Springe nei ynhâld

The Next Three Days

Ut Wikipedy
The Next Three Days
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Haggis
produsint Michael Nozik
Olivier Delbosc
Paul Haggis
Marc Missonnier
senario Paul Haggis
basearre op Pour Elle fan Fred Cavayé
   en Guillaume Lemans
kamerarezjy Stéphane Fontaine
muzyk Danny Elfman
filmstudio Lionsgate Films
Highway 61 Films
Fidélité Films
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Russell Crowe
Elizabeth Banks
byrollen Brian Dennehy
Lennie James
Aisha Hinds
Jason Beghe
Olivia Wilde
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Frankryk
premiêre 9 novimber 2010
foarm langspylfilm
sjenre skrillerfilm
taal Ingelsk
spyltiid 133 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $67,4 miljoen

The Next Three Days is in Amerikaansk-Frânske skrillerfilm út 2010 ûnder rezjy fan Paul Haggis, mei yn 'e haadrollen Russell Crowe en Elizabeth Banks. De titel betsjut "De Folgjende Trije Dagen" (de film begjint mei in sêne middenyn, en is dêrnei ferdield yn "de ôfrûne trije jier" en "de folgjende trije dagen"). De film is in remake fan 'e Frânske film Pour Elle fan Fred Cavayé en Guillaume Lemans, dy't yn 2008 útkaam. It ferhaal giet oer in frou dy't ûnskuldich ta libbenslang feroardiele wurdt foar moard. Har man rekket obsedearre troch it idee om har te befrijen. The Next Three Days krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in hiel beskieden kommersjeel súkses.

John en Lara Brennan binne in lokkich troud pear yn Pittsburgh mei in jonge soan, Luke. Op in dei kriget Lara heechoprinnende rûzje mei har froulike baas, mei wa't se altyd min kinnen hat. Dy jûns hat se in min sin as sy en John in itentsje hawwe mei John syn broer Mick en de frou. Nei't se thúskommen binne, bedriuwe sy en John de leafde. De oare moarns, as se (mei tsjinnichheid) wer nei har wurk sil, ûntdekt Lara in bloedplak yn har jas. Wylst se de jas ûnder de kraan hâldt om it plak derút te spielen, falt de plysje it hûs binnen om har te arrestearjen foar de moard op har baas.

It docht bliken dat Lara har baas dea oantroffen is op it parkearterrein fan har bedriuw. Se is de holle ynslein mei in brânblusser dêr't Lara har fingerôfdrukken op oantroffen binne. In kollega fan Lara seach har boppedat yn 'e auto by it stoflik omskot fan har baas wei riden en it bloed fan it plak op har jas blykt ek fan har baas te wêzen. Lara wurdt feroardiele foar moard en kriget libbenslange finzenisstraf oplein. John besiket har yn it tichthûs, en nimt Luke mei, mar it jonkje begjint syn mem te negearjen. Nei't it heger berop trije jier letter ôfwiisd is, besiket Lara selsmoard te dwaan troch har polzen troch te snijen. John is derfan oertsjûge dat syn frou ûnskuldich is, en nei har besykjen ta selsmoard rekket er obsedearre mei it idee om har út 'e finzenis te brekken.

John docht ûndersyk fia it ynternet. Dêr fynt er in boek fan in Damon Pennington, in man dy't sân kear út 'e finzenis ûntsnapt is. Hy siket him op yn in kroech en befreget him oer syn ûnderfinings. Pennington seit tsjin him dat er himsels ôffreegje moat oft er immen wêze kin dy't in brekber âldwyfke omtriuwt of in plysje delsjit om te ûntkommen, want as er dat net kin, hoecht er der net iens oan te begjinnen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

John lit him lykwols net fan it stik bringe, en begjint de algemiene ynformaasje dy't Pennington him jûn hat, dat eltse finzenis wol in swak plak hat, yn 'e praktyk te bringen. Hy bestudearret de rûtinemjittige hannelings fan 'e sipiers yn 'e finzenis, ferkent ûntsnappingsrûtes en hâldt temûk yn 'e rekken wat der de finzenis yn- en útbrocht wurdt. Ek keapet er in pistoal, wat yn 'e Feriene Steaten in simpel gefal is fan in besykje oan 'e wapenwinkel. Spesifike ynformaasje hellet er noch hieltyd fan it ynternet, dêr't er bygelyks fan in ynstruksjefilmke op YouTube leart hoe't er in loperkaai meitsje moat.

Syn syktocht nei immen dy't him ferfalske paspoarten ferkeapje kin, pakt John oan troch dêrnei te fernimmen by drugsdealers. Dat komt him op in berôving mei mishanneling te stean as er de ferkearde man fertrout. Letter nimt in oarenien lykwols út himsels kontakt mei him op, nei't er heard hat dat John ferlet hat fan ferfalske identiteitspapierren. Underwilens ferkeapet John syn meubilêr en oare besittings en set er ek it hûs te keap. As er by in besyk oan 'e finzenis syn selsmakke loper prebearret en de kaai ôfbrekt yn it slot, wurdt er op in hier nei pakt. Koarte tiid letter kriget er te hearren dat Lara, no't har heger berop neat opsmiten hat, oer trije dagen oerpleatst wurde sil nei in finzenis yn in hiel oar diel fan it lân. Dat bringt in wanhopige John derta om syn plannen foar har befrijing fuortendaliks yn 'e praktyk te bringen.

It twingt him ek om drastyske maatregels te nimmen, want hy hat in protte jild nedich foar de flecht fan syn gesin nei it bûtenlân, en syn hûs kin binnen trije dagen net ferkocht wurde. John wol in bank berôvje, mar klaut op it lêste momint tebek. Ynstee folget er by nacht in pleatslike drugsdealer as dy nei syn baas ta riidt om it fertsjinne jild ôf te leverjen. John kringt it hûs yn en berôvet de drugsbaas. As dy in pistoal grypt en him ûnder fjoer nimt, sjit John werom en deadet him. De drugsdealer dy't er folge hie, is by de sjitpartij swierferwûne rekke troch de kûgels fan syn baas, en hy smeket John om him nei it sikehûs te bringen. John laadt him yn 'e auto en stiet yn twastriid oer wat er dwaan moat, mar de man ferstjert ear't er sels mar yn 'e neite fan it sikehûs komme kin, sadat John ferlost wurdt fan syn drege kar. Hy lit it stoflik omskot fan 'e man efter op it bankje fan in bushalte.

Dy nachts bringe John en Luke by John syn âlden troch. John syn heit George treft yn in beurs dy't út John syn rêchsek stiket trije fleantickets nei in beskaat lân oan. Hy begrypt wat der geande is, en ek dat er John en syn gesin nei alle gedachten nea weromsjen sil. Hy seit lykwols neat, ek net tsjin John syn mem, dy't net yn Lara har ûnskuld leaut. De oare moarns begjint John syn befrijingsplan mei it stellen, ferfalskjen en weromlizzen fan in bloedûndersyk fan Lara, dy't sûkersykte hat, sadat it wiist op in steat fan hyperkaliëmy. As de finzenisdokter dat sjocht, wol se kontakt opnimme mei it ynstitút dat it ûndersyk útfierd hat, mar dêr hat John alle tillefoanlinen trochknipt, dat se kriget gjin gehoar. Dêrop lit se Lara foar de wissichheid mei tûzen hasten nei it sikehûs oerbringe, wat John syn befrijing in stik makliker makket. Hy lit Luke efter op in jierdeisfeestje by in freondintsje, fan wa't er de mem, Nicole, kennen leard hat by syn besykjes mei Luke oan 'e pleatslike boarterstún.

Underwilens folgje resjersjeurs Nabulsi, Quinnan en Collero, deselden dy't trije jier lyn Lara arrestearre hawwe, de oanwizings dy't se by it heal útbrânde drugshûs fûn hawwe werom nei John syn auto. As se hûssiking dogge, treffe se in fierhinne leech hûs oan, en in jiskefet dat folsit mei ferskuorde plattegrûnen, lânkaarten en bryfkes mei oantekenings. Se konkludearje dat John besykje wol om syn frou te befrijen. Harren warskôging oan it sikehûs komt lykwols te let, mei't John dêr al sûnder swierrichheden de bewekkers oer it mad kommen is. Syn grutste probleem is om Lara, dy't net mei wol, te bepraten om mei te wurkjen, wêrfoar't er emosjonele sjantaazje brûkt troch te sizzen dat harren soan dan mar allinnich efterbliuwe moat, want John sels sil no perfoarst ek yn 'e finzenis komme.

Tegearre witte John en Lara it sikehûs te ûntflechtsjen en de tahastige plysje te ûntwiken. As se lykwols Luke ôfhelje sille, ûntdekke se dat Nicole de bern op it jierdeisfeestje meinommen hat foar in besykje oan 'e dieretún. John konkludearret dat se Luke efterlitte moatte, om't se mar in beheinde mjitte fan tiid hawwe foar't de plysje hiel Pittsburgh ôfsletten hat. Ienris bûten de stêd besiket Lara lykwols op 'e nij selsmoard te dwaan troch harsels midden op 'e autosnelwei út 'e ridende auto falle te litten, eat dat John mar op it nipperke wit foar te kommen. Nei't se oan 'e kant fan 'e dyk wat bekommen binne, ride John en Lara sûnder dat it nedich is om dêroer te praten, werom nei Pittsburgh, dêr't se yn 'e dieretún Luke ophelje. Nicole, dy't John en Luke nei de útgong fan 'e dieretún folget, sjocht hoe't yn John syn auto in ûnbekende frou Luke oankrûpt. Mei't se wit dat Luke syn mem yn 'e finzenis sit, en om't John him hjoed planút nuver holden en droegen hat, beseft se wat der oan 'e hân is, mar se giet werom nei de oare bern en bemuoit har der fierder net mei.

Tsjin dy tiid hat de plysje Pittsburgh hermetysk fan 'e bûtenwrâld ôfsletten. Omreden fan klachten fan 'e boargemaster oer de ynfloed fan 'e resultearjende filefoarming op 'e ekonomy krije de plysjes opdracht om inkeld auto's oan te hâlden dêr't in man en in frou tegearre yn sitte of mei inkeld in lyts jonkje by har. John is harren te fluch ôf troch by it treinstasjon, dêr't persoanskontrôles de boel ek ophâlde, in lift oan te bieden oan in âlder troud pear dat deselde kant út moat as hy. Foar de plysjes by de kontrôlepunten liket de auto sadwaande in hiele famylje te befetsjen fan twa âlden mei harren soan en pake en beppe derby. By Buffalo (New York) sette se it troud pear ôf en ride dan de grins oer nei Kanada.

De plysje yn Pittsburgh hat ûnderwilens de ferskuorde oantekenings fan John útsocht en konkludearre dat er nei Haïty ta wol. Alle lofthavens yn Pennsylvania en de oanbuorjende Amerikaanske steaten en teffens yn 'e Kanadeeske provinsjes Ontario en Kebek krije de opdracht om fleantugen nei Haïty tsjin te hâlden, mar John, Lara en Luke wurde net ûntdutsen. It docht bliken dat John de kaarten en oantekenings mei opsetsin efterlitten hat om in eventueel plysje-ûndersyk te mislieden. Yn wurklikheid giet er mei wiif en bern oan board fan in flecht nei Caracas, yn Fenezuëla. Dêr oankommen geane Lara en Luke tegearre op in bêd yn harren hotelkeamer lizzen. Luke tutet syn mem op 'e foarholle en falt yn 'e sliep.

Werom yn Pittsburgh sit de hiele saak resjersjeur Quinnan dwers. Tegearre mei syn partner Collero keart er werom nei it plak delikt dêr't de baas fan Lara trije jier lyn fermoarde is. Yn in flashback wurdt toant wat dêr trije jier lyn bart is:

Lara har baas wurdt by har auto op it parkearterrein opwachte troch in jonge frou dy't dakleas of drugsferslave is of allebeide. Dy slacht har fuortendaliks mei de brânblusser de harsens yn en stelt har beurs. Fuort dêrnei komt Lara der oan, dy't by de yngong fan it parkearterrein tsjin 'e oerfalster opbotst. Sûnder dat se der sels erch yn hat, bringt dat in bloedplak op har jas oer. Tagelyk heart se in knoop fan 'e jas fan 'e oerfalster springen. Lara sjocht it lyk fan har baas net lizzen, om't dat tusken de auto's yn leit, oan 'e lofterkant fan har eigen en de rjochterkant fan 'e auto fan har baas. De fuortsmiten brânblusser is ûnderwilens foar Lara har auto rôle, dat se pakt it ding op en set it oan 'e kant. Se stapt yn en riidt fuort, wêrby't se in kollega foarbykomt dy't op datselde momint it parkearterrein op rint. Hy sjocht (no't Lara har auto it sicht net mear blokkearret) daliks it lyk fan 'e baas lizzen.

As Quinnan en Collero it plak delikt besykje, reint it dat it miicht. Quinnan komt tebinnen dat it de jûns fan 'e moard ek sa wiet wie. Hy freget him ôf oft Lara dochs net de wierheid sprutsen hat. Stel dat de knoop fan 'e oerfalster, dy't nea weromfûn is, fuortspield is troch it reinwetter. Hy lit in stikje papier yn in plasse falle en folget it as it fuortspield wurdt nei in rioelputsje. Mei help fan Collero lûkt er it roaster omheech en fielt by de râne lâns, mar fynt neat. Wylst se it roaster wer te plak lizze en har ôfjouwe sûnder wat bedijd te hawwen, spielt de rein trije jier fan opheape smoargens fan in knoop ôf dy't Quinnan krekt mist hat. De knoop falt yn it rioelputsje.

Russell Crowe.
Elizabeth Banks.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
John Brennan Russell Crowe
Lara Brennan Elizabeth Banks


byrollen
personaazje akteur/aktrise
George Brennan Brian Dennehy
resjersjeur Nabulsi Lennie James
resjersjeur Collero Aisha Hinds
resjersjeur Quinnan Jason Beghe
Nicole Olivia Wilde
Luke Brennan Ty Simpkins
Grace Brennan Helen Carey
Damon Pennington Liam Neeson
Meyer Fisk Daniel Stern
Alex Gaidar Kevin Corrigan
Mike Tyrone Giordano
David Jonathan Tucker
brigadier Harris Allan Steele
Mouss RZA
Harv James Ransome
Erit Moran Atias
Mick Brennan Michael Buie
dokter Byrdie Lifson Trudie Styler
Luke Brennon (3 jier) Tyler M. Green & Toby J. Green
Julie Kaitlyn Wylde

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Next Three Days waard regissearre troch Paul Haggis nei in senario dat er sels skreaun hie op basis fan 'e Frânske film Pour Elle, út 2008, fan Fred Cavayé en Guillaume Lemans. Dy film hie fierhinne deselde plot, útsein dat dêr fan it begjin ôf oan dúdlik wie dat de frou fan 'e haadpersoan ûnskuldich is, wylst dat yn Haggis syn film oan 'e ein ta dizenich holden wurdt. Neffens Haggis sels giet The Next Three Days oer de fraach oft jo de frou fan wa't jo hâlde, rêde soene, as jo dêrfoar in persoan wurde moatte soene fan wa't sy net mear hâlde kin.

De film waard produsearre troch Michael Nozik, Olivier Delbosc, Haggis sels en Marc Missonnier foar de studio's Lionsgate Films, Highway 61 Films en Fidélité Films. Foar The Next Three Days wie in budget fan $30 miljoen beskikber. De kamerarezjy waard dien troch Stéphane Fontaine, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Danny Elfman. De opnamen setten begjin oktober 2009 útein op lokaasje yn Pittsburgh, en duorren 52 dagen. De lêste filmdei wie 12 desimber.

De distribúsje fan The Next Three Days waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 9 novimber 2010 yn New York yn premiêre en iepene dêrnei op 19 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen.

The Next Three Days krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Yn it tydskrift Entertainment Weekly fûn Lisa Schwarzbaum it in goede film. It sterkste punt omskreau se as: "it opwekjen fan eskalearjende weagen fan spanning en mislieding yn 'e plot as John, op advys, de befrijing [fan syn frou] út 'e finzenis tariedt." De foaroansteande kritikus Roger Ebert kende de film lykwols mar 21/2 fan 4 stjerren ta, en skreau: "The Next Three Days is net in minne film; it is gewoan wat in fergriemen fan talint dat better brûkt wurde kinnen hie."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Next Three Days in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 165 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Russell Crowe en Elizabeth Banks dogge harren uterste bêst, mar harren aktearprestaasjes, dêr't gjin lek of brek oan is, binne net alhiel genôch om te kompinsearjen foar it ûngelikense tempo fan 'e film of de ûnoannimlike plot." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Next Three Days in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 36 resinsjes.

The Next Three Days brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $21,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $46,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $67,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $37,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dat makke fan The Next Three Days in hiel beskieden kommersjeel súkses.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.