Springe nei ynhâld

Norden

Ut Wikipedy
Norden
Bestjoer
Lân Dútslân
Provinsje Nedersaksen
Landkreis Aurich
Boargemaster Barbara Schlag
Sifers
Ynwennertal 24.767 (2020)
Oerflak 106,33 km²
Befolkingsticht. 236 km²
Hichte 7 m
Oar
Stifting yn 880 neamd
Postkoade 26506, 26492–26496, 26501, 26519–26520
Koördinaten 12′ NB, 5° 47′ EL
Offisjele webside
www.norden.de

Norden (Nedersaksysk: Nörden) is in stêd en gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn it distrikt Auwerk en oan de Waadseekust. De stêd telt sa'n 25.000 ynwenners. Norden is de fjirdgrutste stêd fan Eastfryslân.

De regio Norden moat it ekonomysk sjoen fan de lânbou en it toerisme hawwe. De stêd hat goed 27 kilometer seedyk en in haven foar de fearboaten nei de eilannen Júst en Norderney. De stedsdielen Norddeich en Westermarsch II fiere sûnt 1979 offisjeel it prdekaat „Staatlich anerkanntes Nordseebad“. Op 24 juny 2010 ferliende de Nedersaksyske minister fan Ekonomyske Saken, Jörg Bode, it predikaat „Nordseeheilbad“ oan beide stedsdielen, de heechste toeristyske ûnderskieding. Op 't heden is Norden-Norddeich it grutste offisjeel erkende Seeheilbad oan de East-Fryske Noardseekust. Al yn de fyftiger jierren waard Norden mei de slogan "Das Grüne Tor zum Meer" as fakânsjeoarde oanpriizge. Allinne al yn it simmerseizoen fan 2007 waarden der mear as 900.000 oernachtingen teld.

Al yn 880 wie der in delsetting mei de namme Norden. Dat jier wûnen de Friezen dêr in fjildslach fan de Noarmannen, de saneamde Slach by Norditi. Norden krige yn 1255 stedsrjochten en is sa de âldste stêd yn East-Fryslân. Earst lei Norden yn it Federgoa, letter yn it Fryske lân Norderlân. Yn ’e midsiuwen fierden de Fryske haadlingefamyljes Tom Brok en Cirksena it bewâld oer de stêd.

Norden om 1590 hinne

Troch ferskillende stoarmfloeden friet de Leybocht grutte stikken lân op. Yn de lette midsiuwen en dêrnei hie Norden in belangrike seehaven. Oan ’e 18e iuw wie der ek in aardich grutte float. Lykwols waard East-Fryslân troch de Krystfloed fan 1717 slim troffen. It plak Itzendoarp by Norden waard yn ’e weagen wei.

It Haus Vienna is ien fan de âldste huzen (boud om 1600 hinne) en is folslein renovearre yn de 1990er jierren

Nei de 16e iuwske Reformaasje wie der in soad striid tusken kalvinisten en lutersken. De striid waard lang om let wûn troch de lutersken. Yn 1684 wie militêr yngripen needsaaklik sadat de kalvinistyske minderheid de Tsjerke fan Bargebur bouwe koe. Yn 1597/98 en 1611 waard Norden teistere troch in pestepidemy. Yn de Tritichjierrige Oarloch (1618 -1648) moast de stêd, dy’t net troch stêdsmuorren beskerme wie, in pear kear in besetting troch bûtenlânske soldaten belije.

Yn 1744 waard Norden, krekt as de rest fan Eastfryslân, Prusysk. De Prusen begûnen mei grutte ynpolderingsprojekten by de seekust lâns en mei de turfwinning oan ’e súdeastkant fan ’e stêd. Dêrtroch wie der gjin ferlet mear fan turf út Grinslân. Yn dy snuorje waarden ek tabakfabriken oprjochte. Nei de fal fan Napoleon waard de stêd ûnderdiel fan it Keninkryk Hannover, yn 1866 kaam it wer by Prusen, om lang om let yn 1871 ûnderdiel te wurden fan it nije Dútske Keizerryk. De turfwinning en ynpolderingsaktiviteiten gongen fierder yn ’e 19e en iere 20e iuw. Wichtich wie ek de oanlis fan in ferhurde dyk nei Georgsheil (Uthwerdum), Emden en Auwerk (1844), en de oansluting op it spoarnet (yn 1883, de line waard trochlutsen nei Norddeich yn 1892 ).

Yn 1806 rjochte de Grinzer mennonityske ûndernimmer Jan ten Doornkaat Koolman yn Norden de bekende brouwerij fan sterke drank Doornkaat op, dy't oan 1991 ta bestie. It merk en de reseptuer waarden neitiid oan de konkurrint Berentzen ferkocht; de merknamme en de schnaps Doornkaat binne bestean bleaun. De produksje dêrfan is net mear yn Norden húsfeste. Yn 1988 rjochte in telch út de brouwersfamylje de nei him neamde Gerhard ten Doornkaat Koolman-Stiftung op. De kapitaalkrêftige ynstelling hâldt him yn Norden en omkriten dwaande mei in ferskaat oan woldiedige aktiviteiten.

Yn de Twadde Wrâldoarloch hie de stêd suver gjin skea. Yn de oarlochstiid hie Norden de ferneamde radiostudio Norddeich Radio, dêr’t de Ingelsktalige propaganda-útstjoering Germany calling útstjoerd waard.

Oant en mei 1977 wie Norden in selsstannige lânkring. Sûnt is de stêd ûnderdiel fan de lânkring Auwerk mei as haadplak Auwerk (Aurich). It saneamde Amtsgericht sit noch wol yn Norden en it rjochtsgebiet komt fierweihinne oerien mei de grinzen fan de lânkring Norden.

Yn 2005 fierde Norden dat it 750 jier dêrfoar stedsrjochten krige.

Befolkingsûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwennertal
1804 3.532
1826 5.757
1861 6.199
1867 5.975
1871 6.070
1885 6.879
Jier Ynwennertal
1895 6.794
1905 6.717
1910 6.885
1925 11.025
1933 12.150
1939 12.306
Jier Ynwennertal
1950 18.012
1954 17.785
1961 16.144
1970 16.986
1977 24.334
1980 24.300
Jier Ynwennertal
1990 23.700
2008 25.222
2011 25.019
2016 25.195
2017 25.056
2019 24.873

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lizzing Norden yn Nedersaksen

Stedsdielen foar de gemeentlike weryndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle neikommende stedsdielen, útsein Bargebur, foarmje no it stedsgebiet Norden, dat sels gjin stedsdiel mear is.

  • Armenplatz
  • Bargebur (enklave)
  • Ekel
  • Lintel
  • Norden-Neustadt
  • Westgaste
  • Westlintel
  • Zingel

Stedsdielen nei de gemeentlike weryndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gearstalling gemeenteried

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried bestiet út 34 leden, plus in sit foar de keazen boargemaster. De raad sjocht er sûnt septimber 2021 sa út:

Partij Sitten
SPD 14
Christlich Demokratische Union Deutschlands (BRD) (CDU)2 7
Wählergruppe Zukunftsorientierter Bürger (ZoB)2 6
Bündnis 90/Die Grünen 4
FDP 2
die Partei 1

De gemeente hat stedebannen mei:

Ekonomy en ynfrastruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Norden wurdt foar in grut part droegen troch it toerisme, de lânbou en de tsjinstesektor. De kustlokaasje fan Norddeich is in wichtich toeristysk sintrum mei syn keunststrân en fakânsjefoarsjennings. De regio is ek bekend om syn tee-kultuer en typyske Eastfryske produkten.

Norden is goed ferbûn troch wegen (B72), spoar en wetterwegen. It hat in spoarstasjon mei ferbinings nei Emden, Lear en fierder. Der is ek in haven yn Norddeich, wêrfan't de fearboaten nei de Eastfryske eilannen Noardereach en Júst farre.

Berne yn Norden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Norden – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: