Springe nei ynhâld

Peyton List (1986)

Ut Wikipedy
Peyton List
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammePeyton List
nasjonaliteit Amerikaansk
berne8 augustus 1986
berteplakBoston (Massachusetts)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf2000 – no
offisjele webside
Peyton List op Twitter
Dizze side giet oer de aktrise út As the World Turns en Star Trek: Picard. Foar de aktrise út Jessie en 27 Dresses, sjoch: Peyton List (1998).

Peyton List (Boston (Massachusetts), 8 augustus 1986) is in Amerikaansk aktrise, model en dûnseresse, dy't bekend waard mei har rol as Lucy Montgomery yn 'e soapsearje As the World Turns. Yn 'e twadde helte fan 'e 2000-er en de earste helte fan 'e 2010-er jierren spile se û.m. yn 'e tillefyzjesearjes Mad Men en FlashForward. Letter hie List in weromkearende rol as de supersmjunt Poison Ivy yn 'e fantasytillefyzjesearje Gotham. Fan 2020 ôf hat se in byrol as antagoniste yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Picard.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

List waard yn 1986 berne yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, as de dochter fan Douglas List en dy syn frou Sherri Anderson. Tegearre mei har suster Brittany groeide se op yn Baltimore, dêr't se oan 'e Calvert School de legere skoalle en middelskoalle trochrûn. Neitiid folge se middelber ûnderwiis oan 'e Roland Park Country School, in famkesskoalle. Teffens learde List ballet oan 'e School of American Ballet, yn New York. Tegearre mei har suster Brittany makke se yn 1997 har debút op it wite doek as figurante yn 'e dramafilm Washington Square.

Karriêre as model

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei njoggen jier begûn List te wurkjen as model. Dêrby wurke se benammen as mannekên foar kleankatalogussen en wie se ek yn it tal reklamespotsjes te sjen.

Karriêre as aktrise

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 hie List in lyts roltsje op 'e tillefyzje, yn 'e dramasearje Sex and the City. It jiers dêrop hie se in oare lytse rol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Law & Order: Special Victims Unit, en teffens sette se yn 2001 útein mei de fêste rol fan Lucy Montgomery yn 'e soapsearje As the World Turns. Yn 2005 liet se harsels út dy rige skriuwe. Neitiid hie List gastrollen yn û.m. de fantasysearjes Smallville en Ghost Whisperer en de plysjesearjes Without a Trace, CSI: Miami, CSI: New York, CSI: Crime Scene Investigation en Hawaii Five-0.

List waard yn 2006 cast yn 'e fêste rol fan Tally Reida yn 'e searje Windfall, dy't lykwols al nei ien seizoen stilset waard. Yn 2007 hie se fannijs in fêste rol, diskear yn 'e rige Big Shots, mar ek dy hold al nei ien seizoen op. Fan 2008 oant 2013 fertolke List de rol fan Jane Sterling yn 'e bekroande searje Mad Men. Yn 2009 en 2010 wie hja dêrnjonken ek te sjen as Nicole Kirby, yn 'e science fiction-tillefyzjesearje FlashForward. Yn 2013 krige List de haadrol fan Cara Coburn taparte, yn 'e science fiction-rige The Tomorrow People.

Wilens belibbe List yn 2005 har debút op it wite doek mei in rol yn 'e sportfilm The Greatest Game Ever Played. Se spile ek yn films as Shuttle (2008), Meeting Evil (2012) en Playing It Cool (2014). Yn 2015 hie List in gastrol yn 'e superheldesearje The Flash as de Golden Glider. Yn 'e soapsearje Blood & Oil hie se datselde jiers in weromkearende rol. Yn 2016 en 2017 spile se de haadrol fan Raimy Sullivan yn 'e science fiction-detektivesearje Frequency.

Yn 2018 en 2019 hie List yn seizoen 4 en 5 fan 'e fantasysearje Gotham in weromkearende rol as de supersmjunt Poison Ivy. List bemachtige yn 2020 in weromkearende rol as Nadia yn 'e dramasearje Charmed. Yn Star Trek: Picard, in nije science fiction-tillefyzjesearje út 'e Star Trek-franchise, spile se fan 2020 ôf de rol fan Narissa, in lid fan 'e Romulaanske geheime plysje dy't ûnder de identiteit fan luitenant Rizzo de Stjerrefloat ynfiltrearre hat.

Peyton List hat in nammegenoate yn har kollega-aktrise Peyton List dy't berne is yn 1998. De jongere List fertelde yn in fraachpetear yn it tillefyzjeprogramma Access Hollywood dat sy gauris de namme Peyton R. List brûkt om betizing foar te kommen. It Amerikaansk fakbûn SAG-AFTRA, dat yn 'e Feriene Steaten sizzenskip oer de akkreditaasje hat dêr't akteurs ferlet fan hawwe om as sadanich wurkje te meien, besiket oars yn 'e regel om mear as ien akteur mei deselde namme foar te kommen, mar dit gefal waard oer de holle sjoen. Peyton List en Peyton List spilen yn 'e soapsearje As the World Turns op in stuit yn deselde sêne. Beide aktrises wiene ek as stimaktrise belutsen by de animearre superheldefilm Batman: Hush (2019).

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2000Sex and the Cityblond famke #1ôfl. Hot Child in the City
2001Law & Order: Special Victims Unit   Patsyôfl. Pixies
2001–2005As the World TurnsLucy Montgomeryfêste rol
2003Law & Order: Special Victims UnitChloe Duttonôfl. Soulless
2005 & 2010SmallvilleLucy Laneweromkearende rol; 2 ôfl.
2005Just LegalParadise Colvingastrol; ôfl. Pilot
2005Without a TraceDina Kingstongastrol; ôfl. From the Ashes
2005CSI: MiamiAlexa Endecottgastrol; ôfl. Felony Flight
2005CSI: NYAlexa Endecottgastrol; ôfl. Manhattan Manhunt
2006One Tree HillSolarisgastrol; ôfl. All Tomorrow's Parties
2006WindfallTally Reidafêste rol
2006Day BreakAvaweromkearende rol; 3 ôfl.
2007–2008Big ShotsCameron Collinsworthfêste rol
2008–2013Mad MenJane Siegelweromkearende rol; 15 ôfl.
2008MoonlightTierney Taylorgastrol; ôfl. Click
2008Ghost WhispererLorelei / Georgia Kentgastrol; ôfl. Save Our Souls
2008CSI: Crime Scene InvestigationMichelle Tournaygastrol; ôfl. Leave Out All the Rest
2009MonkTanya Adamsgastrol; ôfl. Mr. Monk and the Magician
2009–2010FlashForwardNicole Kirbyfêste rol
2010Hawaii Five-0Erica Harrisgastrol; ôfl. Palekeiko
2011Charlie's AngelsZoe Sinclair / Oswaldgastrol; ôfl. Black Hat Angels
2012House of LiesBritneygastrol; ôfl. Bareback Town
201290210Lindsey Beckwithweromkearende rol; 4 ôfl.
2013–2014The Tomorrow PeopleCara Coburnfêste rol
2015The FlashLisa Snart / Golden Gliderweromkearende rol; 3 ôfl.
2015Blood & OilEmma Lundergrenweromkearende rol; 6 ôfl.
2016–2017FrequencyRaimy Sullivanfêste rol
2017Law & Order: Special Victims UnitMargery Evansgastrol; ôfl. The Newsroom
2018–2019GothamIvy Pepper / Poison Ivyweromkearende rol; seizoen 4–5
2018ColonyAmy Leonardweromkearende rol
2020–noCharmedNadiaweromkearende rol; 4 ôfl.
2020Star Trek: PicardNarissa / luitenant Rizzoweromkearende rol
2021Blade Runner: Black LotusJosephine Granthaadrol; as stimaktrise
films
2005The Greatest Game Ever PlayedSarah Wallis
2008ShuttleMel
2008Deep WinterElisa Rider
2011Low FidelityGeorgia
2012Meeting EvilTammy Strate
2014Playing It Coolseksy famke
2019Batman: HushPamela Isley / Poison Ivyas stimaktrise
fideoklips
2011If I Had a Gun...breidliet fan Noel Gallagher's High Flying Birds
2012Amazing Eyesfaamliet fan Good Old War

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.