Springe nei ynhâld

Luchtenfjild

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Luchtenveld)
Luchtenfjild
Tsjerkje "Jezus leeft" (2010)
Tsjerkje "Jezus leeft" (2010)
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
himrik Drachtster Kompenije
De Houtigehage
Oar
Postkoade 9223
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 09' NB, 6° 9' EL
Kaart
Luchtenfjild (Fryslân)
Luchtenfjild
Lizzing fan Luchtenfjild yn Fryslân

Luchtenfjild is in buorskip yn de gemeente Smellingerlân. Luchtenfjild leit tusken De Houtigehage en Drachtster Kompenije oan de Folgeraleane. De namme komt op âlde kaarten ek foar as Lucht en Veld en letter Luchtenveld.

De buorskip bestiet út in krúspunt mei wat huzen en in earder tsjerkje mei in hôf. Dat tsjerkje, "Jezus leeft", út 1928 waard troch Berend Overdijk (1894-1977) en syn soan Jan (1924-1997) boud om te preekjen foar minsken dy't de omlizzende tsjerken te frijsinnich fûnen. De tsjerke neamde him in Vrije Evangelische Broedergemeente.
Yn 1998 preke G.J. van Loon, in kolonel fan it Súdafrikaanske "Ekklesia" Evangeeljekorps, dêr in skoftke, lykwols foar lege stuollen. It tsjerkje waard letter as bedriuwsromte brûkt.

Yn Luchtenfjild stoppe ek de tram fan Grins nei Drachten tusken 1918 en 1946; dêr wie in wiksel nei in parallelspoar dêr't frachtwagons parkearre wurde koenen.

Smellingerlân
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
· · Berjocht bewurkje