Springe nei ynhâld

Antonie Hubertus Bodaan

Ut Wikipedy

Antonie Hubertus Bodaan, (Pedang Boelan (Nederlânsk-Ynje) 5 augustus 1914 - sneuvele by de Waalhaven (Rotterdam) 10 maaie 1940), wie in reserve-earste luitenant-fleander en technysk offisier fan it Wapen fan de Militêre Loftfeart, de foargonger fan de Keninklike Loftmacht fan Nederlân.

Foar syn moedich hâlden en dragen ûnder de Dútske oanfal op Nederlân yn maaie 1940 waard er op 9 maaie 1946 postúm ta Ridder yn de Militêre Willems-Oarder beneamd.[1]

Gefjochtsfleander Bodaan hie yn 1935 syn fleanbrevet helle. Yn 1939 wie er moblisearre as Reserve Earste Luitenant Fleander en tsjinne er by de 2e JaVA dy't op Skiphol stasjonearre wie.

De Nederlânske loftmacht fjocht yn maaie 1940 tsjin in oermacht, mar brocht de Dútske Luftwaffe relatyf swiere ferliezen ta.

Yn de foardracht oan it Kapittel stiet dat er "....zich in den strijd door het bedrijven van uitstekende daden van moed, beleid en trouw onderscheiden, door op 10 mei 1940 onder het bombardement van Schiphol zijn vliegtuig start-gereed te maken, te starten, vijandelijke vliegtuigen te beschieten en na leeggeschoten te zijn, onmiddellijk weder te Schiphol te landen. Heeft zonder eenige verpoozing en zonder eenige dekking te zoeken met behulp van grondpersoneel zijn vliegtuig opnieuw gevuld met munitie onder hevig vuur van vijandelijke jachtvliegtuigen en is wederom gestart. Na leeggeschoten te zijn, opnieuw geland, wederom gevuld en voor de derde maal gestart. Is bij deze derde vlucht gesneuveld in het gevecht met een vijandelijke overmacht".

Op syn lêste flecht waard syn Fokker D.XXI by de Waalhaven ûnder Rotterdam delsketten en ferlear er it libben yn de âldens fan mar 25 jier. It tal fijannelike fleantugen dat er delsketten hat is net witten.

Yn Hurdegaryp is de Bodaanstrjitte nei him ferneamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Keninklik Beslút nû. 6 fan 9 maaie 1946