Springe nei ynhâld

Stasjon Bûtenpost

Ut Wikipedy
Stasjon Bûtenpost
station Buitenpost
Stasjon Bûtenpost (2007)
Stasjon Bûtenpost (2007)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Achtkarspelen
plak Bûtenpost
adres Stasjonswei
koördinaten 53° 15' 23" NB, 6° 8' 42" EL
arsjitektuer
stasjonskoade Bp
type type SS fjirde klasse, 1e stasjonsgebou
Standerttype Douma 2e stasjonsgebou
iepening 1 oktober 1885
boujier 1866 1e stasjonsgebou
1973 2e stasjonsgebou
sloopjier 1973 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1866
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1973
Cees Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline B
(Spoar fan Ljouwert nei Grins)
Stasjon Bûtenpost om en de by 1927
Stasjon Bûtenpost om en de by 1927
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Bûtenpost (Achtkarspelen)
Stasjon Bûtenpost

Stasjon Bûtenpost (Bp) is it stasjon fan it plak Bûtenpost, dat bestiet sûnt 1866. It stasjonsgebou út 1864 waaard yn 1973 sloopt en ferfongen troch it hjoeddeistige gebou, ûntwurpen troch yr. Cees Douma.

It leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins en wurdt betsjinne troch Arriva.

Bûtenpost is de ienige stop fan de ien kear yn 't oere ridende flugge trein tusken Ljouwert en Grins. Dêrby stoppet er twa kear yn 't oere in stoptrein tusken Ljouwert en Grins.

Simmerdeis, fan maaie oant septimber, ride der freeds en sneons twa treinen deis tusken Lier yn East-Fryslân en Harns. Dy saneamde Inselzuge (eilântreinen) binne benammen ornearre foar Dútske toeristen en reizgje makliker nei de Waadeilannen Flylân en Skylge. Dy Inselzuge binne troch Arriva yn syn tsjinstregeling opnommen, nei't dy út de tsjinstregeling helle waarden omreden de spoarfernijing op it Dútske trajekt Nijeskâns - Lier.

Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster
Ljouwert - Grins Stoptrein Arriva 2x it oere - 1x it oere nei 21:00 en sneins
Ljouwert - Grins Flugge trein Arriva 1x it oere

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Spoarstasjons yn Fryslân
Hjoeddeiske stasjons: Akkrum | Bûtenpost | Deinum | Drylts | Dronryp | Feanwâlden | Frjentsjer | Grou-Jirnsum | Harns | Harns-Haven | It Hearrenfean | Hylpen | Hurdegaryp | Koudum-Molkwar | Ljouwert | Ljouwert-Kammingabuorren | Mantgum | Snits | Snits-Noard | Starum | Warkum | De Westereen | Wolvegea
Eardere stasjons (Steatslinen): Ljouwert - Achter de Hoven | It Hearrenfean-Iisstadion
Takomstige stasjons (Steatslinen): Ljouwert-Werpsterhoeke
· · Berjocht bewurkje