Springe nei ynhâld

When Hitler Stole Pink Rabbit

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Out of the Hitler Time)
When Hitler Stole Pink Rabbit
algemiene gegevens
auteur Judith Kerr
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre berneboek
1e publikaasje 1971, Londen
oarspr. útjwr. Puffin Books
prizen Deutscher Jugendlit.preis 1974
rige
rige Out of the Hitler Time
● foarich diel (1e diel)
● folgjend diel Bombs on Aunt Dainty
kodearring
ISBN 978-0 14 24 14 088

When Hitler Stole Pink Rabbit is in ferneamd semy-autobiografysk berneboek fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwster Judith Kerr (1923-2019). De titel betsjut: "Doe't Hitler Rôs Knyntsje Stiel". It is in roman dy't ferhellet oer de opkomst fan it nazisme yn 'e Weimarrepublyk yn 'e iere 1930-er jierren, sjoen troch de eagen fan in famke fan njoggen. De Dútsktalige oersetting Als Hitler das rosa Kaninchen stahl wûn yn 1974 de Deutscher Jugendliteraturpreis, en it boek foarmet tsjintwurdich op 'e measte sskoallen yn Dútslân in ferplichte ûnderdiel fan 'e learstof. When Hitler Stole Pink Rabbit wurdt ek op Britske skoallen faak brûkt as yntroduksje ta lessen oer de nazytiid. It waard foar it earst publisearre troch útjouwerij Puffin Books yn 1971. When Hitler Stole Pink Rabbit is it earste diel fan 'e trilogy Out of the Hitler Time.

Auteur Judith Kerr, in Joadinne, brocht har ierste jonkheid troch yn Berlyn doe't dêr de nazys yn opkomst wiene. Har heit, de teäterkritikus Alfred Kerr, dy't net inkeld in Joad wie, mar ek noch iepentlik krityk op 'e nazys hie, waard op in deadelist set. Dat, doe't Adolf Hitler yn maart 1933 oan 'e macht kaam, moast de húshâlding Dútslân ûnflechtsje. Se namen de wyk nei Switserlân en giene dêrwei nei Parys. Uteinlik fêstigen se har yn 1936 yn 'e Britske haadstêd Londen.

Doe't har soan Michael acht jier wie, gie Kerr mei de hiele húshâlding nei de musical The Sound of Music, dy't doe yn 'e bioskopen draaide. Kerr, dy't de joadeferfolging sels meimakke hie, fûn it in ferskriklike film, mar nei't se út 'e bioskoop kamen, sei Michael tsjin har: "No witte we hoe't it wie doe't mem lyts wie." Dat siet Kerr sa dwers dat se besleat om in roman foar bern te skriuwen oer hoe't har jonkheid wier west hie. Yn 1971 ferskynde sadwaande fan har hân When Hitler Stole Pink Rabbit.

It ferhaal begjint yn Berlyn, yn maart 1933, as de njoggenjierrige Anna op in moarn opmerkt dat har heit der net is. Sy en har broer Max ûntdekke dat heit benaud is dat Adolf Hitler de oankommende Ryksdeiferkiezings winne sil, en dat er dêrom de wyk nommen hat nei Praach. Om't heit en mem fan Joadsk komôf binne en om't heit in bekende kritikaster fan 'e nazys is, moat er by in ferkiezingsoerwinning fan Hitler nammentlik freezje foar syn libben. Mem wachtet mei Anna en Max thús yn Berlyn ôf hoe't it mei de ferkiezings beteare sil. Hja hat mei heit ôfpraat dat se har mei de bern yn Switserlân by him jaan sil as Hitler rykskânselier wurdt. Mocht it mei in skamper ôfrinne, dan sil heit wer thúskomme en kin it gesin it deistich libben wer oppakke.

As de foartekens oanboazje dat de NSDAP, de politike partij fan 'e nazys, by de ferkiezings in grutte oerwinning boeke sil, feroarje heit en mem yn tillefoanysk oerlis lykwols fan gedachten, en beslute se de útkomst net mear ôf te wachtsjen. Ynstee ferlit mem mei Anna en Max halje-trawalje Berlyn, ûnder in (foar de bern) bangmeitsjende geheimhâlding. Om net op te fallen, kin der mar in bytsje bagaazje meinommen wurde. Dan moat Anna kieze hokker boartersguodbist se meinimme wol. Om't se mient dat se mei koarten wer thúskomme sil, beslút se har nije wollene hûntsje mei te nimmen en har leave, mar âlde rôze knyntsje efter te litten. Oan dat foarfal is de titel fan it boek ûntliend, mei't Anna fansels nea wer thúskomt en alle efterlitten besittings fan it gesin neitiid troch de nazys yn beslach nommen wurde. Hja sjocht dat as dieverij en komt ta de konklúzje dat Rôs Knyntsje troch Hitler stellen is.

Anna en Max berikke mei mem feilich Switserlân, dêr't se in healjier wenje yn in Gasthof oan 'e igge fan 'e Mar fan Zürich. Heit fynt dat se nei Parys moatte, en set op eigen manneboet dêrhinne ôf om tariedings te meitsjen. As er weromkomt, moat mem mei nei Parys, sadat se tegearre in appartemint hiere kinne. Anna en Max bliuwe sa lang allinnich efter ûnder de hoede fan 'e eigners fan it Gasthof. Underwilens hawwe de nazys ûntdutsen wêr't heit is en wat er útfynt, en se sette in priis fan tûzen Dútske mark op syn holle. As Anna dat heart, wurdt se dêr tige benaud fan, want se mient dat it betsjut dat se heit yn in keamer stopje wolle dêr't se tûzen muntstikken op syn holle falle litte, sadat er úteinlik komt te stikken. Se is dêr suver raar fan, oant Max har útleit wat de útdrukking wier betsjut.

Heit komt alinnich werom om Anna en Max op te heljen, want mem is yn Parys efterbleaun om it appartemint yn te rjochtsjen. Op it treinstasjon ferwiist in kroader harren nei de ferkearde trein, ien dy't nei Dútslân giet. Aldergeloks merkt Anna krekt op 'e tiid in buordsje mei de einbestimming op. Heit wit harren bagaazje, dy't al ynladen is, wer werom te krijen en se finen de goede trein. Yn Parys oankommen, giet Max al rillegau nei in jongesskoalle, mar it duorret in skoft ear't mem einlings in gaadlike legere skoalle foar Anna fynt. Anna hat lange tiid muoite om it Frânsk te begripen, mar op in dei klikt der wat by har yn 'e holle, en dêrnei merkt se dat se floeiend is yn dy taal. Yn 1936, as se twa jier yn Parys wenne hawwe, beslút de húshâlding wer te ferfarren, diskear nei Londen. Heit, dy't troch in petear mei Anna en Max ynspirearre rekke is ta it skriuwen fan in senario foar in biografyske film oer Letitzia Ramolino, de mem fan Napoleon, tinkt nammentlik dat er dat skript oan 'e BBC slite kin. Dat, se stekke mei de fearboat oer en nimme de trein nei Londen. It boek einiget as heit, mem, Anna en Max dêr op it stasjon ferwolkomme wurde troch mem har neef Otto.

When Hitler Stole Pink Rabbit is it earste diel fan 'e trilogy Out of the Hitler Time. It twadde diel is Bombs on Aunt Dainty, út 1975, dat oarspronklik publisearre waard ûnder de titel The Other Way Round. Dat boek giet oer it libben fan Anna en har famylje yn Londen ûnder de Twadde Wrâldoarloch. Anna moat leare om te gean mei de konstante eangst foar Dútske bombardeminten, wylst Max studearret oan 'e Universiteit fan Cambridge. De lêste sênes út it boek spylje op VE Day (7 maaie 1945), de dei fan 'e oerjefte fan nazy-Dútslân.

It trêde diel fan 'e trilogy, dat yn 1978 ferskynde, hjit A Small Person Far Away. Dat boek spilet yn 1956, as Anna yn 'e Londenske wyk Kensington wennet mei har man Richard, dy't as senarioskriuwer wurket foar de BBC. Tsjin 'e eftergrûn fan 'e Kâlde Oarloch en de nijsberjochten oer de oangeande Hongaarske Opstân tsjin 'e Sovjet-Uny moat Anna weromkeare nei West-Berlyn, dêr't har mem wennet. Oan 'e ein fan it boek rekket Anna yn ferwachting fan har earste bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.