Springe nei ynhâld

Culemborg

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kulemboarch)
Topografyske kaart fan Culemborg

Culemborg (Súdgeldersk: Kuileburg; yn it Frysk soms stavere as Kulemboarch) is in stêd en in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân, yn de Betuwe, oan de Lek, mei in oerflak fan 31,18 km² (dêrfan 1,60 km² wetter) en 29.970 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). Yn de gemeente lizze gjin oare kearnen.

De betsjutting fan Culemborg foar de regio is beheind, troch it tichtebylizzende gruttere Tiel, mar yn de lanlike Betuwe hat it stedsje dochs wol in regionale fersoargingsfunksje. Under mear binne der middelbere skoallen. Ek is der in museum foar meubels en in museum wijd oan Elvis Presley. Culemborg hat in stasjon oan it spoar Utert-De Bosk.

Troch syn rike ferline en trochdat de stêd dêrnei iuwenlang net groeide en bloeide, binne in soad gebouwen bewarre bleaun. It bekendste is it âlde riedhûs op de Grutte Merk, yn let-goatyske styl. Fan de âlde wâlmuorre is de midsiuwske Binnenpoarte noch oer.

Culemborg ûntstie as hannelsplak oan de Lek. Yn de tolfde iuw kaam oan de westkant fan it doarp in kastieltsje fan de hear fan Beusinchem. Op Sinterklaasdei 1318 krige it plak stedsrjochten, der stie doe al in muorre omhinne. Ta de stedsrjochten hearden it merkrjocht en asylrjocht. Hearsker oer it plak bleau de hear fan Culemborg. In soad skuldners flechten nei Culemborg, omdat se dêr troch it stedsbestjoer berjochte waarden en de skuldeaskers net yn de stêd talitten waarden. Yn de fjirtjinde iuw waard de stêd twaris útwreide, yn de jierren santich fan de 20e iuw oan de noardkant en yn de jierren njoggentich oan de súdkant. By de lêste gelegenheid waarden de buorredoarpen Lanxmeer en Parijsch binnen de stadsbebouwing lutsen. De boppeneamde Binnenpoarte waard foar de súdlike yndieling diel fan de omwâling. Ek liet hjir Jan II in nij kastiel bouwe. Mei frou Elisabeth (†1555) kaam it laach Van Culemborg op syn ein. Dy frou liet ûnder oare in gasthûs en in weeshûs nei. Koart foar harren dea ferhefte keizer Karel V de hearlikheid ta greefskip. Floris fan Pallandt erve de grevetitel fan Elisabeth. Fan 1639 ôf wie it besit fan it laach Waldeck-Pyrmont. By de Frânske ynfal yn it Rampjier 1672 waard de stêd plondere. Yn 1714 gie it greefskip oer op it laach Saksen-Hildbirghausen, dat de stêd út jildneed ferkocht oan de Steaten fan it Kertier fan Nimwegen (in diel fan Gelre), dy't it yn 1748 oan steedhâlder Willem IV oerdie. De kening fan Nederlân draacht noch altiten de titel greve fan Culemborg. Pas yn 1798, ûnder Frânsk bewâld, waard it greefskip formeel mei Nederlân (de Bataafske Republyk) feriene. Nei de Frânske tiid waard Culemborg in gewoane gemeente. Yn 1868 waard Culemborg op it spoar oansluten troch wat doe de langste brêge fan Europa wie, de Lekbrêge (wyls ferfongen). Dat soarge foar de komst fan yndustry, yn it bysûnder de meubelyndustry.

Bekende Culemborgers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Hans Kraay sr. (1936-2017), fuotballer en trener
  • Piet Vroon (1939-1998), psycholooch, heechlearaar en auteur
  • Jan Groenendijk (1946-2014), fuotballer

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
· · Berjocht bewurkje