Springe nei ynhâld

Skoet

Ut Wikipedy
skoet
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje alkfûgels (Alcidae)
skaai skoeten (Uria)
soarte
Uria aalge
Pontoppidan, 1763
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De skoet (Uria aalge) is ien fan de twa soarten skoeten út de famylje fan de Alkfûgels.

De Skoet is mei sa'n 38 oant 46 sm likernôch sa grut as in Wylde Ein, hy hat lykwols in wat smellere spitse snaffel. De wjukspanwiidte is by folwoeksen fûgels 61 oant 73 sm en sa wage ûngefear in kilogram. Yn de simmer binne de fearren op de kop, rêch, sturt en boppekant fan de wjukken brúnswart. De bûk en grutte parten fan de ûnderkant fan de wjukken binne wyt. Winterdeis binne ek de fearren op de kin en op de kop efter de eagen wyt.
Yn de loft stekke de snaffel en de griisswarte poaten dúdlik fan de rest fan it lichem ôf. Ek is by guon fûgels wol in wite eachring te sjen mei in wite streek nei achter. Soksoarte fûgels wurde ek wol Brilskoeten neamd. Dit is lykwols gjin kenteken fan ien as oare ûndersoart mar is mear in kleurfariant dy't ûnder de skoeten foarkomt.

It briedgebiet leit oan de noardlike kusten fan de Atlantyske Oseaan en de Stille Oseaan en ek oan de oanslutende parten fan de Noardlike Iissee.

Der binne fiif ûndersoarten:

Skoeten ite it measte fisken dy't yn kloften rûnswimme oan de wetteroerflakte lykas de hearring, sprot en kabbeljau. Yn de arktyske gebieten ite de fûgels simmers ek in protte kreeften.

De fûgels briede yn grutte koloanjes op rotswanden. De Skoeten hawwe ek hiele spitse aaien, troch dizze foarm rôlje de aaien net sa maklik út it nêst en fan de rotsen. De aaien wurde troch beide âlden sa'n 28 oant 34 dagen bebret. Wannear't de jonge fûgels trije wike âld binne springe sy fan de rotsen, hoewol sy dan noch net fleane kinne. Hjirby falle de fûgels somtiden wol fjirtich meter nei ûnderen op it strân. De measte jongen geane dêrnei mei har âlden de see op. It mantsje past dan op de jongen en giet mei harren nei it oerwinteringsgebiet, de wyfkes komme dêr meast letter oan.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skoet fan Wikimedia Commons.