Frâns fan Waldeck

Ut Wikipedy
Frâns fan Waldeck

Frâns fan Waldeck (1491 - 15 july, 1553) wie prins-biskop fan Münster, Osnabrück en biskop fan Minden. Hy wie ien fan foaroanmannen by it delslaan fan de Rebûlje fan Münster.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1530 hinne wie de stêd Münster part fan de Reformaasje, mar de stêd foel rillegau yn hannen fan de radikale predikant Bernhard Rottmann. Fan Waldeck kaam yn aksje tsjin de stêd, û.o. konfiskearre er goederen. Febrewaris 1533 berikten beide partijen in akkoard en waarden de haatlikheden staakt.

Lykwols, it jier dêrop nimme de menisten de macht yn de stêd. Harren foaroanman Jan Matthijs lit him lykwols bûten de stêd sjen en waard deaslein. Fuort nimt Jan fan Leien de macht yn de stêd oer en kroand himsels ta kening fan Münster. Uteinlik slagge it fan Waldeck om de stêd op 24 juny 1535 yn te nimmen, en de lieders fan de rebûlje te deadzjen.

Hy wie efterelkoar Domhear yn Keulen, Trier, Mainz en Paderborn, en sûnt 1523 provoast fan de Alexanderstift yn Einbeck. Yn Einbeck libbe er mei Anna Polmann (1505-1557) by wa't er acht bern oansette:

  • Frans III fan Waldeck (1524 - )
  • Barthold fan Waldeck (1536 - )
  • Philipp fan Waldeck (1538-1605)
  • Elizabeth Catherina fan Waldeck (1540-1579) boaske mei Wernerus Crispinus (1535-1604)
  • Johanna fan Waldeck (1540-1572)
  • Ermegard fan Waldeck (1542- )
  • Christoph fan Waldeck (1543-1587) boaske mei Agnes Pagenstecher (1545-1606)
  • Katherina fan Waldeck (1544-1597)

Frâns fan Waldeck waard as prins-biskop opfolge troch Willem fan Ketteler, de soan fan Godhard II Kettler zu Neu-Assen.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hans-Joachim Behr, Franz von Waldeck 1491-1553. Sein Leben in Seiner Zeit, Münster 1996, 1998