Springe nei ynhâld

Nienoard

Ut Wikipedy
Borg Nienoord
Zijaanzicht van de borg

Nienoord is in lângoed yn de De Like, dat foaral bekend is fan de eardere boarch Nienoard, op it plak dêr't no in 19e iuwske bûtenpleats is. Teffens binne it Nasjonaal Reaumuseum, it Swimkastiel, in kemping en it Famyljepark Nienoard op it lânguod fêstige. Fanâlds heard Nienoard ta de himrik fan Midwolde.

De oarspronklike boarch is boud yn 1525 troch de famylje Fan Ewsum dy't fan it Oord by Middelstum wienen. De namme oord tsjut op eilân, nammentlik it lân dat tusken it Startenhuistermaar en it Hogepandstermaar leit. De krite hjit no Oldenoord.

Yn de Tachtichjierrige oarloch (1568-1648) waard de boarch ynnomd troch de Spanjerts. De manlju fan Wigbold fan Ewsum, hear fan Nienoard, belegeren de boarch. Lang om let slagge it har de flagge fan Nienoard wer op de boarch te krijen en lutsen de Spanjerts harren tebek. De oare deis kamen de Spanjerts werom, mar waarden opnij ferslein.

De boarch foardat er troch brân ferwoastge waard yn 1846

Von Inn- und Knyphausen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boarch Nienoord waard fan 1693 ôf bewenne troch de greven Von Inn- und Knyphausen. Georg Wilhelm von Inn- und Knyphausen wie nammentlik boaske oan Anna fan Ewsum en de boarch waard doe besit fan syn famylje. Ein 18e iuw waard Nienoord bewenne troch Ferdinand Folef von Inn- und Knyphausen en syn wiif Anna Maria Graafland, waans âlden op lângoed Weeresteyn te Loenen aan de Vecht wennen. Harren dochter Catharina Clara ferloofde har yn 1803 mei Justus Hendrik Ludovicus d'Aulnis de Bourouill ('s-Hertogenbosch, 1777-1832). Sy trouden op 9 oktober 1804 en setten harren nei wenjen op Hûs Bijma, ûnder De Like. Hy hie rjochten studearre yn Utert en waard frederjochter yn de kantons De Like en Súdhorn. Se kochten ek in hûs op Oude Boteringestraat 1 yn Grins, dêr't hja winterdeis wennen.

Yn 1842 bemachtige Ferdinand Folef baron von Inn- und Knyphausen de boarch; hy waard ek wol de 'dolle jonker' neamd fanwege syn tragyske skiednis. Yn 1846 fernielde er alle famyljeportretten. Yn itselde jier baarnde de boppeferdjipping fan de boarch ôf, wêrnei't er dy ferdjipping ôfbrekke liet. Yn 1850 baarnde de oranzjery ek ôf.

yn 1884 waard Nienoard eigendom fan Jonkhear mr. Johan Æmilius Abraham van Panhuys (1839-1907), dy't de boarch yn 1884 troch de Grinzer arsjitekt J. Maris opnij bouwe liet yn art nouveau en neoklassisistyske styl. Allinne de tagongspoarte út 1708 docht noch tinken oan de gloarje fan eartiids.

Op 6 novimber 1907 rekke it reau dêr't de famylje Van Panhuys yn siet yn it wetter. Johan van Panhuys, syn frou, harren soan Hobbe en skoandochter Elske wienen ûnderweis nei Grins, sy fersûpten allegearre yn it Hoendjip by Hoogkerk. Ek de koetsier Meindert Van Wijk ferlear it.

Tsjintwurdich sit it Nasjonaal Reaumuseum yn de boarch. Fierders kin de skulpegrot besjoen wurde, dy't yn in gebou yn de roazetún sit.

It tuorke fan Nienoard

De jonkers fan Nienoard besieten in grut part fan it fean besuden De Like. In wichtich besit yn de tiid fan de grutte ûntginningen — turf smiet in soad jild op. It gebiet stiet bekend as it Nienoarterfean. De namme Jonkersfeart docht ek noch tinken oan it sizzenskip fan de hearen fan Nienoard yn dy kontreien.

Eigners fan Nienoard

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1. sa. 1520-1528 Hear fan Nienoard:
Jonker Wigbold fan Ewsum (Middelstum, sa. 1474 - 1528), troud 1502 mei Beetke Aeylkema fan Rasquert (Rasquert, sa. 1475 - 1554). Beetke krige yn 1531 fan de buorlju fan Vredewold it erfgrytmanskip opdroegen. De rjochtstoel fan Fredewold waard sa 'steande'. Har neiteam koe har Hear of Frou fan Fredewold neame. Sy hienen acht bern:

  1. Onno (???? - 1535)
  2. Hidde (???? - 1546)
  3. Johan (???? - 1570)
  4. Clara (???? - foar 1583)
  5. Gela (???? - 1574)
  6. Christoffel (???? - 1583)
  7. Anna (???? - 1555)
  8. Wigbold (1521 - 1584, sjoch by 2.)

2. 1555-1584 Hear fan Nienoard en Fredewold:
Jonker Wigbold II fan Ewsum (Nienoard, 1521 - Oterdum, 30-02-1584), troude 11-09-1554 mei Geertruida fan Willich (1528 - 1570). Sy hienen 8 bern:

  1. Casper (1564 - 1639, sjoch 3.)
  2. Balthasar (???? - tusken 1619 en 1925)
  3. Melchior (???? - 1584)
  4. Hendrik (???? - 1582)
  5. Geertruid (???? - 07-07-1638)
  6. Anna (????-1617)
  7. Elisabeth (???? - ????)
  8. Frederik (???? - ????)

3. 1584-1606 en 1607-1639 Hear fan Nienoard, Fredewold, Ewsum en Mensinge:
Jonker Casper fan Ewsum (Nienoard, ? 1564 - dêre, 23-05-1639), troude 25-07-1600 mei Anna van der Does van Noordwijk (Noordwijk, 1572 - Nienoard, 1626). Sy hienen seis bern:

  1. Willem (1601? - 1643, folget by 4.)
  2. Johan (???? - 25-08-1633)
  3. Wigbolt (???? - ????)
  4. Sybilla (???? - na 1636)
  5. Anna Josina (???? - 25-05-1636)
  6. Geertruy (???? - ????)

4. 1639-1643 Hear fan Nienoard, Fredewold en Noordwijk:
Jonker Willem fan Ewsum (Nienoard, 1601? - dêre, 07-05-1643), troude op 13-03-1643 mei Margaretha Beata von Freytagh zu Gödens (Löringhoff, 19-06-1621 - Nienoard, 12-04-1665). Ien dochter:

Anna (1640 - 1716, volgt op 5.)

De widdo Margaretha trout opnij 27-05-1645 mei Rudolph Willem ryksbaron von Inn- und Knyphausen (Lütetsburg, 1620 - dêre, 30-11-1666). Hja krige trije bern:

  1. Haro Caspar (1646 - Asinga 1694)
  2. Willem (1646 - Nienoard 1654)
  3. Maria Elisabeth (1651 - sa. 1694)
Prielgrêf fan Carel Hieronymus von Inn- und Knyphausen in de tsjerke fan Midwolde

5. 1643-1714 Frouwe fan Nienoard en Fredewold:

Anna fan Ewsum (Nienoard, 1640 - dêre, 06-11-1714), troude 02-06-1657 mei Carel Hieronymus ryksbaron von Inn- und Knyphausen (Lütetsburg, 28-10-1632 - Den Haach, 31-07-1664). Hja hienen gjin bern.

De widdo Anna trout opnij 04-05-1666 mei Georg Wilhelm ryksbaron/ryksgreve von Inn- und Knyphausen (Altenach, 23-12-1635 - Nienoord, 05-09-1709). Sy hienen trije bern:

  1. Georg Willem (1666 - jong stoarn)
  2. Carel Willem (1667 - jong stoarn)
  3. Carel Ferdinand (1669 - 1717, folget by 6.)

6. 1714-1717 Hear fan Nienoard en Vredewold:
Carel Ferdinand rykgreve von Inn- und Knyphausen (Nienoard, 22-02-1669 - dêre, 28-12-1717), troude 25-11-1689 mei Francoise de Soete de Laecke de Villiers (Den Haach, 05-05-1674 - Huis Carelsveld, 04-04-1714). Der wienen sân bern:

  1. Anna (1690 - 1718)
  2. Beata Elisabeth (1692 - jong stoarn)
  3. Georg Wilhelm Wigbold (1693 - jong stoarn)
  4. Elisabeth Beata (1695 - jong stoarn)
  5. Elisabeth Beata (1696 - jong stoarn)
  6. Josina Geertruid (1696 - 1729, zie bij 9.)
  7. Charlotte Maurice (1697-1717, haar zoon volgt op 7.)

7. 1717-1737 Hear van Asinga, Nienoard en Fredewold:
Johan Carel Ferdinand ryksbaron von Inn- en Knyphuizen (Nienoard, 28-04-1717 - Grins, 10-02-1737), soan fan Charlotte Maurice ryksgrevinne Von Inn- en Knyphuizen fan Nienoard (1697 - 1717) en Schelto Jan ryksbaron Von Inn- en Knyphuizen van Asinga (1694-1716).

8. 1737-1768 Hear van Asinga, Nienoard en Fredewold:
Willem ryksbaron Von Inn- en Knyphuizen (Asinga, 18-03-1668), troude 22-11-1750 mei Susanna Johanna Alberda (Pieterburen, 11-09-1718 - Grins, ??-01-1799), broer fan Schelto Jan ryksbaron von Inn- en Knyphuizen fan Asinga (1694-1716, sjoch by 7.)

9. 1768-1795 Hear fan Nienoard en Fredewold:
Ferdinand Folef ryksbaron Von Inn- en Knyphuizen (Grins, 07-06-1735 - Asinga, 12-05-1795), troude 08-01-1761 mei Clara de Hertoghe van Feringa (Lutjegast, 27-03-1745 - Grins, 03-03-1766). Hy wertrout 02-09-1768 mei Anna Maria Graafland (Amsterdam, 08-04-1743 - Asinga, 03-01-1803).

Hy is de soan fan Haro Caspar ryksbaron Van Inn- en Knyphuisen fan Asinga (widner fan Josina Geertruid ryksgrevinne von Inn- und Knyphausen) (sjoch 6.) en Petronella Anna fan Lewe fan Aduard.

10. 1795-1842 Hear fan Nienoard en Fredewold:
Mr. Haro Caspar ryksbaron von Inn- en Knyphuizen (Asinga, 14-04-1777 - Nienoard, 03-01-1842), troude 11-06-1802 mei Susanna Elisabeth Alberda (Grins, 05-11-1769 - Nienoard, 30-12-1836). Sy krigen fiif bern:

  1. Ferdinand Folef (1803 - 1803)
  2. Ferdinand Folef (1804 - 1884, sjoch 11.)
  3. Wendelina Cornera (1805 - 1878, sjoch 12.)
  4. Scato Ludof (1807 - 1836)
  5. Anna Maria (1814 - 1814)

11. 1842-1884 Hear fan Nienoard en Fredewold:
Mr. Ferdinand Folef baron von Inn- en Knyphuizen (Nienoard, 04-05-1804 - Grins, 23-11-1884).

12. 1884-1907 Hear fan Nienoard:
Jonkhear mr. Johan Æmilius Abraham van Panhuys (Nienoard, 17-10-1836 - Hoogkerk, 06-11-1907), troude 15-12-1859 mei jonkvrouwe Catharina Johanna fan Sminia (Burgum, 14-03-1834 - Grins, 03-04-1882). Hy is de soan fan Wendelina Cornera barones von Inn- en Knyphuizen [sjoch by 10.] en jonkhear mr. Ulrich Willem Frederik fan Panhuys. De fjouwer bern:

  1. Wendelina Cornera (1861 - 1929)
  2. Wiskjen Hobbina (1863 - 1909)
  3. Ernestine Suffrida (1866 - 1940)
  4. Hobbe (1868 - 1907) [sjoch 13.]

Hy trout opnij 27-11-1884 mei Trijntje Looxma (Oentsjerk, 18-08-1844 - Hoogkerk, 06-11-1907), widdo fan mr. Daniël de Blocq fan Scheltinga.

13. 1907-1950 Hear fan Nienoard:
Jonkhear Johan Æmilius Abraham fan Panhuys (Bennebroek 06-07-1894 - Cambridge/USA, 13-06-1960), troude 10-02-1921 mei/skieden 19-09-1924 fan Johanna Maria van Muijen (Alfen oan de Ryn, 14-11-1894 - Den Haach, 14-11-1974). Hy is 27-01-1925 troud mei/skieden 03-12-1936 fan Vera Craven (Brighton, 05-07-1901 - stoarn sa. 1979). Hy is troud 19-12-1936 mei Christian Beatrice Greenhill Gardyne (Londen, 13-10-1910 - Sarasota/USA, ??-??-????).

Hy is de pakesizzer fan Jonkhear mr. Johan Æmilius Abraham van Panhuys (sjoch by 12.) en soan fan Jonkhear mr. Hobbe van Panhuys (sjoch by 12.) en Elske de Blocq van Scheltinga.

14. 1950 - no Eigner fan Lânguod Nienoard:
Gemeente De Like.

Op it bûten Nienoard leit it Familiepark Nienoord. It is foar in grut part in boarterstún en der is in modelspoarbaan, ién fan de grutste HO modelspoarbanen fan Nederlân. It is in Fleischmannbaan fan 100;m² dêr't stoomtreinen út de jierren 20, mar ek hegesnelheidstreinen, ride. Alles op HO-schaal, oftewol 1:87.

Fierder is der bûten in LGB-baan, mei Dútske, Switserske en Eastenrykske smelspoartreinen en trams yn G-skaal (1:22,5).

Neist dizze lytse modelspoarbanen binne der ek "grutte" modeltreinen. Der binne hjir twa spoarweibedriuwen aktyk. Nienoord Spoorwegen riidt yn skaal 1:8 oer in baan fan 400 meter lingte. Gewoanwei ride de lokomotiven op de motor, mar sneins wurdt der mei stoomloks riden. It oare spoarweibedriuw is Genzelbahn. Dit "bedriuw" is oprjochte troch de bruorren Paul en Kejo Genzel. Sy ride op snein en op hjeldagen mei treinen yn de skaal 1:7 oer in spoar fan 850 meter lang.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]