Learn to Fly
Learn to Fly | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Iron and Stone, Make a Be, Have a Cigar | |
artyst | Foo Fighters | |
album | There Is Nothing Left to Lose | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rockmuzyk, Grunge | |
útbrocht | 18 oktober 1999 | |
opnommen | Studio 606, Alexandria Conway, Los Angeles maaitiid 1999 | |
doer | 3:58 | |
label | RCA | |
skriuwer | Foo Fighters | |
produsint | Adam Kasper Foo Fighters | |
fideoclip | ||
Foo Fighters - Learn To Fly (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 32, Single top 100 - 72 | |
prizen | 2001 - Grammy | |
sertifisearre | Austraalje 3x platina Kanada goud, Denemark goud, Itaalje goud, Meksiko platina, Grut-Brittanje platina, Feriene Steaten platina |
Learn to Fly is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 1999 en útbrocht op it tredde album fan Foo FightersThere Is Nothing Left to Lose út itselde jier. Learn to Fly is it tredde nûmer op it album en waard op 18 oktober 1999 útbrocht as earste single fan it tredde album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Learn to Fly wurdt taskreaun oan alle bandleden fan de Foo Fighters al is it Dave Grohl dy't it nûmer skreaun hat. It nûmer giet oer de perioade dat Grohl piloat wurde woe en dat er der efter kaam dat er om syn fleanbrevet te heljen ek wiskunde nedich hie en syn dream om fleanen te learen farre liet.[1]
Oer de fideoklip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fideoklip waard regissearre troch Jesse Peretz; it is in parody op de films Airplane!, Airport 1975 en Airport '77. De fideoklip fan it nûmer spilet him ôf yn in kommersjeel fleantúch. Twa meganisiens, spile troch Jack Black en Kyle Gass fan Tenacious D, smokkelje in ferdôvjend middel mei de namme "World Domination brand 'Erotic' Sleeping Powder" it fleantúch yn en ferstopje dy yn it kofjesetapparaat. Sadwaande wurdt elkenien dy't de kofje drinkt tydlik útskeakele. De Foo Fighters, dy't ek yn it fleantúch sitte, dronken sterke drank yn stee fan kofje en sjogge om har hinne nuvere dingen barren en binne dêrtroch twongen om sels it fleantúch te lânjen. Op de meganisiens nei wurde alle rollen yn de klip spile troch de bandleden sels (Dave Grohl, Nate Mendel en Taylor Hawkins), fan de piloaten, it personiel, in groulivich stel, oant in famke dat Grohl om in hantekening freget, ta.
Yn 2001 wûn de band in Grammy yn de kategory Best Short Form Music Video foar de fideoklip.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dave Grohl – Sang, gitaar & drums
- Nate Mendel – Bas
- Taylor Hawkins – Drums
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|