Strjitten yn Hurdegaryp
Appearance
De Strjitten yn Hurdegaryp:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
De strjitten yn Hurdegaryp binne ûnder oare neamd nei histoaryske nammen en fûgelnammen mar ek nei mei de fleanbasis Ljouwert yn ferbân steande nammen. In soad hurdegarypsters wurkje dêr:
- 't Oare Ein -
- Anthony Fokkerstrjitte - nei de loftfeartpionier Anthony Fokker
- Bodaanstrjitte - luitenant-fleander Antonie Hubertus Bodaan († Waalhaven, Rotterdam, 1940)
- Boargemaster Drijberwei - S.B. Drijber wie boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Hy wie destiids tsjinstanner fan it befluorjen fan dizze wei. De wei hiet eartiids Sinteldyk of Nije Wei.
- Buorren de winkelstrjitte
- De Bolle - in stik lân yn it Reidlânsfeartgebiet hiet De Bolle.
- De Horst - in hoarst is in nêst fan in rôffûgel
- De Koarte Baan - hjir wie eartiids in draafbaan foar hynders. It wie ek sportfjild en it plak fan de merke.
- De Ljurk - nei de fûgel ljurk
- De Petten - súd fan it doarp lizze petgatten út de tiid fan de feanterij
- De Skries - in skries is in greidefûgel.
- De Strânljip - de strânljip is in waadfûgel
- De Streek -
- De Wâl -
- Doorloop -
- Dowetille - fûgelferbliuw foar post- en sierdowen.
- Dr Plesmanstrjitte - Albert Plesman, (7 septimber 1889 - 31 desimber 1953) wie Nederlânsk loftfeartpionier en mei-oprjochter fan de KLM.
- Easter Omwei - nei de rûnwei om Hurdegaryp
- Eibertsnêst - nei it nêst fan earrebarre
- Einekoai - yn in einekoai waarden wylde einen fong
- Falkejacht - de jacht op falken
- Foksegatten - iepenings nei in hoale foar foksen
- Foksenburcht - in hoale foar foksen
- Fûgelweide - greide fan net al te bêste grûn dêr't neist de kij ek in soad fûgeltsjes sieten.
- Fuormanderij - earder siet hjir de foeraazjehannel fan Jabik de Ham. Hy hie in hannel yn strie en hea en oar feefoer. Boppedat hied er in boadetsjinst op Ljouwert. Sa koe in fracht sân besteld wurde dy't De Ham dan mei hynder-en-wein thúsbrocht. Hy ried ek mei de lykkoets fan it doarp dy't makke is troch de Hurdegariper weinmakker Eske de Vries.
- Gaelekamp - namme fan trije strjitten en dwersstrjitsje. Se lizze east fan it eardere "Galeslot"
- Hazzeleger - nei it leger fan in hazze.
- Hoantserid - nei it plak dêr't hoantsen pearje
- Hoeksterpaad - paad nei buorskip De Hoek op de hoeke fan de Simmerwei.
- It Doekewiid
- It Sud
- It Waarlamke - it waarlamke is in fûgel
- Jintewarren - Warren binne leechlizzende stikken greide. Ferwizing nei it sportkompleks oan de wei: in plak 'om-jin-te-warren'.
- J.R.C.-Laantje -
- Koaikamp - hie eins Koaileane hjitte moatten: paad nei de einekoai
- Kobbeflecht - in koloanje fan miiuwen
- Langedyk - ferbynt de Ryksstrjitwei mei Feanwâldsterwâl.
- Ottemawei - nei de eardere eigeners Ottemafan it feangebiet. Fan de 15e iuw oant nei de Twadde Wrâldoarloch is it feangebiet ûntgûn en ôfgroeven. In gedielte bleau bewarre as reservaat: it Ottema-Wiersma reservaat
- Pôlesingel - betsjut leane nei in heger lizzend stik (faak beboude) grûn
- Preesterlânswei - wei nei it lân fan de pryster. Hjir stie yn de midsiuwen in preesterhûs. De preester libbe fan de opbringst. Hjir is no spoortkompleks De Warren.
- Reidfoarn - nei de fiskesoarte reidfoarn
- Reidhin - in reidhin is in wetterfûgel
- Reidklyster - in reidklyster is in weterfûgel
- Reidlânswei - 'de wei lâns de reiden'
- Reidmosk - in reidmosk is in fûgel
- Reidplom - de plom fan in reidplant
- Reidroas - de plant reidroas
- Reidseame - in seame fan reidplanten
- Reidsjonger - in reidsjonger is in fûgel.
- Reitsmawei - rint oer grûn fan de famylje Reitsma dy't yn de 17e iuw eigener wie.
- Ryksstrjitwei - Yn 1830 waard De Swartewei, oanlein yn 1528-1531, as klinkerwei oer Hurdegaryp trochlutsen nei de stêd Grins. Foarhinne reizge men oer Swarteweisein, Tytsjerk en de Simmerwei nei Grins.
- Simmerwei - Midsiuwske wetterkearing/ferkearswei fan Ljouwert nei Grins wêroan Hurdegaryp ûntstie
- Sinderhoven - it oan de súdeastkant fan Hurdegaryp lizzende ûntwurpen fjouwerkant, beboud mei los steande rychjes wenten.
- Singel - neist de Gealesleat rinnend paad op de grins fan Tytsjerk en Hurdegaryp
- Slachtedyk - ferbiningsdyk mei Ryptsjerk, in âlde wetterkearing
- Smelpaad -
- Stasjonswei - eartiids "Nije Strjitwei" neamd. Nei de bou fan it stasjon yn 1864 oanlein.
- Stipsteech - nei stip as saus om bygelyks jirpels yn te sopjen
- Suwâldsterdyk - de wei nei Suwâld
- Swagermanstrjitte - nei de luitenant-fleander, † Moerdijk 1940
- Swellenêst - nêst fan in sweltsje
- Thoden van Velzenwei - H.U. Thoden van Velzen wie winkelman oan de Stasjonsstrjitte. Wie ek dichter/skriuwer en wie mei-oprjochter fan toanielferiening "M.R.V.Tesselschade" yn 1870.
- Tillefeart - Yn de feart nei de Hurdegarypster Feart siet in tille, in hege brêge
- Twiske - paadsje yn Sinderhoven
- Van Weerden Poelmanstrjitte - nei majoar fleanderr en loftmachtpionier † 1945 Van Weerden Poelman,
- Van Helsdingenstrjitte -
- Wester Omwei - nei de rûnwei om Hurdegaryp