Springe nei ynhâld

Sjajinsk

Ut Wikipedy
Sjajinsk
algemien
oare namme(n) Cheyenne
eigen namme Tsėhesenėstsestotse
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers 2.500-3.000 (2014)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
      ● Flakte-Algonkwynsk
         ● Sjajinsk
            ● Sjajinsk
dialekten Noardlik Sjajinsk, Súdlik
Sjajinsk
, (?) Sûtajo
taalkoades
ISO 639-2 chy
ISO 639-3 chy

It Sjajinsk (Ingelsk: Cheyenne, útspr.: [ʃejɛ:n]; Sjajinsk: Tséhesenéstsestotse, útspr.: [ʦɪhɪsɪnɪsʦɪstoʦɪ], gauris ferbastere ta Tsisinstsistots) is de lânseigen taal fan 'e Sjajinnen, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It wurdt noch sprutsen yn 'e Amerikaanske steaten Montana en Oklahoma, mar it hat nearne in offisjele status, noch genietet it erkenning. Hoewol't it mei it Sjajinsk sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw slim yn it neigean rekke is, is it mei in sprekkersoantal fan tusken de 2.500 en 3.000 dochs noch ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen fan 'e Feriene Steaten.

Taalbesibskip en dialekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sjajinsk heart ta de Algonkwynske talen, krekt as bygelyks it Odjibwe (Ojibwe), Ottawa, Kry (Cree), Potawatomy (Potawatomi), Swartfuotsk (Blackfoot), Sjâny (Shawnee) en Delawêr (Delaware). Mei it Swartfuotsk, it Arapaho, it Gro Wânt (Gros Ventre) en in stikmannich talen dy't no útstoarn binne, foarmet it de Flakte-Algonkwynske taalkloft. De neiste sibbe fan it Sjajinsk wie it Sûtajo (Sutaio), dat mooglik inkeld in ôfwikend dialekt wie, en dat om 1850 hinne útstoarn is. It Sjajinsk fan hjoed de dei kin opdield wurde yn twa dialekten, it Noardlik Sjajinsk en it Súdlik Sjajinsk, fan resp. de Noardlike Sjajinnen en de Súdlike Sjajinnen. Lykwols binne dy beide taalfoarmen sûnder folle muoite ûnderling fersteanber. It Noardlik Sjajinsk wurdt sprutsen yn Montana, en it Súdlik Sjajinsk yn Oklahoma.

Tal en fersprieding fan sprekkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat it tal Sjajinsktaligen oanbelanget, telde de taalkundewebside Ethnologue yn 2007 2.100 sprekkers. Mar dêrby liket inkeld nei de befolking fan 'e reservaten sjoen te wêzen, wylst grif ek in persintaazje fan 'e Sjajinnen dy't dêrbûten tahâlde de taal noch machtich wêze sil. De federaal erkende Noardlike Sjajinne Stamme hat likernôch 10.000 leden, fan wa't goed 4.900 permanint yn it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat fan Montana wenje. Fan 'e Noardlike Sjajinnen yn it reservaat sprekke noch likernôch 1.200 de eigen taal. Hoefolle Noardlike Sjajinnen bûten it reservaat oft it Sjajinsk noch sprekke, dêr binne gjin sifers oer bekend, mar as dat deselde ferhâlding hat as binnen it reservaat, soene it der tusken de 1.200 en de 1.300 wêze moatte. Reälistysk sjoen sille it der lykwols minder wêze, mei't it almeast de jongerein is dy't fuorttsjocht en de âlderein dy't efterbliuwt, wylst ûnder de âlderein de measte Sjajinsksprekkers te finen binne. Fan 'e 8.000 Súdlike Sjajinnen yn Oklahoma sprekke likernôch 800 noch Sjajinsk. Dêrmei soe men op in totaal sprekkeroantal fan tusken de 2.500 en 3.000 útkomme. Hoewol't soks in sprekkerspersintaazje fan 24,5% foar de Noardlike Sjajinnen (allinnich de reservaatsbefolking) en 10% foar de Súdlike Sjajinnen opsmyt, is it Sjajinsk dêrmei dochs noch ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen yn 'e Feriene Steaten.

It Sjajinsk wurdt skreaun mei in Latynsk alfabet dat út mar 14 letters bestiet: a, e, h, k, m, n, o, p, s, š, t, v, x en ’.

A a E e H h K k M m N n O o P p
S s Š š T t V v X x ’ ’

Der binne mar trije lûden: a ([a] as yn "ham"), e (dy't lykwols útsprutsen wurdt as [ɪ], lykas yn "fisk") en o ([o] as yn "bok"). Fan 'e bylûden wurdt de "š" útsprutsen as [ʃ] ("sj" yn "sjerp"), de "x" as de [x] ("ch" yn "berch") en de apostrof (’) as in glottisslach ([ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje"). As de "h" tusken en "e" en in "t" yn stiet, wurdt er útsprutsen as [s], en as er tusken in "e" en in "k" yn stiet, wurdt er útsprutsen as in [ʃ]. De diakrityske tekens op 'e lûden jouwe de toan oan, want krekt as it Sineesk is it Sjajinsk in tonale taal, wêrby't ferskillende toanen in wurd ferskillende betsjuttings jouwe. It Sjajinsk hat fiif ûnderskate toanen: heech (oanjûn mei in skerpteken: "é"); leech (oanjûn troch de ôfwêzigens fan in diakrityske teken: "e"); middelheech (oanjûn mei in makron: "ē"), leech hingjend (oanjûn mei in karon: "ǒ"); en opgeand (oanjûn mei in breedteken: "â"). Krekt as alle Algonkwynske talen hat it Sjajinsk in agglutinearjende morfology, wat betsjut dat it bykommende begripen in soad as foar-, tusken- en efterheaksels yntegrearret yn it haadbegryp.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Sjajinske ferzje.