Mitch Bouyer

Ut Wikipedy
Mitch Bouyer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michel Bouyer
oare namme Kápaš
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1837
berteplak yn Wyoming
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Frânsk-Kanadeesk
Dakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt gids en tolk foar it
   Amerikaanske Leger
jierren aktyf 18681876
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Mitch Bouyer (folút: Michel Bouyer; yn Wyoming), 1837 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaan fan mingd etnysk komôf dy't yn it Wylde Westen as gids en tolk foar it Amerikaanske Leger wurke. Generaal John Gibbon neamde him "njonken Jim Bridger de bêste gids fan it lân." Bouyer wie ferbûn oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Hy kaam ûnder de Grutte Sû-Oarloch, yn 1876, yn 'e mande mei Custer en fiif kompanjyen fan syn rezjimint om yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Famylje en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bouyer waard yn 1837 berne yn wat letter de Amerikaanske steat Wyoming wurde soe. Hy wie de soan fan Jean-Baptiste Bouyer, in Frânsk-Kanadeeske pelskeapman yn 'e tsjinst fan 'e Amerikaanske Bûntkompanjy, en dy syn Yndiaanske frou, dy't ta it folk fan 'e Eastlike Dakota hearde. Bouyer syn namme waard op ferskate manearen misstavere, as 'Boyer', 'Buoyer', 'Bowyer', 'Buazer' of 'Boye'. Syn Dakota-namme wie Kápaš.

Hy hie trije folle susters, dy't fan Marie, Anne en Thérèse hieten, en dy't in trijeling west lykje te hawwen dy't yn 1840 berne wie. Hy hie ek teminsten twa healbruorren, John Bouyer, berne omtrint 1845, dy't yn 1871 ophongen waard foar it fermoardzjen fan in ferkenner fan it Amerikaanske Leger by de earste legale eksekúsje yn 'e skiednis fan it Wyoming-territoarium, en Antoine Bouyer, berne omtrint 1852, dy't yn 1912 troch Walter Mason Camp ynterviewd waard. Neffens in ferklearring dy't John ôfjoech krekt foar't er terjochtsteld waard, moatte der noch mear healbruorren en -susters west hawwe dy't doe al stoarn wiene.

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer Bouyer syn jonkheid is frijwol neat bekend. Syn heit waard omtrint 1863 troch Yndianen fermoarde wylst er strûpen oan it setten wie. Bouyer sels wie yn 1868 as tolk wurksum yn Fort Phil Kearny, oan it Bozeman Trail yn Wyoming. Yn 'e hjerst fan 1869 troude er mei in jonge Krieske frou, dy't Ekster Bûtendoar hiet, mar bekend kaam te stean as Mary. Harren earste bern, dat ek Mary hiet, kaam yn 1870 te wrâld. Neitiid krigen se blykber ek noch in soan, dy't oarspronklik Tom hiet, mar letter de namme James Leforge oannaam.

Nei't er in hoart as tolk wurke hie, waard Bouyer ek aktyf as gids foar it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, wêrby't er in skoft wurke mei it lânmjitterstiim fan 'e Northern Pacific Railroad, dat de gaadlikste rûte foar dat spoar útsette. Fan 1872 ôf wie Bouyer yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger en wied er stasjonearre by it Krieë-Agintskip yn súdlik Montana, dêr't er benammen wurksum wie as tolk by petearen tusken legerofsieren en Krie-Yndianen.

De Slach oan de Little Bighorn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1876, ûnder de Grutte Sû-Oarloch tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, fersocht luitenant-kolonel George Armstrong Custer dat Bouyer oan syn 7e Kavaleryrezjimint tafoege wurde soe, mei't er foar de simmerkampanje seis Krieske ferkenners tawiisd krigen hie, dy't it Ingelsk net machtich wiene. De rest fan Custer syn ferkenners wiene Arikara, mar dy kamen út Noard-Dakota en wiene net bekend mei it terrein yn Montana. Sadwaande waard Bouyer doe oerpleatst nei de 7e Kavalery, dêr't er as tolk aktyf wie by de kommunikaasje tusken de Custer en syn ofsieren en de seis Krieske ferkenners Blanke-Man-Regearret-Him, Giet-Foarút, Heal Giel Gesicht, Hierrige Mokassin, Krolhier en Wite Swan. Teffens koed er tsjinst dwaan as gids, mei't er súdlik Montana goed koe.

Op 'e iere moarn fan 25 juny 1876 beselskippe Bouyer de seis ferkenners, luitenant Charles Varnum, dy't it befel oer de ferkennersienheid fierde, en Custer sels nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard. Dêrwei koe men frij útsjen oer de Delling fan 'e Little Bighorn. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôge Heal Giel Gesicht Custer fia de tsjinsten fan Bouyer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie. De generaal besleat likegoed om daliks oan te fallen, mei't er bang wie dat de oanwêzigens fan syn rezjimint al opmurken wie, en dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in fjildslach twong. Dêrop spriek Heal Giel Gesicht fia tolk Mitch Bouyer dizze histoaryske en gauris oanhelle wurden tsjin Custer: "Jo en ik geane hjoed nei hûs oer in paad dat wy net kenne."

Ek Bouyer sels besocht Custer fan syn foarnommen oanfal ôf te bringen. Hy sei tsjin him: "Ik libje no al tritich jier lang mei dizze Yndianen gear, en dit is it grutste doarp dêr't ik ea fan heard haw." Doe't Custer net nei rede harkje woe, begûn Bouyer syn besittings wei te jaan, mei't er derfan oertsjûge wie dat er de kommende striid net oerlibje soe. Custer ferdielde syn rezjimint yn fjouweren. Trije kompanjyen soene ûnder majoar Marcus Reno út it suden wei oanfalle, nochris trije kompanjyen ûnder kaptein Frederick Benteen patrûljearren yn it súdwesten om in ûntsnapping fan 'e Yndianen ôf te snijen, en ien kompanjy beskerme ûnder kaptein Thomas McDougall de trage bagaazjetrein fan it rezjimint. Mei de oare fiif kompanjyen ried Custer in ein om mei de bedoeling om it doarp út it noarden wie oan te fallen. Bouyer waard yndield by Custer syn eigen detasjemint.

Tinkstien dy't it plak oanjout dêr't Mitch Bouyer de dea fûn, op 45 m fan it Deep Ravine ôf.

Om't der gjin oerlibbenen fan Custer syn fiif kompanjyen wiene en de tsjûgenissen fan 'e Lakota en Sjajinnen inoar tsjinsprieken, is net folslein dúdlik wat der dêrnei bard is. Wierskynlik besocht Custer by Minneconjou Ford de rivier de Little Bighorn oer te stekken om in wraam op it doarp te dwaan. De Yndianen wiene tsjin dy tiid lykwols klear foar him en dreaune him mei ferliezen werom de rivier oer. Yngraven oan 'e eastkant fan 'e rivier slagge net omdat de Amerikanen fan boppe-ôf, op 'e kliffen oan dy kant fan 'e rivier, ûnder fjoer nommen waarden. Wat begûn as in organisearre weromtocht, feroare troch de oanhâldende oanfallen fan 'e Yndianen al rillegau yn in gaoatyske flecht, wêrby't Custer likernôch twa en in heale kompanjy ferlear, oftewol de helte fan syn sterkte. Uteinlik loeken de Kompanjyen E, F en de helte fan C, har op 'e heuveltop fan Custer Hill werom, dêr't se al gau besingele rekken troch de Yndianen. Mitch Bouyer moat ta dizze groep heard hawwe.

Neffens de tsjûgenissen fan 'e Lakota waard it ferset op Custer Hill nei koarte tiid oerweldige troch in ferrassingsoanfal út noardeastlike rjochting wei, dy't oanfierd waard troch de opperhaden Mâl Hynder en Wite Bolle, en dy't troch de linys fan 'e kavalery hinne briek, mei it ynstoarten fan 'e kommandostruktuer ûnder de Amerikaanske troepen as gefolch. De measte soldaten dy't oant doe ta de striid oerlibbe hiene, sneuvelen dêr op 'e heuveltop, en dat is wêr't neffens de tradisjonele lêzing fan 'e foarfallen de Slach oan 'e Little Bighorn einige. Modern ûndersyk liket lykwols út te wizen dat der noch inkele tsientallen oerlibbenen wiene fan it gefjocht op 'e heuveltop, dy't in lêste wanhopige útbraak prebearren. Teminsten 28 liken fan Amerikaanske soldaten waarden oantroffen yn of op in rjochte line nei in djip ravyn, dat de namme Deep Ravine krige, op sa'n 250 m ôfstân fan Custer Hill. Dat liket it plak te wêzen dêr't de slach wier einige is.

Mitch Bouyer moat ûnder dy groep lêste oerlibbenen west hawwe. Troch in prêrjebrân kaam yn 1984 in grut diel fan it eardere slachfjild bleat te lizzen, wat argeologysk ûndersyk mooglik makke. Dêrby waard in (ûnfolsleine) skedel fûn, dy't identifisearre waard as Bouyer sines troch ferliking fan 'e gesichtsbonken mei de iennichste bekende foto fan him. Dy fynst waard dien op rom 200 m fan Custer Hill ôf, sa'n 45 m ferwidere fan it Deep Ravine. Op dat plak is neitiid ta Bouyer syn oantins in tinkstien pleatst. Bouyer moat in flamboyant figuer west hawwe; op de iennichste foto dy't fan him oerlevere is, hat er in bûntmûtse op dy't oan beide kanten fersierd is mei in opsette spjocht. Op 'e dei fan 'e Slach oan de Little Bighorn hied er in fest oan dat makke wie fan in swartbûnte keallehûd.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan har man waard Bouyer syn widdo Ekster Bûtendoar yn 'e hûs nommen troch syn goede freon Thomas Leforge. Doe't dy syn eigen frou stoar, wertroude er mei Ekster Bûtendoar en adoptearre er har bern. By dat barren waard Bouyer syn soan Tom nei alle gedachten ek omneamd ta James Leforge, om't Leforge al in eigen soan hie dy't Tom hiet. Ekster Bûtendoar, of Mary, sa't de blanken har neamden, soe har earste man fjirtich jier oerlibje en yn 1916 komme te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.