Subarktis
De subarktis of boreäle sône is in regio fan it noardlik healrûn fan 'e Ierde dy't yn Noard-Amearika en Jeraazje direkt besuden de arktis (oftewol it Noardpoalgebiet) leit. Oan 'e súdkant wurdt de subarktis begrizge troch de fochtige kontinintale hemiboreäle sône. It meastepart fan 'e subarktis is begroeid mei de taiga (of it boreaal wâld), in sône fan útstrutsen nullewâlden. Der besteane ferskate definysjes foar wat krekt de subarktis is, mar oer it algemien wurdt ornearre dat it giet om 'e regio tusken de 50° en 70° noarderbreedte. Seizoenale ferskillen yn deiljocht binne dêr tige ekstreem, mei't it der winterdeis suver nea ljocht wurdt, wylst de sinne der by 't simmer hast net ûndergiet.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der besteane ferskate definysjes fan hokker gebieten ta de subarktis hearre. Yn 'e breedste definysje kinne dielen fan 'e folgjende lannen en territoaria derta rekkene wurde:
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e subartktis komt de trochsneed temperatuer teminsten ien moanne yn it jier en maksimaal trije moannen yn it jier boppe de 10 °C út. Der is net in protte delslach om't de kâlde lucht der net in protte focht befettet, mar it is ek wer gjin drûge krite. Wat waarmer de tiid fan 't jier, wat mear delslach der ornaris falt, mei in simmermaksimum dat yn Noard-Amearika tuskenbeiden is en yn it Russyske Fiere Easten ekstreem. Gletsjers komme yn beskate dielen fan 'e subarktis in protte foar, mar binne net grut fanwegen it brekme oan delslach yn it winterhealjier.
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It meastepart fan 'e subarktis is oerdutsen mei de fegetaasjesône fan 'e taiga oftewol it boreaal wâld, benammen yn Alaska, Kanada, Finlân, Jeropeesk Ruslân, Sibearje en Hokkaido. De taiga bestiet benammen út nullewâlden, mei't leafbeammen net goed oer de lange strange winters kinne. De leafbeammen dy't der binne, lykas bjirken en wylgen, bliuwe dêrom lyts en fersille. Yn dielen fan 'e subarktis mei in mylder klimaat, lykas sintraal Noarwegen, komt wol mingd wâld foar. Yn dielen fan 'e subarktis mei in stranger klimaat, lykas Iislân en súdlik Grienlân, groeie suver hielendal gjin beammen. Datselde jildt foar kriten dêr't de grûn it jier rûn te wiet bliuwt foar beammegroei, wat benammen yn dielen fan Alaska, Kanada en Sibearje foarkomt. Dêr is in feantich krûdetek de meast foarkommende foarm fan plantegroei, dy't dominearre wurdt troch gerzen en siggen.
Wat de fauna oanbelanget, binne der yn 'e subarktis net sa'n protte ûnderskate grutte lânbisten. De wichtichsten binne de brune bear (Ursus arktos), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de Aziatyske swarte bear (Ursus thibetanus), de grize wolf (Canis lupus), de eland (Alces alces) en it rindier (Rangifer tarandus). Lytsere rôfdieren binne û.o. ferskate martereftigen, lykas de fiskmarter (Pekania pennanti) en de Amerikaanske marter (Martes americana) yn Noard-Amearika en de Sibearyske wezeling (Mustela sibirica) en de sabelmarter (Martes zibellina) yn Sibearje, en de warch (Gulo gulo), de harmeling (Mustela erminea) en de wezeling (Mustela nivalis) yn sawol Noard-Amearika as Jeraazje.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan 'e subarktis bestie iuwenlang benammen út pelsjacht en fiskerij. Pas geandewei de tweintichste iuw waarden de grutste subarktyske gebieten yn Noard-Amearika en Sibearje ûntsletten. Mei't der frijwol gjin wegen oanlein binne, giet ek tsjintwurdich noch in grut diel fan it ferfier der troch de loft, yn priveefleantúchjes of helikopters. Simmerdeis is ferfier oer it wetter, yn rivierboaten, in alternatyf, wylst winterdeis, as de rivieren stiif tichtferzen binne, wol gebrûk makke wurdt fan saneamde iiswegen: troch mei frachtweinen guod te transportearjen oer rivieren. Gruttere delsettings yn it gebiet binne foar it meastepart stifte foar mynbou. Resint is ek it toerisme wichtich wurden foar de pleatslike ekonomy. Swierrichheden dêr't men op in protte plakken yn 'e subarktis mei te stellen hat, binne oerbejaging, oerbefisking, miljeufersmoarging troch de mynbou en klimaatferoaring.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|