Stienpiper
stienpiper | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anthus petrosus | ||||||||||||
Montagu, 1798 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel stânfûgel wintergast |
De stienpiper, ek wol seepiper (Anthus petrosus) neamd, is in sjongfûgel út de famylje fan de wipsturt- en piperfûgels. De stienpiper is nau besibbe oan de wetterpiper en waard yn it ferline ta deselde soarte as de wetterpiper rekkene.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stienpiper is yn fûgel fan sa’n 16-17 sm grut, d.w.s. wat grutter as in (hús)mosk. De fûgel is meast griis-brún mei streekte rêch en boarst en swartige snaffel en poaten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stienpipers briede op rotsige seekusten en eilannen in Noardwest-Jeropa. Se oerwinterje oan de kusten fan West- en Súdwest-Jeropa en Marokko.
Yn Nederlân komt de stienpiper allinnich as wintergast (5000-10.000 jierliks) en trochtrekker (2000-10.000) foar. Yn de winter binne de stienpipers by de kust lâns, foaral by de Waadeilannen en de Súd-Hollânske en Siuwske eilannen te fine. De heegste oantallen stienpipers yn ‘e winter wurde in it Ferdronken Lân fan Saaftinge waarnommen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stenpipers ite meast ynsekten, weak- en skulpdieren en sieden.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stienpipersoarte hat twa of trije ûndersoarten:
- Anthus petrosus kleinschmidti, net algemien erkend: Fêreu-eilannen, Orkney-eilannen en Sjetlâneilannen;
- Anthus petrosus petrosus (‘Westlike stienpiper'): Skotlân, Ierlân, Wales, West- en Súdwest-Ingelân, Normandje en Bretanje;
- Anthus petrosus littoralis ('Skandinavyske stienpiper'): Skandinaavje, Finlân en Kola-skiereilân; de yn Nederlân meast foarkommende ûndersoart.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelsoarte
- Piper (fûgel)
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Wales