Labadisten

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jean de Labadie

De Labadisten wienen yn de 17e iuw in Nederlânske piëtistyske godtsjinstige sekte. Jean de Labadie wie harren ynspirator. Hy wie in earder jezuyt, dy't as predikant fan de Waalske tsjerke fan Middelburch stribbe nei in suvere tsjerke fan allinne wiere leauwigen. Hy waard út syn amt set yn 1669 en sammele dêrnei yn Amsterdam in groep oanhingers om him hinne. Ek op syn hichtepunt hie de streaming noch gjin 400 oanhingers. Under de Labadisten wie in tal tige bejeftige minsken, ûnder oaren Anna Maria van Schurman, Maria Sibylla Merian en Hendrik fan Deventer. De Ingelske filosoof John Locke brocht de groep in besite yn Wiuwert op 22 augustus 1684. De quaker William Penn, de stichter fan de Amerikaanske steat Pennsylvania, publisearre in ferslach oer syn besite oan de Labadisten.

De Labadisten hawwe in skoft troch Nederlân en it Dútske ryk reizge om in fêst wenplak te finen. Uteinlik bedarren sy op de bûtenpleats Walthastate yn Wiuwert. Yn de kelder fan de tsjerke dêre binne in stikmannich mummys bewarre bleaun, faaks binne der ek Labadisten by.

Punten út harren leauwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De labadisten sochten fral nei de oanwêzigens fan God yn de minske en leinen net bot klam op de Hillige Skrift. Sy libben yn in mienskip en joegen har besit oer ta foldwaan fan de groep, lykas ek yn it iere kristendom. Sy beskôgen de tsjerke as leauwigen dy't frij fan sûnde werberne wienen. It nachtmiel waard net faak holden; sy moasten neat hawwe fan de bernedoop en hienen gjin strange regels wat de sneinsrêst oanbelanget. In houlik mei in net-werberne persoan waard net as binend beskôge.

Fersprieding en de ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sekte hat him ein 17e iuw ferspraat. Yn 1683 ferfarren guon leden naar Maryland en nei Suriname dêr't in plantaazje, mei de namme La Providence stichte waard. De plantaazje lei op leafst fjirtich oeren roeien fan Paramaribo. De Labadisten mochten harren yn Suriname festigje meidat trije net troude susters fan gûverneur Cornelis van Aerssen van Sommelsdijck by de sekte sieten. By dejingen dy't harren yn Suriname festigen wie ek Maria Sibylla Merian. Sy studearre dêr ûnder mear op tropyske ynsekten. De plantaazje yn hold it net lang út. In soad nijkommers stoaren oan malaria. Yn Wiuwert kamen de swierrichheden doe't Hendrik fan Deventer de mienskip ferliet, meidat dy ôfhinklik wie fan it jild dat de ferkeap fan troch him makke medisinen opsmiet. Yn 1732 kaam foarfêst in ein oan de Labadistyske mienskip yn Wiuwert.