Peyton List (1998)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Peyton List
Filmklapper.png akteur
Peyton Roi List.JPG
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peyton Roi List
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 6 april 1998
berteplak ? (Floarida)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
gjint
1rightarrow.png Dizze side giet oer de aktrise út Jessie en 27 Dresses. Foar de aktrise út As the World Turns, Mad Men en FlashForward, sjoch: Peyton List (1986).

Peyton List (folút: Peyton Roi List; Floarida, 6 april 1998) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise, model en presintatrise. Hja is benammen bekend wurden mei har rol as Emma Ross yn 'e Disney-komeedzjesearje Jessie, en mei har fertolking fan 'e jonge Jane Nichols yn 'e film 27 Dresses, út 2008.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peyton List waard yn 1998 berne yn 'e Amerikaanske steat Floarida, mar har âlden ferhuzen yn 2002 mei harren gesin nei de stêd New York, dêr't List fierder opgroeide. Hja hat twa bruorren, Spencer (har twillingbroer) en Phoenix, dat beide ek akteurs en modellen binne.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

List har earste tillefyzjerol wie as figurante yn 'e soapsearje As the World Turns (yn ôflevering 143 fan seizoen 47), yn 2002, doe't se fjouwer jier wie. Har earste filmrol wie ek as figurante, yn 'e superheldefilm Spider-Man 2, út 2004, doe't se seis jier wie. Neitiid hie se geregeldwei lytse roltsjes yn films en tillefyzjesearjes. Har earste gruttere rol wie dy fan 'e jonge Jane Nichols, yn 'e film 27 Dresses, út 2008. Yn 2010 spile List yn 'e film Remember Me in famke dat it suske fan it personaazje fan akteur Robert Pattinson narret. Datselde jiers hie se ek in rol yn 'e Disney-film The Sorcerer's Apprentice, wylst se teffens mei Jeri Ryan te sjen wie yn Secrets in the Walls.

Om dyselde snuorje hinne begûn List te wurkjen as model, sawol allinnich as mei har twillingbroer Spencer. Hja hat ûnderwilens meiwurke oan mear as fjouwerhûndert advertinsjes foar in ferskaat oan bedriuwen. Yn 2009 stie se op 'e omslach fan 'e Wer nei Skoalle-edysje it tydskrift American Girl, en yn 2011 wie se in model foar it jongereinblêd Justice.

Yn 2011 briek List troch mei har rol fan Emma Ross, de âldste dochter yn in gesin mei fjouwer bern, yn 'e Disney-komeedzjesearje Jessie. As tsjinspilers hie se dêrby û.m. Debby Ryan, Karan Brar en Skai Jackson. Sûnt se mei dy rol úteinsette, hat List ferskate kearen yn gastrollen te sjen west yn oare Disney-searjes, lykas Austin & Ally, Good Luck Charlie en I Didn't Do It. Ek yn 2011 hie List in wichtige rol yn 'e ôflevering Possessed fan 'e plysjesearje Law & Order: Special Victims Unit. Fan 2013 ôf is List ien fan 'e presintators fan 'e show Pass the Plate. Yn 2015 waard bekendmakke dat de rige Jessie nei dat seizoen ophâlde soe, mar dat List, Brar en Jackson deselde rollen wer opnimme soene yn in noch ûntitele spin-off-rige.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

List is in aktyf lid fan 'e Disney Channel Circle of Stars. Hja wennet yn Kalifornje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.