Sarah Hyland

Ut Wikipedy
Sarah Hyland
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sarah Jane Hyland
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 novimber 1990
berteplak New York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 1997 – no
offisjele webside
Sarah Hyland yn 'e IMDb

Sarah Hyland (folút: Sarah Jane Hyland; New York, 24 novimber 1990) is in Amerikaansk tillefyzje-, film-, musical- en stimaktrise en sjongster. Hja waard bekend as Haley, de âldste, wat dommige dochter fan it gesin Dunphy yn 'e komeedzjesearje Modern Family. Foar dy rol wûn se ferskate prizen.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hyland waard yn 1990 berne yn New York, as de dochter fan Edward James Hyland en Melissa Canaday, dy't beide ek as akteurs aktyf binne. Hja hat in jongere broer, Ian. Hyland studearre oan 'e Professional Performing Arts School yn Manhattan.

Sarah Hyland yn 2013.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hyland is al oan it aktearjen sûnt se fiif jier wie. Yn har earste filmrol spile se de dochter fan radiopresintator Howard Stern, yn dy syn autobiografyske film Private Parts, út 1997. Yn 1999 spile se Molly yn 'e tillefyzje-remake fan 'e ferneamde musical Annie, en neitiid hie se ferskate gastrollen yn plysjesearjes lykas Law & Order, Law & Order: Special Victims Unit en Law & Order: Trial by Jury. Fan 2008 oant 2009 hie Hyland in weromkearende rol as Maddy Healy yn 'e tillefyzjesearje Lipstick Jungle. Underwilens spile se yn 2006 op Broadway yn it toanielstik Grey Gardens de jonge Jackie Kennedy.

Yn 2009 briek Hyland troch mei de rol fan Haley Dunphy, de wat dommige âldste dochter yn 'e húshâlding fan 'e dochter en skoansoan yn 'e komeedzjesearje Modern Family. Dy searje wie tige súksesfol en rûn oant yn 2020. Mei de rest fan 'e akteurs yn Modern Family wûn Hyland yn 2011, 2012, 2013 en 2014 fjouwer jier op rige de Screen Actors Guild Award yn 'e kategory treflike prestaasje fan in cast yn in komeedzjesearje. Ek sleepte se foar de rol fan Haley Dunphy ferskate nominaasjes yn 'e wacht.

Yn 2014 hie Hyland in gastrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Hot in Cleveland. Yn 2017 spile se âldere suster Lisa Houseman yn 'e tillefyzje-remake fan Dirty Dancing. Dêrnjonken wie Hyland op it wite doek te sjen yn û.m. de coming-of-age-komeedzjedramafilm Struck by Lightning (2012), de horrorkomeedzje Scary Movie 5 (2013) en de jeugdfantasyfilm Vampire Academy (2014). Se die yn 2017 mei oan it tillefyzjeprogramma Lip Sync Battle, wêryn't se it al playbackend opnaam tsjin DeAndre Jordan.

Sjongkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hyland hat ferskate kearen as sjongster aktyf west. Sa song se yn 2016 mei Boyce Avenue covers fan Closer fan The Chainmakers en Don't Wanna Know fan Maroon 5. By de útrikking fan 'e Teen Choice Awards yn 2019 song se tegearre mei Jordan McGraw (de soan fan Dr. Phil) it liet Met at a Party, dat letter dat jiers ek as single útbrocht waard.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn har bernetiid waard by Hyland nierdysplasy fêststeld. Yn april 2012 ûndergie se in niertransplantaasje, wêrby't har heit as donor fungearre. Nei ferskate jierren state har lichem har heite nier lykwols ôf, sadat se in nije niertransplantaasje ûndergean moast, diskear mei har jongere broer Ian as donor. Yn totaal hie se tsjin 2018 sûnt har berte al sechstjin operaasjes ûndergien. Fanwegen de medisinen dy't se ynnimme moat om in nije ôfstjitting foar te kommen hat Hyland muoite om gewicht en spiermassa te behâlden. Dêrom is har troch de jierren hinne ferskate kearen bêdrêst foarskreaun. Yn desimber 2018 bekende Hyland yn in fraachpetear mei it tydskrift Self dat se op in stuit selsmoard yn omtinken nommen hie om't se it gefoel hie in lêst foar har famylje te wêzen en om't se har skamme dat har lichem har heite nier ôfstaat hie.

Yn 2009 krige Hyland in relaasje mei akteur Matt Prokop, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't se tegearre audysje diene foar de film High School Musical 3: Senior Year. Hyland en Prokop wennen gear fan 2011 oant 2014. Yn septimber 2014 frege Hyland in tydlik omgongsferbod oan tsjin Prokop, nei't er har mishannele en bedrige hie. De rjochter kende dat kontaktferbod ta. Fan febrewaris 2015 oant 2017 gie Hyland om mei Dominic Sherwood, har tsjinspiler út 'e film Vampire Academy. Yn 2017 begûn se in relaasje mei Wells Adams, in radiopresintator, mei wa't se har yn july 2019 ferloofde. Se wennet mei him gear yn Los Angeles.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

lieten
  • 2017 – (I've Had) The Time of My Life (mei de cast fan Dirty Dancing op soundtrackalbum fan dy film)
  • 2017 – Don't think Twice, It's All Right (mei de cast fan Dirty Dancing op it soundtrackalbum fan dy film)
  • 2017 – Closer (mei Boyce Avenue op Cover Sessions, Vol. 4)
  • 2017 – Don't Wanna Know (mei Boyce Avenue op Cover Sessions, Vol. 4)
  • 2018 – Know U Anymore (mei BoTalks, útbrocht as single)
  • 2019 – Met at a Party (mei Jordan McGraw, útbrocht as single)

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1997–1998 Another World Rain Wolfe weromkearende rol; ûnbekend tal ôfl.
1998 Trinity bleu famke gastrol; ôfl. No Secrets
1999 Annie Molly tillefyzjefilm
nom. Young Artist Award foar bêste jonge cast yn in spylfilm of tillefyzjefilm
2000 Joe Gould's Secret Elizabeth Mitchell tillefyzjefilm
2000 The Audrey Hepburn Story Audrey Hepburn (8 jr.) tillefyzjefilm
2000 All My Children Karen gastrol; 2 ôfl.
2000 Falcone Jess Pistone Egan minysearje
2001 Law & Order: Special Victims Unit Lily Ramsey gastrol; ôfl. Repression
2002 Touched by an Angel Grace gastrol; ôfl. A Feather on the Breath of God
2004 Law & Order Kristine McLean gastrol; ôfl. The Dead Wives Club
2005 Law & Order: Trial by Jury Brianne Colby gastrol; ôfl. Vigilante
2007 One Life to Live Heather weromkearende rol; 7 ôfl.
2008–2009 Lipstick Jungle Maddie Healy weromkearende rol; 15 ôfl.
2009 Law & Order: Special Victims Unit Jennifer Banks gastrol; ôfl. Hothouse
2009–2020 Modern Family Haley Dunphy fêste rol; 11 seizoenen
4 × Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in komeedzjesearje (2011–2014)
4 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in komeedzjesearje (2010, 2015–2017)
nom. Critics' Choice Television Award foar bêste byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje (2013)
2 × nom. Teen Choice Award foar bêste tillefyzje-aktrise yn in komeedzjesearje (2018, 2019)
nom. Teen Choice Award foar bêste trochbraak (2010)
nom. Teen Choice Award foar sênesteller (2012)
nom. Kids' Choice Award foar favorite froulike tillefyzjestjer (2016)
2010 Cubed harsels as dielnimster; ôfl. 2.4
2011 Children's Hospital bekend persoan gastrol; ôfl. Nip/Tug
2011 Geek Charming Dylan Schoenfield tillefyzjefilm
2012 Punk'd harsels ferburgenkameraprogramma; ôfl. Lucy Hale
2012 Perception famke mei it syndroom fan Gilles de la Tourette gastrol; ôfl. Kilimanjaro
2012–2015 Randy Cunningham: 9th Grade Ninja Theresa Fowler as stimaktrise; weromkearende rol; 11 ôfl.
2013 Call Me Crazy: A Five Film Grace tillefyzjefilm; segmint Grace
2013 Bonnie & Clyde Blanche Barrow minysearje
2014 Robot Chicken DC Comics Special 2: Villains in Paradise Lena Luthor as stimaktrise; tillefyzjespecial
2014 Hot in Cleveland Ivy gastrol; ôfl. Rusty Banks Rides Again
2015 Repeat after Me harsels ôfl. Episode 101
2015 The Lion Guard: Return of the Roar Tiifu as stimaktrise; tillefyzjefilm
2016 Lip Sync Battle Shorties harsels presintatrise; 1e ôfl.
2016–2017 The Lion Guard Tiifu as stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl.
2017 Lip Sync Battle harsels ôfl. Sarah Hyland vs. DeAndre Jordan
2017 Dimension 404 Chloe gastrol; ôfl. Cinethrax
2017 Dirty Dancing Lisa Houseman tillefyzjefilm
2017 Shadowhunters Seelie Queen gastrol; 2 ôfl.
2017 The Lion Guard: The Rise of Scar Tiifu as stimaktrise; tillefyzjefilm
2019 Veronica Mars Alyssa gastrol; ôfl. Heads You Lose
2020 RuPaul's Drag Race All Stars harsels as sjuerylid; ôfl. SheMZ
2020 Celebrity Game Face harsels 1e ôfl.
2021 Epic Rose pilotôflevering
films
1997 A Tall Winter's Tale Elizabeth
1997 Private Parts dochter fan Howard Sterns
1998 The Object of My Affection Molly
1998 Advice from a Caterpillar Lizbeth
1999 Cradle Will Rock Silvano / Giovanna
2002 The Empath de jonge Christine
2004 Spanglish útfanhûzer
2007 Blind Date famke as stimaktrise
2010 Monster Heroes Delilah
2010 Cougars, Inc. Courtney
2011 Conception Tracey
2012 Struck by Lightning Claire Matthews
2013 Scary Movie 5 Mia
2013 April Apocalypse Samm
2014 Vampire Academy Natalie Dashkov
2014 Date and Switch Ava
2015 See You in Valhalla Johana Burwood ek filmprodusinte
2016 Satanic Chloe
2016 Lego DC Comics Super Heroes: Justice League – Gotham City Breakout Batgirl as stimaktrise
2016 XOXO Krystal ek útfierend produsinte
2019 The Wedding Year Mara Hickey ek útfierend produsinte
fideoklips
2009 In the Moonlight (Do Me) aktrise nûmer fan Reid Ewing
2016 Like I Did aktrise nûmer fan Shane Harper
2016 Closer sjongster nûmer fan Boyce Avenue en Sarah Hyland
2016 Don't Wanna Know sjongster nûmer fan Boyce Avenue en Sarah Hyland
2017 Don't Think Twice, It's All Right sjongster nûmer fan Sarah Hyland en J. Quinton Johnson
2018 Know U Anymore sjongster nûmer fan BoTalks en Sarah Hyland

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.