Polyteïsme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Polyteïst)
Ofbylden fan Egyptyske goaden yn it Carnegie Museum of Natural History.

It polyteïsme, ek wol meargoaderij neamd, is in foarm fan godstsjinst dy't yn it ferline in tige grutte fersprieding kennen hat en dy't ek hjoed de dei noch in protte foarkomt, bygelyks yn in grut part fan it hindoeïsme, en fierders yn it sjintoïsme en yn in protte natoerreligyen. Yn 'e Westerske wrâld, dêr't it troch de dominante posysje fan it deroan tsjinstelde monoteïsme suver útband wie, komt it de lêste iuw wer werom fia it moderne heidendom.

Oarsprong fan it polyteïsme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Polyteïsme komt nei alle gedachten fuort út in gefoel dat de measte saneamd "primitive" folken gemien hawwe, dat se omjûn wurde troch in ûnsichtbere wrâld fan boppenatoerlike krêften. By guon folken waarden en wurde dy krêften net ta ûnderskate geasten of goaden transformearre, mar earder ûnderfûn as in mysterieuze, ûnpersoanlike oanwêzichheid, ek wol beskreaun as in soarte fan elektrisiteit of radio-aktiviteit, dy't op 'e eilannen yn 'e Stille Súdsee mana en by guon Noardamerikaanske Yndianefolken manitu, orenda, oki of wakanda neamd wurdt. Men leaude - en leaut - dat dy krêft yn alles skûlet, fan minsken en bisten oant wetter en stiennen. Oare folken fielden deselde oanwêzichheid, mar dielden dy op yn in stikmannich dúdlik faninoar skate godlike machten, sadat der in primityf polyteïsme ûntstie. Sa leauden de âlde Arabieren bygelyks dat harren lân befolke waard troch ornaris ûnsichtbere, mar dochs ta ynteraksje mei minsken by steat wêzende geasten, dy't se djinn neamden.

Foarstelling fan goaden yn it polyteïsme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferskillende goaden dy't by in mear ûntwikkele polyteïsme fereare wurde, kinne saneamde numina (inkeltal numen) wêze, abstrakte godlike machten dy't net personifiëarre wurde. Mar folle mear komt it foar dat se foarsteld wurde mei antropomorfe, dus minskeftige, karaktereigenskippen en it stal oannimme fan in minske of in bist, of fan in kombinaasje fan dy beide – lykas de bekende en yn Yndia tige populêre hindoeïstyske god Ganesha, dy't ôfbylde wurdt as in man mei in oaljefantekop, of lykas de Egyptyske god Hoarus, dy't ôfbylde waard as in man mei in falkekop. De klassike foarm fan it polyteïsme kin fûn wurde by frijwol alle âlde beskavings:

Oardering fan 'e polyteïstyske panteons[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wiene de polyteïstyske leauwenssystemen sûnder oarder en wiene de goaden boppedat yn rang gelyk oaninoar. Troch de iuwen hinne, lykwols, waard dêr yn alle boppeneamde kultueren op trije ûnderskate manearen feroaring yn brocht.

Henoteïsme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it foarste plak ûntjoech de godtsjinst him ta in foarm fan polyteïsme dy't henoteïsme neamd wurdt. Dêrby leaut men dat ien fan 'e goaden heger of machtiger is as de oaren en dichtet men dy dêrom de status fan oergod ta. Yn frijwol alle gefallen kaam dizze posysje ta oan in manlike of androgyne (twaslachtige) god; in oergoadinne kaam eins net foar (de útsûndering op dy regel wie de goadinne Pinnenkir, dy't iuwenlang de oergoadinne fan it Elamityske panteon wie).

By de Sûmeariërs hiet de oergod fan Enlil, by de Babyloaniër fan Mardûk, by de âlde Assyriërs fan Assûr, by de Kanaäniten fan Eel, by de âlde Egyptners fan Ra (en letter fan Osieris), by de Hettiten en de Hoerriten fan Tessûb, by de Oerarteeërs fan Haldy, by de Griken fan Seus, by de Romeinen fan Jupiter, by de Kelten Teutases, by de Germanen Odin of Weda, by de Slaven fan Perûn en by de Balten Perkūnas of Pērkons.

Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat de oergod eins nea de earste god wie; ornaris moast er de striid oangean om ien of mear eardere generaasjes goaden te ferslaan of sels te deadzjen, ear't er syn posysje ynnimme koe. Sa moat Mardûk yn it Babyloanyske epyske gedicht Enuma Eliš ("Doe Dêrboppe") earst de oerskepsels Tiamat, Apsû en Mûmmû deadzje, en moat Seus yn 'e Grykske mytology earst de titanen, de generaasje fan syn heit Kronos, de god fan 'e tiid, ferslaan en ferbalje. Op 'en doer kamen de measte oergoaden trouwens te fier fan 'e minsken ôf te stean en namen se in selde posysje yn as de Himelgod.

Mytefoarming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it twadde plak waarden der troch mytefoarming famyljebannen tusken de goaden ûnderling lein. It Grykske panteön is dêr in goed foarbyld fan. Seus, de oergod, wie troud mei syn eigen suster, de rjochtlinige, freeslik oergeunstige en ûnsympatike Heara, de goadinne fan it houlik, dy't allegeduerigen troch him bedragen waard. Poseidon, de god fan 'e see, Hades, de god fan 'e ûnderwrâld, en Aeolus, de god fan 'e winen, wiene jongere bruorren fan Seus. Hoewol't Seus in grut tal bern hie, skonk Heara him mar twa soannen, de kreupele Hefaïstos, god fan it fjoer en de metaalbewurking, en de kriichshaftige Ares, god fan 'e oarloch.

Pallas Atene, ek wol koartwei Atene neamd, dy't behalven beskermfrouwe fan 'e stêd mei deselde namme ek goadinne fan 'e wiisheid, keunst en wittenskippen wie, waard op wûnderbaarlike wize berne út 'e holle fan Seus, sûnder dat der in froulike partner oan te pas kaam. By de goadinne Leto, út it geslacht fan 'e titanen, sette Seus de twilling Artemis, de goadinne fan 'e jacht, en Apollo, de god fan 'e skiene keunsten, oan. By de nimf Maja, de dochter fan 'e titaanske reus Atlas, dy't it himelferwulft op syn rêch droech, waard Seus heit fan Hermes, de wjukfuottige boadskipper fan 'e goaden dy't teffens de god fan 'e keaplju, dieven, útfinings, wolsprekkendheid, goede manearen en slûchslim belied wie. Seus syn suster Demeter, de goadinne fan 'e lânbou en fruchtberens, skonk him Persefoné, dy't troude mei Hades en keninginne fan 'e ûnderwrâld waard. Afrodite, de goadinne fan 'e leafde, wie de dochter fan Seus en Dione (hoewol't se neffens in âldere myte by Syprus út it seeskom opriisd wie) en de mem fan 'e bekende leafdesgod Kupido.

Behalven fan goadinnen en nimfen wie Seus ek net fiis fan gewoane froulju. Sadwaande wied er net inkeld heit fan in hiele generaasje goaden, mar ek fan in grut tal healgoaden. Ien dêrfan wie de held Perseus, dy't er oansette by de hermetysk opslettene Argioatyske prinsesse Danaë, doe't er yn 'e foarm fan in stream gouden ljocht mei har de leafde bedreau. In oaren wie de noch ferneamdere held Hearakles (better bekend ûnder syn Latynske namme Herkules), dy't Seus oansette doe't er Perseus syn pakesizzer Alkmene (syn eigen oerpakesizzer dus), ferlate yn 'e foarm fan har wettige man Amfitryon.

Underferdieling yn hillige nûmerike ienheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it trêde plak, ta einbeslút, waarden goaden faak ûnderferdield yn trije-, sân- of njoggentallen, dy't fanwegen harren nûmerike hillichheid metafoaren foarmen foar it hiele panteön. Yn 'e Grykske mytology wiene der bygelyks trije wraakgoadinnen (Alekto, Magaera en Tisifoné); sân plejaden, dochters fan 'e titaan Atlas en Pleione (Alkyone, Asteropé, Elektra, Kelaino, Maja, Meropé en Taygeté); en njoggen muzen, oftewol goadinnen fan 'e skiene keunsten (Erato, Euterpé, Kaliopé, Klaeo, Melpomené, Polyhymnia, Terpsichoré, Talia en Urania).

In oar foarbyld fan dizze opdieling yn hillige nûmers foarmje de tritsen fan 'e wichtichste goaden fan it panteön, dy't by in soad polyteïstyske religyen foarkamen. Sa bestie by de Romeinen oarspronklik de trits fan Jupiter, de oergod, Mars, de god fan 'e oarloch, en Kwirinius, de god fan iten en beskerming. By de Germanen bestie de trits út Odin/Weda, de oergod, Thor/Tonger, de god fan 'e tonger, en Tyr/Tiuw, de god fan 'e oarloch. Ek de Kelten hienen in trits, dy't bestie út Teutases, de oergod, Esus, de god fan 'e oarloch, en Taranis, de god fan 'e tonger.

Ofbyld fan 'e Keltyske oarlochs-god Esus op 'e Pilier des nautes, dy't oarspronklik yn in Gallo-Romeinske timpel yn Lutetia (no Parys) stie.

Oerienkomsten tusken de ûnderskate panteöns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it sa ûntstiene, oardere, henoteïstyske panteön mei de oergod oan it haad, belichemen de oare goaden ornaris de ferskillende fasetten fan it libben, lykas emoasjes, natoerkrêften en beroppen. Benammen by de Jeropeeske foarmen fan it polyteïsme, dy't inoar oer en wer sterk beynfloeden, kinne sokke goaden mei-inoar identifisearre wurde. Sa hiet de god fan 'e see by de Griken Poseidon, by de Romeinen Neptunus en by de Germanen Ægir of Eger; de god fan 'e ûnderwrâld hiet by de Griken Hades en by de Romeinen Pluto; de god fan 'e keaplju en de dieven wie by de Griken Hermes en by de Romeinen Merkuerius; de goadinne fan 'e jacht hiet by de Griken Artemis, by de Romeinen Diana en by de Kelten Ardûinna; en de god fan 'e oarloch wie by de Griken Ares, by de Romeinen Mars, by de Germanen Tyr/Tiuw en by de Kelten Esus.

Monolatry[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch dizze organisaasje fan 'e panteöns waard de opkomst fan in foarm fan polyteïsme yn 'e hân wurke dy't fan monolatry hjit. Monolatry is it útslutende tsjinjen fan ien beskate god as dejinge dêr't men op betrout, wylst men it bestean fan in grut tal oare goaden net ûntkent. Sa kaam it bygelyks foar dat Grykske keaplju útslutend Hermes en Grykske seelju útslutend Poseidon, harren beskermgoaden, tsjinnen, hoewol't se net ûntstrieden dat Seus, Heara, Ares, Hades, Apollo, Artemis, Afrodite en alle oare goaden fan it panteon ek bestienen. Fierders wurke ek it bestean fan pleatsbûne, lokale, mindere goaden (lykas rivier- en berchgoaden) mei oan 'e opkomst fan monolatry.

Idolatry[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oar religieus ferskynsel dat faak mei polyteïsme ferbûn wurdt, is idolatry, dat it oanbidden of ferearjen fan in byld (of tinkbyld) yn stee fan 'e goaden (of God) ynhâldt. De minne reputaasje dy't dizze foarm fan godstsjinst yn it Westen oer it algemien hat, komt fuort út 'e ûnearlike en lytsachtsjende manear dêr't de âlde Kanaänityske religy yn it Alde Testamint fan 'e Bibel op behannele wurdt. De joadske profeten hiene nammentlik in ôfgriis fan 'e Kanaänityske praktyk fan idolatry en stelden it foar as waarden de goadebylden sèls oanbean. Yn wurklikheid wiene de bylden net mear as foarstellings fan 'e goaden, dy't om dy reden grif as hillich beskôge waarden, mar dy't ek net mear wiene as dàt; it wiene helpstikken dy't troch de minsken brûkt waarden om in better besef fan 'e goadewrâld te krijen. Yn dy sin wiene de Kanaänityske goadebylden persiis itselde as de roomske en otterdokse hilligebylden, ikoanen en krusifiksen. Idolatry komt ek hjoed de dei noch in protte foar, net inkeld yn it kristendom, mar ek yn it hindoeïsme, boedisme, it sjintoïsme en de natoerreligyen.

Soölatry[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In aparte foarm fan idolatry is soölatry, it oanbidden of ferearjen fan in libben bist ynstee fan of as in manifestaasje fan in god (of God). Dêrby giet it dan almeast om in útsûnderlik bist fan in spesjale kleur of mei oare spesjale lichemseigenskippen. Soölatry komt benammen foar yn it Fiere Easten, bygelyks yn Tailân, dêr't wite oaljefanten (dy't as gefolch fan in resessive erflike ôfwiking in slim pigmintbrekme hawwe) as tige hillich beskôge wurde. Ek de ferearing fan kij yn it hindoeïsme is in foarm fan soölatry.

Relaasjes tusken goaden en minsken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Polyteïsme yn al syn foarmen wurdt frijwol altyd karakterisearre troch in holistysk wrâldbyld, wat ynhâldt dat men leaut dat alle dingen, ek de goaden, fan ien en deselde matearje makke binne. Dêrút folget dat der gjin kleau gappet tusken minsken en goaden lykas yn 'e kristlike tradysje; de goaden steane inkeld in pear triemmen heger as de minsken, mar wol op deselde ljedder. Dêrby komt noch dat yn polyteïstyske godstsjinsten de goaden almeast net as almachtich beskôge wurde, mar folle earder as bleatsteld oan deselde natoerwetten as de minsken.

Sadwaande fûn men, yn elts gefal yn 'e Aldheid, epifanyen, godlike ferskinings, frij normaal; as goaden nammentlik net wêzentlik fan minsken ferskilden, koe men har gewaarwurde sûnder der in protte opskuor oer te meitsjen. Men leaude dan ek dat de wrâld fol goaden wie; men koe harren by wize fan sprekken sa op 'e dyk tsjinkomme yn 'e persoan fan in willekeurige ûnbekende. Dat idee ferklearret ek it nuvere ferhaal yn 'e bibelske Hannelingen fan de Apostels (14 : 8-19), wêrby't de apostels Paulus en Barnabas yn 'e Lytsaziatyske stêd Lystra sels noch yn 'e earste iuw nei Kristus oansjoen wurde foar de goaden Seus en Hermes.

Relaasjes tusken polyteïstyske religyen ûnderling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oar skaaimerk fan polyteïstyske religyen is de grutte tolerânsje foar oarsleauwigen oer, dy't fuortkomt út 'e ûnbeheindens fan 'e panteöns; der is ommers altyd wol romte foar noch in god of goadinne. Fanút dy opfetting namen de stifters fan 'e grutte riken fan 'e Aldheid (Babyloaniërs, Assyriërs, Egyptners, Hettiten, Meden, Perzen, Griken, Etrusken, Kartagers, Romeinen, ensfh.) dan ek gauris de goaden fan 'e troch harren ûnderwurpen folken op yn har eigen mytology.

Sa namen de Romeinen de god Apollo mei namme en al oer fan 'e Griken; fierders ferienigen se yn Juno, dy't troud wie mei Jupiter, mar dy't yn 'e oarspronklike Romeinske mytology net foarkaam, trekken fan 'e Grykske goadinne Heara en de Etruskyske goadinne Uny; en boppedat koe sels de moannegoadinne Diana fan Nemy, de beskermfrouwe fan ûntsnapte en flechte slaven, dêr't de Romeinske elite dus dúdlik neat mei op hie, sûnder swierrichheden har plak yn it panteön ynnimme.

Oare goaden begûnen út harsels "te swalkjen", sûnder dat der politike machtsferskowings oan te pas kamen. De Grykske god Dionysus (fan wyn, dronkenskip en ekstaze) bygelyks, wie nei alle gedachten fan Trasyske oarsprong, hoewol't er neffens de myte in soan fan Seus en de Tebaanske prinsesse Semele wie. En de god Sabazes of Sabazius, út Frygje, yn Lyts-Aazje, rekke yn 'e fjirde iuw f.Kr. sels bekend yn Afrika, dêr't er, nei alle gedachten troch identifikaasje mei de Semityske god Baäl, de posysje fan Himelgod berikte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor's Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • ―, Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Langley, M., Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • Smith, H., De Religies van de Wereld, Utert, 1999.