Springe nei ynhâld

These Days (liet fan Foo Fighters)

Ut Wikipedy
These Days
algemiene ynformaasje
artystFoo Fighters
albumWasting Light
taalIngelsk
sjenreHardrock
útbrocht1 novimber 2011
opnommenBy Dave Grohl thús
6 septimber21 desimber 2010
doer4:58
labelRCA
skriuwerFoo Fighters
produsintButch Vig
Foo Fighters
fideoclip
Foo Fighters - These Days (Official Music Video)
resultaten
sertifisearre Austraalje goud

These Days is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 2011 en útbrocht op it sânde album fan Foo Fighters Wasting Light út itselde jier. These Days is it sechsde nûmer op it album en waard op 1 novimber 2011 útbrocht as fyfde single fan it sânde album.

These Days wurdt taskreaun oan alle bandleden fan de Foo Fighters al is it Dave Grohl dy't it nûmer skreaun hat. Op 18 augustus 2012 droech de band it nûmer by harren optreden op Pukkelpop yn Belgje op oan de slachtoffers fan de stoarm dy't it festival, presys in jier earder, troffen hie.

Oer de fideoklip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoklip waard regissearre troch Wayne Isham en toant bylden fan harren optredens yn Austraalje, Nij Seelân en Ingelân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:EN