en grafyske romans. Sa publisearre Marvel Comics tusken 1971 en 1985 trije stripsearjes oer him, mei dêropta yn 1989 de grafyske roman Kull: The Vale of Shadow. Yn 2006 kocht Dark Horse Comics de rjochten op Kull oan en publisearre de searje Kull. Yn 2012 publisearre Dark Horse fierders trije koarte searjes: Kull; Kull: The Hate Witch; en Kull: The Cat and the Skull. De âlde Marvel-strips oer Kull waarden bondele ta it fiifdielige The Chronicles of Kull en it twadielige The Savage Sword of Kull. Yn 2017 krige IDW Publishing de rjochten yn 'e hannen en sette útein mei de publikaasje fan 'e stripsearje Kull Eternal.

Ferfilming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997 waard de film Kull the Conqueror makke, mei akteur Kevin Sorbo yn 'e titelrol. It senario wie eins oarspronklik skreaun foar in Conan-film, mar waard ta in film oer Kull recycle. De plot wie foar it meastepart basearre op 'e Conan-roman The Hour of the Dragon, hoewol't der ek eleminten fan it Kull-ferhaal By This Axe, I Rule! yn sieten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.