Springe nei ynhâld

The Phantom 'Rickshaw and Other Tales

Ut Wikipedy
The Phantom 'Rickshaw and
Other Tales
De earste edysje, út 1888.
De earste edysje, út 1888.
algemiene gegevens
auteur Rudyard Kipling
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
1e publikaasje 1888, Allahabad
oarspr. útjwr. A.H. Wheeler & Co.

The Phantom 'Rickshaw and Other Tales, wêrfan't allinne de earste edysje ferskynde ûnder de titel The Phantom 'Rickshaw and Other Eerie Tales, is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Britske skriuwer Rudyard Kipling (1865-1936). De titel betsjut: "De Spûkriksja en Oare Ferhalen" (earste edysje: "De Spûkriksja en Oare Grizelferhalen"). (De apostrof foar it wurd riksja yn 'e titel tsjut de oarspronklike foarm jinrickshaw oan.) De bondel waard foar it earst publisearre yn 1888, troch de boekhannel anneks útjouwerij A.H. Wheeler & Co. te Allahabad yn Britsk-Ynje. The Phantom 'Rickshaw and Other Tales omfiemet fjouwer koarte ferhalen, wêrfan't it bekendste The Man Who Would Be King is.

The Phantom 'Rickshaw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er in relaasje hân hat mei de widdo Agnes Keith-Wessington, yn it Britsk-Yndyske Simla, tanket Jack, de ferteller fan it ferhaal, har ôf, en ferlovet er him mei juffer Kitty Mannering. Frou Wessington lit it der lykwols net by sitte, en dûkt oanhâldend op om Jack te smeekjen en betink him. Jack, lykwols, hat syn sinnen set op Kitty, en wol neat mear fan frou Wessington witte. As frou Wessington úteinlik stjert, komt dat foar Jack as in opluchting.

In skoftke letter sjocht er yn 'e stêd lykwols har riksja riden. Earst giet er derfan út dat dy nei har dea ferkocht wêze moat en no in oarenien ferfiert, mar dan sjocht er ta syn ferbjustering dat de riksja en de manlju dy't it fiertúch lûke, dwers troch in hynder hinne geane. Jack beseft dat er spûken sjocht, en dat de riksja de geast fan 'e ferstoarne frou Wessington befetsje moat. It bliuwt net by ien kear; Jack sjocht de spûkriksja hieltyd wer, en dat liedt derta dat er him nuver begjint te hâlden en dragen. As Kitty dêr erchtinkend oer wurdt, besiket er syn gedrach te behimmeljen mei hieltyd yngewikkelder leagens.

Uteinlik bedarret Jack by in dokter Heatherlegh, dy't er freget him te helpen om't er mient dat syn sjen fan spûken it gefolch is fan in lichaamlike of geastlike sykte. Nettsjinsteande alle krewearjen fan Jack en dokter Heatherlegh om it spul yn 'e stokken te hâlden, wurde Kitty en har famylje almar erchtinkender, en úteinlik ferbrekt se de ferloving. Jack ferliest dan alle hope en begjint doelleas troch de stêd te doarmjen, dêrby beselskippe troch de spûkriksja mei de geast fan frou Wessington.

My Own True Ghost Story

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nammeleaze ferteller bringt de nacht troch yn in bungalow yn Katmal, yn Britsk-Ynje, as er lju yn 'e oangrinzgjende keamer biljert spyljen heart. Hy giet derfan út dat it om in groep dragers giet dy't er earder arrivearjen sjoen hat. Der wurdt lykwols sa'n leven makke dat er der lêst fan hat, en de oare moarns giet er nei de eigner fan 'e bungalow ta om te kleien. De eigner fertelt him lykwols dat de ôfrûne nacht nimmen yn 'e oangrinzgjende keamer ferbleaun hat. Mar hy seit derby dat de bungalow oant tsien jier tefoaren in biljerthal wie. In yngenieur dy't graach syn frije tiid yn 'e biljerthal trochbringe mocht, wie neitiid fier fuort kommen te ferstjerren, en de eigner fermoede dat it de geast fan dy man wie, dy't út en troch in besite bringt oan 'e bungalow.

The Strange Ride of Morrowbie Jukes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op in jûn dat Morrowbie Jukes, in Ingelsman yn Britsk-Ynje, him wat koartsich fielt, ergeret er him oan it blaffen fan hûnen bûten syn tinte. Hy klimt op syn hynder om 'e hûnen te ferjeien, mar it hynder rekket op 'e rin, en úteinlik falt Jukes mei hynder al yn in sânich ravyn oan 'e igge fan in rivier, en rekket er bewusteleas. As er de oare moarns op 'e boaiem fan it ravyn wekker wurdt, ûntdekt er dat er him yn in delsetting fan 'e 'libbene deaden' befynt, dêr't lju hinne stjoerd wurde dy't stoarn lieken te wêzen, bygelyks oan goalera, mar dy't wer bykamen doe't de djipdrôven op it punt stiene om wat se tochten dat in stoflik omskot wie, te kremearjen. Om't sokken dúdlik boppenatuerlike krêften hawwe, wurde se opsletten yn dizze delsetting.

Jukes is wisberet om fuort, mar hy ûntdekt al gau dat de sânige skeanten fan it ravyn ûnbeklimber binne. En de rivier is dûbeld ferriedlik, mei stikken driuwsân en in wachter mei in gewear dy't eltsenien deasjit dy't besiket te ûntsnappen. Jukes ken ien oare man yn 'e delsetting wer, in hindoepreester dy't Gunga Dass hjit. Dy is yn dit tichthûs folslein ûnmeilydsum wurden, hoewol't er Jukes wol mei-ite lit fan syn miel fan deade krie. [In literêre ferwizing fan Kipling nei it Ingelske sprekwurd eating crow, dat "it foar sûker opite" betsjut.]

Uteinlik ûntdekt Jukes dat hy net de earste Ingelsman is dy't yn 'e delsetting finzen rekke is: der hat in oaren west dy't hjir stoarn is. Op it lyk fan dy man fynt er in bryfke mei oantekenings oer hoe't men feilich tusken it driuwsân troch komme kin. Nei't Jukes Gunga dêroer fertelt, bychtet dy op dat hy de Ingelsman fermoarde hat út eangst dat dy him hjir efterlitte soe. Se meitsje plannen om dy jûns te ûntsnappen, as de gewearskutter harren troch it tsjuster net sjen kin. As it safier is, slacht Gunga Jukes lykwols bewusteleas, en ûntsnapt sûnder him. Mar koart nei't Jukes wer by besleur komt, wurdt er ûntdutsen troch de jonge dy't syn hûnen fersoarget, en dy lit in tou sakje om him út it ravyn te skuorren.

The Man Who Would Be King

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Man Who Would Be King (koart ferhaal).

De ferteller, in sjoernalist, komt ûnderweis yn 'e kunde mei twa oan legerwâl rekke Ingelsen yn Britsk-Ynje, Daniel Dravot en Peachy Carnehan. Letter sykje dyselden him op yn it kantoar fan syn krante yn Lahore, om him te freegjen oft se syn boeken ynsjen meie oer Kafiristan, in ôfhandige úthoeke fan Afganistan. De beide mannen hawwe nammentlik it plan opfette om harsels ta keningen oer Kafiristan te meitsjen. De ferteller liket dat wol nei fleanen, mar hy kin it harren net ûntprate.

Inkele jierren letter keart Carnehan werom en docht de ferteller tynge fan wat hy en Dravot yn Kafiristan belibbe hawwe. It slagge harren yndie om dêr kening te wurden, en Dravot waard sels in skoft sjoen as in god. Mar doe't er besleat in lânseigen fanke ta frou te nimmen, rûn it allegear mis. Doe't Dravot it deabenaude famke tútsje woe, biet se him dat er blette. De preesters besleaten doe dat er gjin god wêze koe (want goaden bliede net). Dravot waard yn in djippe kleau smiten en sloech tepletter tsjin 'e rotsen op 'e boaiem, wylst Carnehan tramtearre en letter frijlitten waard. Yn in sek draacht er no de ôfhoude holle fan Dravot by him, mei de goudene kroan der noch op. Carnehan is lykwols in brutsen man yn lichem en geast, en komt inkele dagen letter te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kipling, Rudyard, The Phantom 'Rickshaw and Other Tales, Allahabad, 1888 (A.H. Wheeler & Co.), sûnder ISBN.