Springe nei ynhâld

New Orleans

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Orleans Parish (Louisiana))
New Orleans
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat border|20px Louisiana
Parish Orleans Parish
Sifers
Ynwennertal 369.250 (2012)
Oerflak 907 km² (ynkl. wetter)
467,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 759 / km²
Stêdekloft 1.214.932 (2010)
Hichte -2 – +6 m
Oar
Stifting 1718
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 29°57′53″N 90°04′14″W
Offisjele webside
www.nola.gov
Kaart
New Orleans (Louisiana)
New Orleans
De lizzing fan New Orleans yn 'e steat Louisiana.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Louisiana. Foar oare betsjuttings, sjoch: New Orleans (betsjuttingsside).

New Orleans (útspr.: /nu: 'ɔrliənz/ of /'nu: ɔr'li:nz/, en troch de pleatslike befolking almeast as /'nɔrlənz/; Frânsk: La Nouvelle-Orléans) is de grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Louisiana, en ien fan 'e grutste en wichtichste havenstêden oan 'e Golf fan Meksiko en oan 'e rivier de Mississippy. De bekendste bynamme fan 'e stêd is The Big Easy. Neffens in offisjele skatting út 2012 bedroech it ynwennertal fan 'e stêd doe krapoan 370.000 minsken. De stêdekloft dêr't New Orleans it sintrum fan foarmet, hat lykwols goed 1,2 miljoen ynwenners. De stêd New Orleans en Orleans Parish (Frânsk: paroisse d'Orléans), de bestjoerslaach boppe de sted, binne ien en deselde.

New Orleans hat in stikmannich bynammen, wêrûnder Nawlins ("Nâlins"), dat in fonetyske werjefte is fan 'e lokale útspraak fan 'e namme; NOLA, in gearstalling 'e ôfkoartings foar New Orleans en Louisiana; 504, wat de pleatslike postkoade is; The Crescent City ("De Healmoannestêd"), dat slacht op 'e bocht dy't de Mississippy troch de stêd hinne makket; en The City That Care Forgot ("De Stêd Dêr't de Soargen oan Foarbygien Binne"), wat tsjut op 'e soargeleaze libbenswize dy't de ynwenners hawwe soene. De bekendste bynamme is lykwols The Big Easy ("De Grutte Maklike"). It is net alhiel dúdlik wêr't dy oantsjutting wei komt; it soe wize kinne op it gemak wêrmei't muzikanten yn 'e iere tweintichste iuw yn New Orleans wurk fine koene, mar it is ek mooglik dat it út 'e tiid fan 'e Drûchlizzing komt, doe't de hiele stêd wol as ien grutte speakeasy ("klandestine kroech") beskôge waard.

In satellytfoto fan New Orleans.

New Orleans waard stifte op 7 maaie 1718 troch de Frânske Mississippykompanjy, ûnder lieding fan Jean-Baptiste Le Moyne, hear fan Bienville, oan 'e mûning fan 'e rivier de Mississippy, op lân dat foartiid ta it wengebiet fan 'e Tsjittimatsja-Yndianen heard hie. It waard ferneamd nei Filips II, hartoch fan Orléans, dy't doedestiden regint fan Frankryk wie. New Orleans waard de wichtichste stêd fan 'e Frânske koloanje Louisiana, dy't it hiele streamgebiet fan 'e Mississippy oan 'e Kanadeeske grins ta omfette, in krite dy't letter opdield is oer trettjin ûnderskate Amerikaanske steaten.

By de Frede fan Parys, fan 1763, waard Frankryk twongen dy koloanje op te jaan en kaam it gebiet yn Spaanske hannen. Dêrnei hearde it 37 jier ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko), oant de Spanjerts it yn 1800 wer weromjaan moasten oan Frankryk. Napoleon lykwols, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, koe fanwegen de Britske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn in die dy't yn Frankryk noch altiten beskriemd wurdt, besleat er genoegen te nimmen mei it op ien nei bêste, en ferkocht er hiele Louisiana oan in oare fijân fan 'e Britten: de Feriene Steaten. Dy saneamde Louisiana-oankeap, út 1803, joech de Amerikanen de earste oanset ta wat se letter as harren lotsbestimming beskôgje soene, nammentlik om it Noardamearikaanske kontinint fan kust ta kust te oerhearskjen.

Tsjin 1800 bestie de befolking fan New Orleans fierhinne út Frânsen, in stikmannich Amerikanen en fierders negerslaven. Nei 1803 fûn der in grutte tastream fan Amerikanen, mar fral ek fan Ieren en Dútsers plak. Nei't yn 1804 de Frânske koloanje Sint-Domenikus (Saint-Domingue) ûnôfhinklik waard ûnder de namme Haïty, wêrby't de eardere slaven dêr de macht yn 'e hannen krigen, folge der in úttocht fan tsientûzenen blanken en frije kleurlingen (gens de couleur libre), faak mei har eigen negerslaven, dy't har grutdiels yn New Orleans nei wenjen setten. Dy frije kleurlingen kamen meitiid de Louisiaanske Kreoalen út fuort. Yn 1809 wie troch dizze ymmigraasje, dêr't de Amerikanen it leafst it near op lein hiene, as se mar witten hiene hoe, New Orleans foar likernôch 90% Frânsktalich en foar 63% swart wurden (wêrmei't it de swartste stêd fan 'e Feriene Steaten wie; op it twadde plak lei Charleston, yn Súd-Karolina, dat foar 53% troch swarten bewenne waard).

De Slach om New Orleans, op 8 jannewaris 1815.

Op it lêst fan 'e Oarloch fan 1812 (dy't sa hjit om't er yn dat jier útbriek), stjoerden de Britten in leger fan 11.000 man om New Orleans op 'e Amerikanen te feroverjen. De jonge Andrew Jackson, dy't letter presidint fan 'e Feriene Steaten wurde soe, socht in striidmacht byinoar dy't bestie út pleatslike milysjes, frije kleurlingen, geregelde Amerikaanske legertroepen, frijwilligers út Kentucky wei en seerôvers fan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, en fersloech dêrmei de Britten op 8 jannewaris 1815 yn 'e bloedige Slach om New Orleans. Pas neitiid die bliken dat yn Jeropa de Frede fan Gint al tekene wie op 24 desimber 1814.

Yn 'e njoggentjinde iuw wie New Orleans fierwei de grutste stêd fan it Amerikaanske Suden. As havenstêd spile it in grutte rol yn 'e katoenhannel en de Atlantyske slavehannel. Nei't de Feriene Steaten yn 1808 de ymport fan nije slaven ferbean hiene, konsintrearre New Orleans him datoangeande fan needs op 'e binnenlânske merk. Dêrnjonken foarme it ek it ein- en begjinpunt fan 'e hannel en it transport oer de Mississippy, dat foàr de oanlis fan it spoar de wichtichste manear wie om guod nei it Amerikaanske binnenlân te ferfieren. De Frânsksprekkers beholden yn New Orleans de nûmerike mearderheid oant likernôch 1830. Yn 'e tsien jier dêrop ferdûbele de befolking, en waard de New Orleans de op twa nei grutste stêd fan it lân.

Rivierstoomboaten fan 'e Mississippy yn New Orleans (1853).

Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch sleat de súdlike slavesteat Louisiana him by de Konfederaasje oan. New Orleans waard lykwols al ier yn 'e oarloch fan 'e seekant ôf troch de Noardliken ferovere, en bleau de rest fan 'e oarloch beset gebiet. De Frânsktaligen waarden de dupe fan 'e oarloch; yn 1862 ferbea de Noardlike generaal Ben Butler it Frânsktalich ûnderwiis. Nei't de Boargeroarloch yn 1865 troch it Noarden wûn wie, duorre it noch oant 1868 ear't Louisiana wer ta de Uny talitten waard. Yn 'e tuskentiid kaam de hiele steat ûnder in militêr bewâld, en dat lei noch slimmer it near op it gebrûk fan it Frânsk. Sadwaande wie tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw it persintaazje Frânsksprekkers yn New Orleans bot tebek rûn, al wie it Frânsk sels yn 1902 foar in fearn fan 'e befolking noch de deistige omgongstaal, wylst der yn 1945 noch rûnom âldere Kreoalske froulju wiene dy't gjin wurd Ingelsk sprieken.

Huzen oan Esplanade Avenue yn 'e Kreoalske styl dy't karakteristyk is foar New Orleans.

Oan 'e oare kant ûntkaam New Orleans troch de lange besetting yn 'e Boargeroarloch wol oan 'e grutskalige ferneatiging dy't de oare grutte stêden fan it Suden trof, lykas Richmond en Atlanta. Nei't de militêre besetting yn 1868 opheft wie, waarden troch de Demokratyske Partij, dy't doedestiden oppermachtich wie yn it Suden, wetten ynfierd wêrmei't in systeem fan rasseskieding trochfierd waard yn alle ûnderdielen fan 'e maatskippij, dat de lettere apartheidspolityk fan Súd-Afrika net wanlyk wie. Ekonomysk sjoen rekke New Orleans yn dyselde snuorje yn 'e nederklits. Earst waard it foarbystribbe troch de stêden oan it nij oanleine spoar, dat it ferfier oer de Mississippy oerstallich makke. Doe kamen de stêden oan 'e westkust op, lykas San Fransisko, wêroan't New Orleans in grut part fan syn funksje as havenstêd en poarte nei de bûtenwrâld kwytrekke. En dêrnei, fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw ôf, ferlear New Orleans it as fêstigingsgebiet fan 'e oare stêden fan 'e saneamde Sinnegurdle (Sun Belt) fan it Suden en Westen; Houston, Dallas en Atlanta woeksen New Orleans foarby, en yn 1960 waard it sels troch Miami ynhelle.

De Swarte Boargerrjochtebeweging fan 'e fyftiger en sechstiger jierren soarge derfoar dat de Afro-Amerikaanske en Kreoalske ynwenners fan New Orleans tsjin 1970 einlings en te'n lêsten deselde rjochten krigen hiene as de blanken. Lykwols, der bleau in grutte ynkommenskleau tusken beide maatskiplike groepen, dy't oant hjoed de dei bestiet. Yn de twadde helte fan 'e tweintichste iuw waard New Orleans fierders almar ôfhinkliker fan it toerisme as in boarne fan ynkomsten.

New Orleans stiet splis nei de orkaan Katrina.

Yn deselde perioade waarden der grutte moerasgebieten om New Orleans hinne drûchlein, sadat de stêd fierder útwreidzje koe. Dat hat der lykwols ta laat dat no in grut part fan 'e stêd ûnder seenivo leit, sadat New Orleans kwetsber wurden is foar oerstreamings, nammenste mear om't de stêd ynklamme leit tusken de Mississippy oan 'e iene kant en de Pontchartrain-mar oan 'e oare kant. Yn 1965 kamen tsientallen minsken om doe't de orkaan Betsy oer de stêd hinne raasde, al holden de diken it doe. Mar by de troch rein feroarsake oerstreaming fan 1995 rûn in grut part fan New Orleans ûnder. Neitiid waarden nije maatregels nommen om soks yn it ferfolch foar te kommen, mar dat bliek by lange nei net genôch te wêzen doe't yn augustus 2005 de orkaan Katrina yn súdlik Louisiana oan lân kaam. De diken en wetterkearings dy't oanlein wiene troch it Korps Sjeny fan it Amerikaanske Leger brieken fier ûnder de ûntwerpspesifikaasjes troch, en 80% fan 'e stêd kaam ûnder wetter te stean. Hoewol't de measte ynwenners yn 't foar evakuëarre wiene, foelen der by dizze ramp yn hiele Louisiana dochs noch 1.500 deaden. In foech moanne letter, yn septimber, moast de weropbou en repopulaasje fan 'e stêd tydlik stillein wurde fanwegen it neieroankommen fan 'e orkaan Rita, en al rûn dat mei in skamper ôf, dochs rûnen guon drûchpompte dielen fan New Orleans op 'e nij ûnder. Tsientûzenen minsken koene moannenlang net werom nei hûs, en in protte fan harren ferfear nei oare plakken om in nij libben op te bouwen. Foar Katrina hie New Orleans goed 450.000 ynwenners; yn 2012, nei sân jier fan weropbou en groei, bedroech it ynwennertal noch mar krapoan 370.000. It Amerikaanske regear krige in stream fan krityk te ferwurkjen oer de manear fan oanpak fan 'e ramp, en al waard it fan hegerhân ûntstriden, dochs binne der withoefolle oanwizings dat blanken en troch blanken bewenne buerten fan 'e stêd earder holpen waarden as swarten en troch swarten bewenne buerten. Yn 2008 waard de befolking fan New Orleans op 'e nij evakuëarre foar de orkaan Gustav, mar doe foel de skea aldergeloks ta.

De skyline fan New Orleans by sinne-ûndergong.

New Orleans hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei is New Orleans Katrina noch mar kwealk te boppen. Yn 'e earmere wiken steane in protte huzen der ferrinnewearre en ferlitten by, dêr't de bewenners nei 2005 nea weromkeard binne. De âlde binnenstêd mei it saneamde French Quarter ("Frânske Kertier"), de grutste toeristyske trekpleister, dêr't noch bouwurken út 'e Frânske en de Spaanske tiid steane, is lykwols folslein restaurearre. Dat is ek wêr't ienris yn 't jier it grutte karnavalsfeest fan New Orleans plakfynt, dat fan Mardi Gras hjit (de "s" is stom), en dat elts jier tsientûzenen toeristen lûkt. Mids oktober wurdt yn New Orleans it Filmfestival fan New Orleans holden. De stêd stiet fierders benammen bekend as it berteplak fan 'e jazzmuzyk, en hat ek in wichtige rol spile by de ûntwikkeling fan oare muzyksoarten, lykas blues, cajun en zydeco. De trompettist en sjonger Louis Armstrong kaam út New Orleans, en nei him is dan ek de lofthaven fan 'e stêd neamd, Louis Armstrong New Orleans International Airport. Ek is de stêd noch altiten ferneamd om syn Frânsk en Frânsktalich erfskip, en om syn Kreoalske koken, mei gerjochten as jambalaya en gumbo.

Befolkingsopbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It sintrum fan New Orleans besjoen fanút Uptown.

Neffens de folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan New Orleans sa: 60,2% waard opmakke troch Afro-Amerikanen en Louisiaanske Kreoalen (de Kreoalen wurde troch it Amerikaanske regear net as in aparte etnyske groep erkend, hoewol't se dat dúdlik wol binne); 31,1% bestie út blanken; 5,3% wiene Latino's en 2,9% waard opmakke troch Aziaten (mei as wichtichste subgroep de Fjetnamezen, dy't 1,7% fan 'e stedsbefolking foarmen). De restearjende 1,7% bestie út lju fan mingd komôf.

De Sint-Loadewykkatedraal oan Jackson Square.

Befolkingsgroei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier/datum ynwennertal
1769 3.190
1785 4.980
1788 5.331
1797 8.056
1800 9.650
1 Augustus 1810 17.242
1 Augustus 1820 27.176
1 Juny 1830 46.082
1 Juny 1840 102.193
1 Juny 1850 116.375
1 Juny 1860 168.675
1 Juny 1870 191.418
1 Juny 1880 216.090
1 Juny 1890 242.039
1 Juny 1900 287.104
jier/datum ynwennertal
15 April 1910 339.075
1 Jannewaris 1920 387.219
1 April 1930 458.762
1 April 1940 494.537
1 April 1950 570.445
1 April 1960 627.525
1 April 1970 593.471
1 April 1980 557.515
1 April 1990 496.938
1 April 2000 484.674
1 July 2005 454.863
1 July 2006 223.388
1 July 2007 239.124
1 April 2010 343.829
2012 369.250
Louis Armstrong.
Mahalia Jackson.
Elmore Leonard.
Memphis Monroe.

Berne yn New Orleans

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It klimaat fan New Orleans is subtropysk, mei koarte, oer it algemien mylde winters, en hjitte, dampige simmers. It waarmst is it yn 'e moannen july en augustus, as de temperatuer oerdeis oprint oant yn trochsneed 32,9 °C. It koelst is it yn jannewaris, mei in trochsneed deitemperatuer fan 16,7 °C. De leechste temperatuer dy't yn New Orleans ea metten is, wie -14 °C, op 13 febrewaris 1899, wylst it op 24 juny 2009 it hjitst wie, mei 40 °C. Wat delslach oangiet, falt der jiers yn trochsneed 1.590 mm; simmerdeis is it fierwei it wietst, wylst oktober de drûchste moanne is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.