Springe nei ynhâld

Kirani James

Ut Wikipedy
Kirani James
sporter
Kirani James (2011)
Kirani James (2011)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kirani James
nasjonaliteit Grenadaansk
bertedatum 1 septimber 1992
berteplak Gouyave
lingte 1.91 m
gewicht 80 kg
sportive ynformaasje
sport atletyk
ûnderdiel sprint
O.S. Londen 2012
Rio de Janeiro 2016
Tokio 2020 (2021)
debút 2007
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 2012
1x sulver Olympyske Spullen 2016
1x brûns Olympyske Spullen 2020
1x goud WK 2011
1x sulver WK 2011
1x brûns WK 2015

Kirani James (Gouyave, 1 septimber 1992) is in Grenadaansk atleet dy't him spesjalisearre hat yn it hurddraven op 'e 400 m en de 200 m. Yn 2011 waard er yn Daegu, yn Súd-Koreä, wrâldkampioen op 'e 400 m. James die ek mei oan 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012, dêr't er in gouden medalje op 'e 400 m wûn, en teffens oan 'e Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro, yn 2016, dêr't er in sulverne medalje op dyselde ôfstân behelle. Mei û.m. de (ûnderwilens opholden) Jamaikaanske atleet Usain Bolt heart er ta de wrâldtop fan 'e sprintsport by de manlju.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berte en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James waard yn 1992 berne yn it doarp Gouyave, yn it Karibyske eilânsteatsje Grenada. Hy genoat syn middelber ûnderwiis fan syn tolfde jier ôf op in jongesskoalle. Sels yn dy tiid al waard er beskôge as in gâns ûnthjittend atleet. Mei fjirtjin jier wûn er yn 2007 op 'e Turks- en Kaikoseilannen de gouden medalje by de junioaren op 'e 400 m op 'e Karibyske CARIFTA Spullen, en datselde jiers behelle er yn it Tsjechyske Ostrava in sulverne medalje op 'e Wrâldjongereinspullen.

Amateurkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 2008 ferdigene James mei ûnder de CARIFTA Spullen yn Basseterre, yn Sint-Kits en Nevis, mei súkses syn titel op 'e 400 m, en wûn er dêrnjonken ek goud op 'e 200 m mei in tiid fan 21,38 s. Datselde jiers wûn er op 'e 400 m ek noch in sulverne medalje yn july op it WK foar de junioaren yn it Poalske Bydgoszcz en in gouden medalje yn oktober op Mienebêstjongereinspullen yn it Yndiaaske Pune.

Op syn trêde CARIFTA Spullen, yn 2009 yn Vieux Fort, op Dominika, behelle James op 'e nij it earste plak op 'e 400 m, mei in Karibysk rekôr fan 45,45 s. Dêrby fersloech er syn lânsman Rondell Bartholomew yn 'e leeftydskategory ûnder de tweintich jier. Fierders behelle er mei it Grenadaanske tiim in brûnzene medalje op 'e 4×400 m estafette. Yn datselde jier wûn James ek twa goudene medaljes op 'e Wrâldjongereinkampioenskippen yn Brixen, yn Itaalje, op sawol de 400 m as de 200 m. Hy wie de earste jonge atleet ea dy't dûbel goud op dy ôfstannen binnenhelle. Doe't James ek noch de 400 m wûn op 'e Panamerikaanske Spullen foar de junioaren, waard er útroppen ta Grenadaansk sportman fan it jier 2009.

Tsjin dy tiid hiene teminsten tsien universiteiten út 'e Feriene Steaten grutte belangstelling toand om James binnen te heljen as lid fan harren atletyktiims. Yn it neijier fan 2009 akseptearre er in stúdzjebeurs fan 'e Universiteit fan Alabama, yn Tuscaloosa, en briek dêr by syn earste optreden mei in tiid fan 45.79 s daliks it tsien jier âlde universiteitsrekôr fan Cori Loving op 'e 400 m. Op 'e 400 m en de 200 m wûn James ek goud op 'e CARIFTA Spullen fan 2010 yn George Town, op 'e Kaaimaneilannen. en yn Moncton, yn Kanada, wûn er datselde jiers ek noch de 400 m op it WK foar de junioaren.

Yn 2011 sette James mei achttjin jier útein mei syn profkarriêre as atleet. Op it WK yn Daegu, yn Súd-Koreä, behelle er syn earste goudene medalje op 'e 400 m by de folwoeksenen. Dat wie de earste medalje dy't ea troch Grenada wûn waard op in wrâldkampioenskip atletyk. It jiers dêrop fertsjintwurdige James syn heitelân op 'e Olympyske Spullen fan Londen, dêr't er op 6 augustus op 'e 400 m fannijs de gouden medalje wûn mei in tiid fan 43.94 s. Dat wie sawol in persoanlik rekôr, as in nasjonaal rekôr, as de earste Olympyske medalje dy't ea troch Grenada wûn wie. Sa't te ferwachtsjen wie, rûn syn thúskomst út op in grut folksfeest, wêrby't tûzenen Grenadanen by de strjitten lâns stiene wylst James syn yntocht makke. Tillman Thomas, de premier fan Grenada, kundige oan dat James in bedrach yn oerheidsobligaasjes temjitte sjen koe fan 500.000 Eastkaribyske dollars, dat der in postsegel oan him wijd wurde soe, en dat der in nij atletykstadion boud wurde soe dat nei him ferneamd wurde soe.

Yn 2013, op it WK yn Moskou, rûn James op 'e 400  ien fan syn mindere wedstriden, mei in tiid fan 44,99 s, dy't him in sânde plak opsmiet. Yn 2014, lykwols, behelle er op 'e Mienebêstspullen yn it Skotske Glasgow op 'e nij in goudene medalje op dyselde ôfstân. Datselde jiers ferbettere er op 3 july ûnder it Athletissima yn Lausanne, yn Switserlân, syn persoanlik rekôr op 'e 400 m ta 43,74 s, wat de fluchste tiid is dy't ea troch in net-Amerikaanske atleet op dy ôfstân rûn is. Op it WK fan 2015, yn Peking, wûn James in brûnzene medalje op 'e 400 m. Under de Olympyske Spullen fan 2016, yn Rio de Janeiro, wûn er op 'e 400 m de sulverne medalje, mei in tiid fan 43.76 s, efter de Jamaikaan Usain Bolt. Op 'e Olympyske Spullen fan 2020, dy't yn 2021 yn Tokio holden waarden, besette James mei in tiid fan 44,19 s de brûnzen medalje op 'e 400 m, efter Steven Gardiner fan 'e Bahama's en Anthony Zambrano út Kolombia.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: (in) Kirani_James.