Munster

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Munster
Muenster Innenstadt.jpg
Flagge Wapen
Flagge der kreisfreien Stadt Münster (Westfalen).svg Stadtwappen der kreisfreien Stadt Münster.svg
Sifers
Ynwennertal 302.178 (2014)
Oerflak 303,28 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 997 / km²
Stêdekloft (2012)
Hichte 60 m
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of North Rhine-Westphalia.svg Noard-Rynlân-Westfalen
Gemeente
Oar
Stifting 793
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten
Webside Webstee gemeente
Lizzing Munster yn Dútslân

Munster (Dútsk: Münster) is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) en in regeardistrikt (Regierungsbezirk ) yn it noardlik part fan Noard-Rynlân-Westfalen yn Dútslân. De stêd is ek de haadstêd fan it regeardistrikt. De Universiteit fan Munster is ien fan de âldste universiteiten fan Dútslân.

Yn it sintrum stiet it Hûs fan de Nederlannen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Münster komt fan it Latynske monasterium ('kleaster') en referearret oan de oprjochting fan it bisdom Münster troch Karel de Grutte yn 793. De earste biskop wie Liudger. Yn de Midsiuwen wie Münster in bloeiende Hânzestêd.

Yn 1127, 1197 en 1383 hie Münster te lijen fan grutte stedsbrânen.

Yn 1382 wurdt Münster rekke troch de pest mei tûzenen deaden fan gefolgen. Yn 1383 baarnt in grut part fan de stêd op yn de slimste brân sûnt 1197. Noch alle jierren wurdt yn Munster de Grosse Prozession hâlden ta oantins fan dizze twa needlotsjierren[1].

Yn 1534 ferjoegen de werdopersken de doetiidske biskop Frâns fan Waldeck. Doe't sy de macht yn hannen krige hiene, waard der grute dat Munster it Nije Jeruzalem wie. De nije lieder fan de stêd, Jan Matthijs, woe allinnich hawwe dat doopte werbernen harren yn Munster festigen; wa't dat net wiene waarden ferdreaun. De biskop organisearre in nij leger mei stipe fan sawol protestanten as katoliken en belegere de stêd. Wilens radikalisearre de beweging yn Munster. Jan fan Leien waard de oanfierder en stelde gemienskip fan goederen en polygamy yn. In jier letter (1535) foel de stêd. Jan fan Leien waard terjochtsteld. Oan de Lambertustsjerke hinget noch altyd de koai wêr't syn lyk yn útstald waard.

De Frede fan Münster en Osnabrück yn 1648 makke fan Munster in ûnôfhinklik bisdom: it gebiet bleau dêrtroch roomsk-katolyk. In oar wichtich ûndddderdiel fan de Frede fan Munster wie it beëinjen fan de Tachtichjierrige Oarloch en de erkenning fan de ûnôfhinklikens fan Nederlân troch Spanje. Yn 1672 foel Munster laat fan biskop Bernhard von Galen de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen yn. Yn Grins wurdt noch alle jierren de oerwinning op de biskop fan Münster ("Bommen Bearend") betocht, mei it Grinzer Untset.

Yn 1802 waard Münster ferêvere troch de Prusen en ta haadstêd fan Westfalen makke. Under de Twadde Wrâldoarloch waard Munster foar it grutste part ferwoastge troch alliëarde bombardeminten, mar nei de kriich waard Münster op'en nij yn âlde styl boud.

Münster hat tegearre mei Osnabrück in eigen fleanfjild: Lofthaven Münster-Osnabrück.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. J. Buisman, Pest en brand in Münster - 1382/3

Berne yn Munster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte
Aken (stêd) - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Münster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal