Shae Marks

Ut Wikipedy
Shae Marks
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christy Shae Marks
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 juny 1972
berteplak New Orleans (Louisiana)
etnisiteit Frânsk
Iersk
Sjeroky
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, aktrise, model
jierren aktyf 19932001
offisjele webside
gjint

Shae Marks (folút: Christy Shae Marks; New Orleans, 1 juny 1972) is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en aktrise fan mingd Frânsk, Iersk en Sjeroky etnysk komôf. Se waard bekend doe't se yn 1994 neaken posearre foar de Amerikaanske edysje fan it neakenblêd Playboy, wêrby't se de Playboy Playmate fan 'e Moanne maaie wie. Neitiid wie se ferskate jierren lang aktyf as aktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marks waard yn 1972 berne yn New Orleans, oan 'e Mississippymûning yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, dêr't se har iere jonkheid trochbrocht. Doe't se tsien jier wie, ferhuzen har âlden mei har nei Peachtree City, yn 'e steat Georgia, in foarstêd fan Atlanta. Dêr groeide Marks fierder op. Nei eigen sizzen wie Marks yn har jonkheid wat in wyldkat. Op 'e middelbere skoalle die se oan fuotbal, tennis en swimmen, en dêropta wie se lid fan it cheerleaderstiim. Nei't se slagge wie foar har diploma, folge se koarte tiid in stúdzje sjoernalistyk oan 'e Universiteit fan West-Georgia (UWG), yn Carrollton, mar dy briek se ôf om werom te ferhúzjen nei New Orleans.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1993, doe't se 21 jier wie, waard Marks ûntdutsen troch in Playboy-fotograaf doe't se yn Houston audysje die foar in baan as model foar de sportskoallekeatling World Gym. In moanne letter, yn oktober 1993, fleach se nei Los Angeles ta om in testshoot foar it ferneamde neakenblêd te dwaan. Se waard akseptearre en kaam yn maaie 1994 as Playmate fan 'e Moanne yn 'e Playboy te stean. Marks wie daliks tige populêr by de lêzers fan it tydskrift, en stie bekend om har romboarstich foarkommen. Neitiid posearre se noch ferskate kearen foar neakenreportaazjes, en stie se ek yn ferskillende spesjale edysjes fan 'e Playboy, wêrûnder Book of Lingerie, Girls of Summer en Voluptuous Vixens.

Marks wie ek yn 't spier as reizgjend fertsjintwurdichster fan 'e Playboy, wêrby't se û.m. Hongkong en Denemark besocht. Dêrnjonken makke se fan har bekendheid gebrûk troch in beskieden karriêre as aktrise te begjinnen. Sa wie se û.m. yn gastrollen te sjen yn tillefyzjesearjes as Married... with Children, Renegade, Viper en Baywatch. Boppedat hie se in haadrol yn 'e trettjin ôfleverings tellende rige Black Scorpion, as it personaazje Babette. Ek hie se rollen yn ferskate films, wêrûnder Day of the Warrior (1996), L.E.T.H.A.L. Ladies: Return to Savage Beach (1998) en Love Stinks (1999). Fierders wurke se as model mei oan reklamekampanjes fan bierbrouwerij Molson Beer en fan 'e moademerken Frederick's of Hollywood en Venus Swimwear.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marks kaam yn 'e kunde mei har takomstige man yn it fleantúch dat har yn oktober 1993 nei Los Angeles ta brocht foar har testshoot foar de Playboy. Hja trouden yn 1998.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.