Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Nendorp

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Nendorp
Nendorper Kirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plak Nendorp
koördinaten 53°18' N 7°18' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Ev.-Griff. Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boujier toer: 1754
tsjerke 1820
boustyl klassisisme
monumintale status Kultuermonumint
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Tsjerke fan Nendorp (East-Fryslân)
Tsjerke fan Nendorp

De Tsjerke fan Nendorp (Dútsk: Nendorper Kirche) is in protestantsk-grifformearde tsjerke yn Nendorp yn 'e Eastfryske gemeente Jemgum. It klassisistyske tsjerkegebou waard yn 1820 boud, wylst de klokketoer út 1754 stamt.

Nendorp waard om 1325 hinne foar it earst as "Nyendarp" neamd ("nij doarp"). Oant 1593 foel de parochy ûnder de proasdij Hatzum yn it bisdom Múnster. Yn dat jier hie Nendorp foar it earst in dûmny, dy't lykwols luthersk wie. In pear jier letter waard de lutherske dûmny ôfset en de grifformearde lear ynfierd. Om 1610 hinne sette de bou útein fan 'e earste eigen houten tsjerke. Ut dy earste tsjerke stamt de preekstoel fan 1611. Yn 1610 folge de earste fiering fan it nachtmiel en Nendorp waard in selstannich tsjerkedoarp.

Oargel.

Doe't yn it pestjier 1666 in soad East-Fryske tsjerken it sûnder dûmny dwaan moasten, waarden út oare gebieten nije dumny's beroppen. Nendorp krige doe de út Nijmegen ôfkomstige Petrus Dittelbach, dy't ûnder ynfloed fan 'e labadisten stie. Hy wurke oant 1676 yn 'e gemeente en skreau ferskillende pamfletten, wêrmei't er yn konflikt mei oare Eastfryske dûmny's kaam. Yn 1676 lei er syn amt yn Nendorp del en ferhûze er nei it labadistenkleaster yn Wiuwert. Nei't Dittelbach yn Wiuwert mei de labadisten striid krige oer saken lykas it houlik en it grutbringen fan bern, briek er mei de sekte en ferhûze er mei de hûshâlding nei Amsterdam, om dêr de striid mei labadisten oan te gean. Mar ek yn Amsterdam krige Dittelbach it mei de tsjerklike autoriteiten oan 'e stôk.[1]

Yn 1754 waard west fan 'e tsjerke in bakstiennen toer boud, dy't eartiids frij stie. Rillegau dêrnei waard yn 1820 in rjochthoekige sealtsjerke boud.

De preekstoel komt út de âlde tsjerke en waard yn 1611 makke. It ynterieur is fan in tonferwulft oerkape. Oan 'e muorre is út Psalm 145:18 Der Herr ist nahe allen, die ihn anrufen skreaun.

Under it nachtmielsreau fan 'e tsjerke is in beker út 1668, in bôleskaal út 1811 en in kanne út 1818. De âlderdom fan de doopskaal is net bekend.

It oargelposityf waard yn 1963 troch Alfred Führer út Wilhelmshaven boud en besit fiif registers ferdield oer ien manuaal en oanhongen pedaal. Yn 1998 kocht de gemeente it oargel oan.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.