Foo Fighters

Ut Wikipedy
Foo Fighters
band
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Alternatieve rock
Hardrock
Post-Grunge
bestean 1995 – No
label(s) Capitol,
RCA
webside foofighters.com
âld-leden William Goldsmith drums (1995-1997)
Franz Stahl gitaar (1997-1999)
Taylor Hawkins drums (1997-2022) †
leden
Sang &
Gitaar
Dave Grohl
Gitaar Pat Smear
Gitaar Chris Shiflett
Bas Nate Mendel
Drums Josh Freese
Foo Fighters yn 2017

Foo Fighters is in Amerikaanske band oprjochte yn 1995 troch Dave Grohl de eardere drummer fan Nirvana. De band brocht yn 1995 syn debútalbum Foo Fighters út, mei in samling nûmers dy't er skreaun hie yn syn Nirvana-perioade. Dave spile alle bas-, gitaar- en drumpartijen sels yn foar wat er earst as in "demo" beskôge. Foo Fighters hat alve studio-albums, en ien live-album útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Foo Fighters waard foarme neidat Nirvana útinoarfoel troch it ferstjerren fan Kurt Cobain. It earste album brocht Dave Grohl solo út. Hy brûkte de namme "Foo Fighters" en net syn eigen namme, om't er net meiliftsje woe op de oandacht om de dea fan Kurt Cobain hinne. Dave Grohl hie sels ferwachte dat er de namme letter wol wer feroarje soe. Neffens eigen sizzen fynt er it "the dumbest band name ever" (domste namme ea). Foo Fighters wie in soad brûkte term foar ufo's yn de Twadde Wrâldkriich. Pas letter foarme Grohl in band, mei bassist Nate Mendel, drummer William Goldsmith, beiden earder fan Sunny Day Real Estate en gitarist Pat Smear earder fan The Germs, dy't ta ûndersteuning mei west hiene wilens de In Utero-toerrnee fan Nirvana.

Yn 1997 kaam it twadde album út The Colour and the Shape in album mei in mear hardrock lûd as op it earste album. Nei de opnamen fan it album waard yn Los Angeles hast alles noch in kear opnommen sûnder drummer Goldsmith. Grohl wie net tefreden mei de drumpartijen fan Goldsmith en naam dy ek opnij op, dit ta ûnfrede fan William Goldsmith dy't net folle letter de band ferliet. Dave Grohl belle dêrop mei Taylor Hawkins om te freegjen oft er noch in geskikte drummer wist. Hawkins bea fernuvering fan Grohl himsels oan, Hawkins wie destiids drummer by Alanis Morissette. Foardat it twadde album, mei de singles Monkey wrench, My hero en Everlong útbrocht waard makke Hawkins syn debút. Net lang nei it útbringen fan The Colour and the Shape joech Pat Smear oan dat er útput wie en de groep ferlitte woe. Hy waard ferfongen troch gitarist Franz Stahl dy't earder tegearre mei Grohl yn de band Scream spile hie.

Yn 1998 wilens de opnammen foar it tredde album There Is Nothing Left to Lose blieken Grohl en Stahl net by steat om gear te wurkjen, en Grohl hie it gefoel dat de trije bandleden in bepaalde rjochting op giene mar Stahl net, Stahl waard hjirop ûntslein. Koart dêrnei belle bassist Nate Mendel, Dave op om te sizzen dat er de út de band stapte om wer muzyk te meitsjen mei Sunny Day Real Estate, de oare deis kaam er hjir wer op werom. De restearjende trije bandleden namen yn de opfolgjende moannen it album There is nothing left to lose op. Nei de opnamen giene se op syk nei in nije gitarist. Chris Shiflett gitarist fan Me First and the Gimme Gimmes en earder fan No Use for a Name. waard geskikt befûn. Hy wie earst toer-gitarist mar hearde noch foar it fjirde album folslein by de band.

Grohl yn 2015 op syn sels ûntwurpen stoel nei't er syn skonk brútsen hie

Yn de simmer fan 2001 naam Taylor Hawkins wilens in toernee yn Europa in oerdoasis heroïne, wêrtroch't er twa wiken yn koma lei. Yn de hjerst fan dat jier begûn de band mei de opnamen fan it fjirde album dat yn de hjerst fan 2002 útkaam. Yn de simmer fan 2006 waard der in koarte akoestyske toernee dien wêrby't de yn 1997 opstapte Pat Smear as ekstra gitarist meigie, yn 2010 wie er wer folslein bandlid fan Foo Fighters dy't fanôf dan út fiif bandleden bestiet. Op 25 septimber 2007 kaam it sechsde studioalbum fan Foo Fighters út mei de singles The Pretender, Long road to ruin en Cheer up, boys (your make up is running). Op 12 septimber wie it album fia it ynternet al útlekt.

Yn 2015 bruts Dave Grohl syn skonk by in optreden yn Goateboarch, mar hie bleau gewoan troch sjongen en makke it nûmer sa goed as noch mooglik ôf. It like ynearsten der op dat de rest fan it toernee ôfblaast wurde moast, mar de skea bleau beheind ta in oantal shows, en foar it restearjende part fan it toernee ûntwurp Grohl in stoel sadat er it toernee sittend ôfmeitsje koe.[1][2]

De band liet yn oktober 2019 witte dwaande te wêzen mei in nij album, Yn febrewaris 2020 waard oankundige dat it album ôf wie. In pear moanne letter waard bekend dat it útbringen fan it album foar in ûnbepaalde tiid útsteld wie yn ferbân mei de koroana pandemy. It album, Medicine at Midnight, kaam úteinlik op 5 febrewaris 2021 út.

Taylor Hawkins yn 2017

Op 25 febrewaris 2022 brochten de Foo Fighters in komyske horrorfilm út, Studio 666, regissearre troch BJ McDonald. Yn de film spilet de bandleden as himsels, njonken Will Forte, Whitney Cummings, Jeff Garlin en Jenna Ortega. Yn de film wurdt Grohl ynommen troch in demoanyske geast en deadet er de oare bandleden wylst se in album oan it opnimmen binne yn in spûkhûs. It waard filme yn itselde lânhûs dêr't de Foo Fighters Medicine at Midnight yn opnommen hiene. Grohl brocht op 25 maart 2022 in album út mei nûmers út de film, Dream Widow[3].

Op 25 maart 2022 waard krekt foar in optreden yn Bogota oan it begjin fan in toernee troch Súd-Amearika drummer Taylor Hawkins dea fûn yn syn hotelkeamer.[4][5]. Hawkins waard 50 jier âld. Letter die bliken dat er stoarn wie oan in kombinaasje fan drugs en medisinen. Yn septimber dat jier joegen de Foo Fighters twa konserten ta neitins oan Hawkins, de earste yn it Wembley Stadium yn Londen, en de twadde yn it Kia Forum yn Los Angeles. Josh Freese spile op de drums by beide konserten. Shane Hawkins, de soan fan Taylor Hawkins, spile yn it Wembley Stadium by it nûmer "My Hero" op de drums.

Yn desimber 2022 waard bekend makke dat de band troch gean soe en dat se dwaande wiene mei in nij album, yn maaie 2023 waard bekend makke dat Josh Freese de festoarne Taylor Hawkins ferfange soe op drums. It album But Here We Are waard útbrocht op 2 juny 2023.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dave Grohl yn 2019
Pat Smear yn 2018
Chris Shiflett yn 2011
Nate Mendel yn 2011
Josh Freese yn 2019

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
Foo Fighters 4 july 1995 Capitol Exhausted,
This Is a Call,
I'll Stick Around,
For All the Cows,
Big Me
The Colour and the Shape 20 maaie 1997 Monkey Wrench,
Everlong,
My Hero
There Is Nothing Left to Lose 2 novimber 1999 RCA Learn to Fly,
Stacked Actors,
Generator,
Breakout,
Next Year
One by One 22 oktober 2002 All My Life,
Times Like These,
Low,
Have It All
In Your Honor 14 juny 2005 Best of You,
DOA,
Resolve,
No Way Back/Cold Day in the Sun
Echoes, Silence, Patience & Grace 25 septimber 2007 The Pretender,
Long Road to Ruin,
Cheer Up, Boys (Your Make Up Is Running),
Let It Die
Wasting Light 12 april 2011 Rope,
White Limo,
Walk,
Arlandria,
These Days,
Bridge Burning
Sonic Highways 10 novimber 2014 Something from Nothing,
The Feast and the Famine,
Congregation,
What Did I Do? / God as My Witness,
Outside
Concrete and Gold 15 septimber 2017 Run,
The Sky Is a Neighborhood,
The Line
Medicine at Midnight 5 febrewaris 2021 Shame Shame,
No Son of Mine,
Waiting on a War,
Making a Fire,
Love Dies Young
But Here We Are 2 juny 2023 Rescued,
Under You,
Show Me How,
The Teacher

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Skin and Bones 7 novimber 2006 RCA

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
Greatest Hits 3 novimber 2009
Medium Rare 16 april 2011
The Essential Foo Fighters 28 oktober 2022

Cover-album[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Hail Satin
ûnder de bandnamme Dee Gees
17 july 2021 RCA

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN