Reidklyster
Reidklyster | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Acrocephalus arundinaceus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De reidklyster of de grutte karrekyt[1] (Acrocephalus arundinaceus) is in sjongfûgel út de famylje reidsjongerfûgels (Acrocephalidae). It is in trekfûgel yn Europa en dielen yn Aazje, dy't yn Afrika oerwinteret. It is net in bedrige fûgel, mar yn Nederlân is it tal reidklysters yn 'e 20e iuw bot werom rûn, al liket de soarte him de de lêste tiid foarsichtich te herstellen.[2]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan it skaai is de reidklyster mei 18 oant 20 sm de grutste fan 'e reidsjongerfûgels. Beide geslachten binne allyk. De Reidklyster liket in soad op de koartere lytse karrekyt (Acrocephalus scirpaceus). De snaffel is swierder yn ferlikening mei de oare, mar net folle langer. De boppekant fan it bealchje hat waarmbrune fearren, mei fierder gjin bysûnderheden. De kleur jout in yn 't reid in poerbêste kamûflaazje. Lykas by de oare reidsjongers hat er in tekening op 'e kop, in krêmkleurige eachbraustreek en donkere eachstreek. De poatsjes binne griis. Faak fluitet de fûgel mei de snaffel wiid iepen tusken it reid, mei de fearkes op 'e kop omheech. De fûgel hat in skrille en gnjirrende sang.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten fan 'e reidklyster bestiet út grutte libellelarven en larven fan wettertoarren, mar ek lytse fiskjes.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein april begjin maaie komt de reidklyster nei Nederlân. It nêst fan 'e fûgel is keunstich fêstmakke oan it reid op sa'n 50 sm oant 100 sm boppe it wetter. Yn augustus of september giet de reidsjonger wer nei syn oerwinteringsgebiet yn Afrika.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reidklysters komme yn it briedseizoen hast yn hiel Europa foar, mar net op 'e Britske Eilannen en Skandinaavje (útsein dan in pear plakken yn it midden fan Sweden, dêr't de fûgel it goed docht). It biotoop fan 'e fûgel bestiet út reidlân oan 'e iggen fan marren en rivieren.
De soarte hat twa ûndersoarten:
- A. a. arundinaceus: fan Europa oant it noarden fan Iran en noardwesten fan Araabje.
- A. a. zarudnyi: fan súdeastlik Jeropeesk Ruslân en noardlik Iran oant noardwestlik Mongoalje en noardwestlik Sina.
Reade list
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1975 en 2015 is de Nederlânske populaasje mei 85% ôfnommen. Oant 2017 bleau de ûntwikkeling fan 'e stân negatyf. De oarsaak wurdt socht yn 'e ôfname fan relatyf djip yn it wetter steande reidfjilden. Neffens SOVON wie de ôfname fan 'e reidklyster sûnt 1990 alle jierren mear as 5%. Yn 15 jier tiid wie dêrmei de helte derôf. Dêrom waard de soarte as bedrige op 'e Nederlânske Reade list set. Sûnt 2017 giet it wer wat better mei de fûgel. Tusken 2020 en 2022 skommele it tal briedpearkes tusken de 95 en 155. Foar 2023 waard nei goede briedresultaten it tal pearkes tusken de 100 oant 130 rûsd. By de measte mislearre lechsels wie predaasje fan aaien en jongen troch bygelyks rotten de oarsaak.[3]
Yn Fryslân kaam de reidklyster yn 'e jierren 1970 yn it grutste diel fan Súdwest-Fryslân, de Alde Feanen en eastlik fan Ljouwert foar. De fûgel is tsjintwurdich (2024) hast folslein út Fryslân ferdwûn.[4]
Maatregels om de fûgel te beskermjen binne it herstellen fan stevige reidseames oan iepen wetter. Dat wurdt bygelyks dien mei it oanbringen fan rasters fan gaas, om sa tefoarren te kommen dat de tsjintwurdich talrike skiere guozzen en oare wetterfûgels de reidseames oanfrette. It hat bliken dien dat dy maatregels fertuten dogge.[5] Yn Nederlân is de reidklyster noch fral oanwêzich yn it noardlike diel fan 'e Rânemar en it plassegebiet fan 'e Utertske Fecht.[6]
Ynternasjonaal is de fûgel net in bedrige soarte.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De fersprieding fan 'e reidklyster yn Nederlân op Waarneming.nl
- De fersprieding fan 'e reidklyster yn 'e wrâld op Waarneming.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Grote Karekiet (ferzje fan 4 jannewaris 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Reidsjonger
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara