Marjorie, grevinne fan Carrick
Marjorie fan Carrick | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1253 | |
berteplak | Kastiel fan Turnberry? (Skotlân) | |
stjerdatum | koart foàr 9 novimber 1292 | |
stjerplak | Kastiel fan Turnberry? (Skotlân) | |
dynasty | Hûs fan Carrick Hûs MacDuff (fia 1e houlik) Hûs Bruce (fia 2e houlik) | |
etnisiteit | Skotsk | |
grevinne fan Carrick | ||
amtsperioade | 1256 – 1292 (fanôf 1272 ûnder regintskip fan man) | |
foargonger | Neil | |
opfolger | Robert | |
frouwe (gemalinne) fan Annandale | ||
amtsperioade | 1272 – 1292 |
Marjorie fan Carrick, grevinne fan Carrick (wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1253 – Kastiel fan Turnberry? (Skotlân), koart foàr 9 novimber 1292) wie in Midsiuwsk Skotsk ealfrouwe, dy't jierrenlang yn eigen namme it greefskip Carrick regearre. Hja is benammen bekend wurden as de mem fan 'e ferneamde Skotske kening Robert I (Robert de Bruce).
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Marjorie waard omtrint 1253 berne, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, de residinsje fan 'e greven fan Carrick, yn Ayrshire, yn súdwestlik Skotlân. Hja wie de âldste fan 'e fjouwer of mooglik fiif dochters fan Neil, greve fan Carrick, en dy syn frou Margareta Stewart, en kaam út in âld Gaelysk laach. Nei it ferstjerren fan har heit, yn 1256, regearre Marjorie sa'n fyftjin jier lang yn eigen namme oer it greefskip Carrick. Har earste man wie Adam fan Kilconquhar, dy't ta de Clan MacDuff hearde en yn 1271 ûnder de Njoggende Krústocht yn it Hillige Lân sneuvele yn 'e striid tsjin 'e Sarasenen.
Neffens in troch de measte moderne histoarisy as apokryf beskôge ferhaal soe in wapenbroer fan Kilconquhar, Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, neitiid de jonge widdo de deatynge fan har man oerbrocht hawwe. Marjorie soe doe fereale rekke wêze op 'e kreaze boadskipper, en Annandale op har kastiel finzen holden hawwe oant er deryn tastimde om mei har te trouwen. Yn elts gefal fûn dat houlik plak yn 1272, mar om't it breidspear fersomme hie en freegje tastimming oan 'e Skotske Kroan, waarden neitiid Marjorie har kastiel en lânerijen tydlik yn beslach nommen, oant der oan in foarse boete foldien wie.
Fanôf harren trouwen regearre Annandale, sa't doedestiden wenst wie, yn 'e namme fan syn frou oer har greefskip. Hja krigen ferspraat oer fyftjin jier mar leafst alve bern. Oer Marjorie fan Carrick is fierders net in protte bekend. Hja ferstoar koart foàr 9 novimber 1292, yn 'e âlderdom fan likernôch 39 jier.
Houliken en neiteam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Marjorie, grevinne fan Carrick, troude omtrint 1270 mei Adam fan Kilconquhar, dy't yn 1271 ûnder de Njoggende Krústocht yn it Hillige Lân sneuvele. Der bestiet in tradisjoneel ferhaal dat Tomas Randolph, 1e greve fan Moray, de soan wie fan Marjorie har ienlingsdochter út har earste houlik mei Adam fan Kilconquhar. Moderne histoarisy wize dit fan 'e hân, mei't in dochter út har earste houlik neffens de Gaelyske gewoanten it greefskip Carrick fan har mem urven hawwe soe. Men giet der dus fanút dat Marjorie har earste houlik sûnder bern bleau. It ferhaal oer in docher waard wierskynlik letter betocht om te ferklearjen wêrom't de greve fan Moray wol in omkesizzer fan Robert I fan Skotlân neamd waard.
Marjorie, grevinne fan Carrick, wertroude yn 1272 op it Kastiel fan Turnberry mei Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale (1243-1304). Hja hiene 11 bern:
- Isabella fan Bruce (1272-1358), troude yn 1293 mei kening Earik II fan Noarwegen.
- Kristina fan Bruce (±1273-1356/'57), troude (1) yn 1292 mei Gartnait, greve fan Mar (it is twifelich oft dit houlik wol echt plakfûn hat); (2) mei de ridder Kristoffel fan Seton; (3) yn 1326 mei de ridder Andréas fan Murray. Finzen nommen te Tain en jierrenlang yn in Ingelsk nonnekleaster finzen holden. Ut har earste houlik soe hja mem west hawwe fan Donald II, greve fan Mar.
- Robert fan Bruce (1274-1329), kening fan Skotlân (1306-1329); troude (1) yn 1295 mei Isabella fan Mar, dochter fan Donald I, greve fan Mar; (2) yn 1301 mei Elizabeth fan Burgh, dochter fan Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster. Ut syn twadde houlik wied er heit fan kening David II fan Skotlân.
- Neil fan Bruce (ek Niall of Nigel; ±1276-1306), net troud; troch de Ingelsen finzen nommen op it Kastiel fan Kildrummy, terjochtsteld te Berwick-upon-Tweed.
- Edwert fan Bruce (±1279-1318), hege kening fan Ierlân (1316-1318); mooglik troud mei Isabella fan Strathbogie, dochter fan Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, mei wa't er ien soan hie; ûntfong yn 1317 dispensaasje om te trouwen mei Isabella fan Ross, dochter fan Willem II, greve fan Ross, mar dat houlik hat wierskynlik nea plakfûn; sneuvele yn 'e Slach by Faughart.
- Marije fan Bruce (±1282-1323), troude (1) mei de ridder Neil Campbell; (2) mei Alexander Fraser fan Touchfraser en Cowie; finzen nommen te Tain en troch de Ingelsen fjouwer jier lang yn in koai yn 'e bûtenlucht finzen holden.
- Margareta fan Bruce (±1283-1316), troude (1) mei de ridder Willem fan Carlyle; (2) mei Jan, hear fan Shelton.
- Tomas fan Bruce (±1284-1307), net troud; troch de Ingelsen finzen nommen yn Galloway en terjochtsteld yn Carlisle.
- Aleksander fan Bruce (±1285-1307), net troud; troch de Ingelsen finzen nommen yn Galloway en terjochtsteld yn Carlisle.
- Elizabeth fan Bruce (±1286-13??), troude mei de ridder Willem fan Dishington, hear fan Ardross.
- Maud fan Bruce (of Matilde of Marjorie; ±1287-nei sept. 1323), troude yn 1308 op 'e Orkney-eilannen mei Hugo, greve fan Ross.
Guon histoarisy binne fan betinken dat Margareta en Elizabeth Bruce gjin dochters fan Marjorie fan Carrick wiene, mar mooglik oerwûne bern fan har man en ien of mear mêtresses.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side. |