Kristi Myst

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kristi Myst
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Kristi Myst AVN expo 1999 (bewurke).jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kristy Mist, Kristy Myst,
Christy Myst, Jenny D'Mornay,
Tina Harlow, Pamela Sanderson
echte namme Jeanette Dollar
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 25 desimber 1973
berteplak Solvang (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 19952001
offisjele webside
gjint

Kristi Myst, echte namme: Jeanette Dollar (Solvang (Kalifornje), 25 desimber 1973), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur, wa har skûlnamme ek wol (mis)stavere wurdt as Kristy Mist, Kristy Myst of Christy Myst. Dêrnjonken hat hja ek wol wurke ûnder de nammen Pamela Sanderson, Jenny D'Mornay en Tina Harlow. Myst sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en waard al rillegau tige súksesfol. Har meast ferneamde wurk wie de Buffy the Vampire Layer-rige, in searje parodyen op 'e populêre urban fantasy-tillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer. Yn 2001 beëinige Myst har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Myst waard yn 1973 berne yn Solvang, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en groeide op yn Simi Valley, in foarstêd fan Los Angeles. Foar't hja yn 'e Amerikaanske pornoyndustry behelle rekke, wurke hja as toskedoktersassistinte by in praktyk yn Los Angeles. Omtrint 1994 posearre se foar it neakenblêd Hustler, wêrby't se op 'e cover stie, en letter wurke se ek mei oan fotoreportaazjes yn High Society en New Rave.

Yn 1995, doe't se 22 jier wie, makke Myst har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn mear as 130 films, hoewol't dêr frijwat kompilaasjefideo's tusken sitte mei âld materiaal. Myst wurke in protte foar de kontroversjele lytse studio Extreme Associates, mar wie ek wol yn 't spier foar labels as Sin City, Adam & Eve, Evil Angel, Vivid Entertainment, VCA Pictures, Metro, Caballero Home Video en Leisure Time Entertainment.

Kristi Myst.

Myst wist al rillegau in grutte skare fans te winnen. Har bekendste films hearden ta de Buffy the Vampire Layer-rige, in searje parodyen op 'e populêre urban fantasy-tillefyzjesearje Buffy the Vampire Slayer. Myst ferfolle yn dy films de titelrol, dy't yn 'e oarspronklike searje spile waard troch Sarah Michelle Gellar. Ien fan dy films, Buffy Down Under (1996) wie de bêstferkeapjende Australyske pornofilm aller tiden. Under har karriêre sleepte Myst trije nominaasjes foar AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht, en yn 2001 wûn se de AVN Award yn 'e kategory bêste anale sekssêne foar har gangbang yn In the Days of Whore, in produksje fan Extreme Associates.

Njonken har aktearwurk wie Myst yn 1998 ek aktyf as regisseur. Yn 1999 sette se fierders útein mei in karriêre yn it Amerikaansk wrakseljen. Yn 2001 joech se har by de Wrestling Vixxxens-webside fan Tammy Lynn Sytch en Missy Hyatt. Myst har lêste pornofilm wie Extremely Yours, Kristi Myst, dy't yn jannewaris 2001 opnommen waard, mar pas útkaam yn 2002. Neitiid loek se har werom út 'e pornoyndustry om har ta te lizzen op har houlik en gesin. Yn in fraachpetear út 2005 omskreau Myst harsels as "foltiids-mem".

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kristi Myst is blank, mei griene eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre) in gewicht fan 50 kg. Hja hat kupmaat 34D, wêrfoar't hja in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Myst hat gjin piercings, mar wol ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in bân fan stikeltrie om har lofterboppe-earm, in soartgelikense bân om har rjochterankel, en in blom rjochts op har ûnderbúk.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2000 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Evan Stone) L.A. 399
XRCO Award nominearre bêste anale sekssêne of sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Tom Byron) Whack Attack 6
2001 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne Cocktails
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste anale sekssêne (fideo) (mei ferskate oaren) In the Days of Whore
FICEB Ninfa Award wûn bêste anale sekssêne (mei ferskate oaren) Orgías Vikingas
XRCO Award nominearre bêste orgastysk analiste n.f.t.
nominearre bêste aktrise (inkel optreden) In the Days of Whore
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste groepsekssêne (mei ferskate oaren) In the Days of Whore

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: