Sofia Boutella
Sofia Boutella | ||
akteur | ||
Sofia Boutella yn 2014 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | صوفيا بوتلة, Ṣufya Butelaẗ | |
nasjonaliteit | Algerynsk Frânsk | |
berne | 3 april 1982 | |
berteplak | Algiers (Algerije) | |
etnisiteit | Algerynsk-Arabysk | |
jierren aktyf | 1998 – no | |
offisjele webside | ||
Sofia Boutella op Twitter |
Sofia Boutella (Arabysk: صوفيا بوتلة, Sufya Butelah, sekuerdere transliteraasje: Ṣufya Butelaẗ; Algiers, 3 april 1982) is in Algerynsk-Frânsk dûnseresse, model en aktrise fan etnysk Arabysk komôf. Hja is bekend wurden mei rollen yn films as Kingsman: The Secret Service, Star Trek: Beyond, The Mummy en Atomic Blonde.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boutella waard yn 1982 berne yn Bab El Oued, in wyk fan 'e Algerynske haadstêd Algiers. Har heit is de jazz-muzikant Safy Boutella, en har mem is in arsjitekte. Boutella begûn mei 5 jier oan in klassike dûnsoplieding. Yn 1992, doe't se 10 jier wie, emigrearre se mei har âlden nei Frankryk, dêr't se úteinsette mei turnjen. Mei 18 jier waard se yn 2000 lid fan it Frânske nasjonale turnteam.
Dûnskarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn har teenagejierren die Boutella al oan hiphopdûns en strjitdûns. Letter waard se lid fan 'e dûnsgroep Vagabond Crew, dy't yn 2006 de Battle of the Year wûn. Mei inkele oare leden fan 'e Vagabond Crew wie Boutella ek belutsen by in dûnsgroep mei de namme Chienne de Vie et Aphrodites. Fan har santjinde ôf wie Boutella yn trening by goreograaf Blanca Li. Sûnt hat se dûnse yn in ferskaat oan tillefyzjeprogramma's, reklamespotsjes en konserttoernees, sawol yn Frankryk as dêrbûten. Ek wie se te sjen yn fideoklips fan û.o. Cesária Évora (Nutridinha, 2001), Jamiroquai (Little L, 2001), de BodyRockers (I Like the Way (You Move), 2005), Madonna (û.m. Hung Up, 2005 en Sorry, 2006) en Rihanna (SOS, 2006).
Boutella har trochbraak kaam yn 2007, doe't se útkeazen waard foar in troch Jamie King goreografearre reklamespotsje foar it sportskuonmerk Nike. Neitiid waard se ek frege foar fideoklips fan û.o. Chris Brown (Wall tot Wall, 2007), Usher (Hey Daddy (Daddy's Home), 2009), Ne-Yo (Beautiful Monster, 2010 en Champagne Life, 2010), Michael Jackson (Hollywood Tonight, 2011), Take That (Get Ready for It, 2015), en Thirty Seconds to Mars (Rescue Me, 2018). Boutella die ek mei súkses audysje foar Michael Jackson syn toernee This Is It, mar koe dêr net oan meidwaan om't har toernee mei Madonna ferlinge waard en de data sadwaande oerlapen. Fierders wie Boutella yn 2010 te sjen yn in ôflevering fan 'e Amerikaanske realitytillefyzjesearje Dancing with the Stars.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken har wurk as dûnseresse sette Boutella ek al ier útein mei aktearjen. Datoangeande makke se yn 2002 har debút yn 'e Frânske film Le Défi. Oare rollen folgen, û.m. yn 'e tillefyzjesearje Les Cordier, Juge et Flic (2004) en yn 'e film Permis d'Aimer (2005). Yn 2006 wurke se as stimaktrise mei oan 'e tekenfilm Azur et Asmar, wêryn't se in fee spile. Se fertolke de rol fan Eva yn 'e Amerikaanske dramafilm StreetDance 2 (2012), en wie te sjen as Ara yn 'e film Monsters: Dark Continent (2014).
Ien fan har bekendste en opmerklikste rollen hie Boutella yn 2014 yn 'e aksjekomeedzje en spionaazjefilm Kingsman: The Secret Service. Dêryn spile se de ûnmeilydsume moardneresse Gazelle, by wa't beide skonken amputearre binne en ferfongen troch twa fjoerskerpe swurden. In oare tige bekende rol wie Boutella har fertolking yn 2016 fan 'e bûtenierdske kriichster en skipbreklinge Jaylah yn 'e science fiction-film Star Trek: Beyond. Yn 2017 hie se as tsjinspylster fan Tom Cruise de rol fan prinsesse Ahmanet, de wichtichste smjunt, yn The Mummy, de reboot fan 'e filmsearje fan Universal mei deselde namme. Datselde jiers spile se ek de Frânske geheim aginte Delphine Lasalle yn 'e film Atomic Blonde, fan regisseur David Leitch, wêrby't har tsjinspilers û.o. Charlize Theron en John Goodman wiene.
Yn maaie 2018 spile Boutella yn 'e HBO-tillefyzjefilm Fahrenheit 451, mei as tsjinspilers Michael B. Jordan en Michael Shannon. Yn july fan datselde jier fertolke se de rol fan 'e Frânske hiermoardneresse 'Nice', yn 'e science fiction-skriller Hotel Artemis, mei û.o. Jodie Foster en Jeff Goldblum. Dêryn is Boutella amper te sjen as se as in pylk troch it byld sjit yn in einsêne dy't healwei de ôftiteling ynpast is, suggerearjend dat se yn deselde rol weromkeare kin yn in ferfolchfilm.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As har grutte foarbylden hat Boutella û.m. Fred Astaire en Daniel Day-Lewis neamd. Se wennet yn Los Angeles, en ûnderhâldt sûnt 2015 in relaasje mei de Ierske akteur Robert Sheehan.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
2002 | Le Défi | ? | |
2005 | Permis D'Aimer | Lila | |
2006 | Azur et Asmar | de fee fan 'e elven | as stimaktrise |
2012 | StreetDance 2 | Eva | |
2014 | Monsters: Dark Continent | Ara | |
2015 | Kingsman: The Secret Service | Gazelle | |
2016 | Tiger Raid | Shadha | |
2016 | Star Trek: Beyond | Jaylah | |
2016 | Jet Trash | Vix | |
2017 | Atomic Blonde | Delphine Lasalle | |
2017 | The Mummy | prinsesse Ahmanet | |
2017 | Kingsman: The Golden Circle | Gazelle | inkeld op argyfbylden |
2018 | Climax | Selva | |
2018 | Hotel Artemis | Nice | |
2019 | Love, Antosha | harsels | dokumintêre |
2021 | Prisoners of the Ghostland | Bernice | |
2021 | Settlers | Ilsa | |
tillefyzje | |||
2004 | Les Cordier, Juge et Flic | Maya | gastrol; ôfl. Temps Mort |
2006 | Megatánc | harsels | gastoptreden yn in Hongaarsk realitytillefyzjeprogramma |
2007 | Supermodelo | harsels | gastoptreden yn in realitytillefyzjeprogramma |
2010 | Dancing with the Stars | harsels | gastoptreden; ôfl. Macy's Stars of Dance |
2018 | Fahrenheit 451 | Clarisse | tillefyzjefilm |
2019 | Modern Love | Yasmine | gastrol; 2 ôfl. |
202? | SAS: Rogue Heroes | Eve | minysearje |
fideoklips | |||
2001 | Nutridinha | dûnseresse | nûmer fan Cesária Évora |
2001 | Little L | dûnseresse | nûmer fan Jamiroquai |
2004 | Showbiz (The Battle) | dûnseresse | nûmer fan Matt Pokora |
2005 | I Like the Way (You Move) | dûnseresse | nûmer fan 'e BodyRockers |
2005 | Feel the Vibe ('Til the Morning Comes) | dûnseresse | nûmer fan Axwell |
2005 | Hung Up | dûnseresse | nûmer fan Madonna |
2006 | SOS (Nike Version) | dûnseresse | nûmer fan Rihanna |
2006 | Sorry | dûnseresse | nûmer fan Madonna |
2007 | Wall to Wall | dûnseresse | nûmer fan Chris Brown |
2008 | Dangerous | dûnseresse | nûmer fan Matt Pokora |
2009 | Celebration | dûnseresse | nûmer fan Madonna |
2009 | Hey Daddy (Daddy's Home) | dûnseresse | nûmer fan Usher |
2010 | Jump II | dûnseresse | nûmer fan Beat Freaks/Geminiz |
2010 | Beautiful Monster | dûnseresse | nûmer fan Ne-Yo |
2010 | Champagne Life | dûnseresse | nûmer fan Ne-Yo |
2011 | Hollywood Tonight | dûnseresse | nûmer fan Michael Jackson |
2015 | Get Ready for It | dûnseresse | nûmer fan Take That |
2018 | Rescue Me | dûnseresse | nûmer fan Thirty Seconds to Mars |
2019 | God Control | dûnseresse | nûmer fan Madonna |
2020 | Shame Shame | dûnseresse | nûmer fan 'e Foo Fighters |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Sofia Boutella op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Sofia Boutella yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Algerynsk turner
- Algerynsk dûnser
- Algerynsk model
- Algerynsk telefyzje-akteur
- Algerynsk filmakteur
- Algerynsk stimakteur
- Frânsk turner
- Frânsk dûnser
- Frânsk model
- Frânsk telefyzje-akteur
- Frânsk filmakteur
- Frânsk stimakteur
- Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma
- Frânsk persoan fan Algerynsk komôf
- Persoan berne yn 1982