Springe nei ynhâld

Kayden Kross

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kayden Cross)
Kayden Kross
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kayden Cross, Jenna Nicol,
Jenna Nickol
echte namme Kimberly Nicole Rathkamp
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 septimber 1985
berteplak Sacramento (Kalifornje)
etnisiteit Sweedsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.clubkayden.com

Kayden Kross, echte namme: Kimberly Nicole Rathkamp (Sacramento (Kalifornje), 15 septimber 1985), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't op 't heden wurksum is as regisseur fan pornografyske films. Hja is fan etnysk Sweedsk komôf, en hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jenna Nicol en Jenna Nickol, wylst har wichtichste skûlnamme gauris misstavere is as Kayden Cross. Kross sette yn 2007 útein mei in karriêre as pornoaktrise en wurke lange tiid as kontraktstjer foar de prestizjeuze filmstudio Digital Playground.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kross waard yn 1985 berne yn Sacramento, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Se groeide op op it Kalifornyske plattelân, yn it heuvellân tusken Sacramento en Placerville. Op 'e middelbere skoalle hearde se net ta de populêre famkes, mar wie se, neffens harsels, mear in "boekewjirm". Nei't se har diploma behelle hie, studearre se psychology oan 'e Kalifornyske Steatsuniversiteit.

Mei achttjin jier begûn Kross yn 2003 as stripper te wurkjen yn 'e stripklub Rick's Showgirls, yn Rancho Cordova, om jild byinoar te bringen sadat se in pony fan 'e slacht rêde koe. Dat slagge, en se hold it bist dêrnei acht moannen. Troch har wurk by Rick's Showgirls loek Kross de oandacht fan in ympressario út 'e pornoyndustry, dy't har yn kontakt brocht mei ferskate neakenblêden, dêr't se neitiid foar posearre as neakenmodel. Fia-fia rekke se doe djipper behelle yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Kayden Kross yn 2006.

Kross studearre noch doe't se yn novimber 2006, mei 21 jier, in eksklusyf kontrakt tekene mei de filmstudio Vivid Entertainment. Datselde jiers noch makke se by Vivid har debút yn 'e pornografyske film Kayden's First Time, dy't yn 2007 útbrocht waard. Kross wie lykwols net tefreden oer de gearwurking mei Vivid, dat doe't yn it neijier fan 2007 it kontrakt ôfrûn, ferlingde hja it net. Ynstee dêrfan tekene se in moanne letter in kontrakt mei it label Adam & Eve. Yn 2008 wurke Kross mei oan in neakenreportaazje yn 'e Penthouse en wie se de Penthouse Pet fan 'e moanne septimber, wêrby't se teffens op 'e omslach fan 'e septimberedysje stie. Dyselde moanne sette se útein mei har eigen offisjele webside, ClubKayden.com.

Ein 2009 sleat Kross in eksklusyf mearjierrich kontrakt ôf mei de foaroansteande studio Digital Playground, dat per 1 jannewaris 2010 yngie. Foar dy studio wurke Kross gauris gear mei oare pornostjerren dy't dêr ûnder kontrakt stiene, lykas Jesse Jane en Riley Steele. Har earste film foar Digital Playground, mei as titel The Smiths, stie daliks boppe-oan op 'e ferkeaplisten fan pornofilms en waard in wiere kaskreaker. Binnen in fearnsjier parte Digital Playground oan Kross de haadrol ta yn 'e big budget-film Body Heat, in rol dêr't se sawol de Xbiz Award yn 'e kategory bêste aktearprestaasje fan it jier as de XRCO Award yn 'e kategory bêste aktrise foar wûn.

Yn 2010 presintearre Kross it jierliks AVN Awards-gala, yn 'e mande mei har kollega-pornoaktrise Kirsten Price en komyk Dave Attell. Yn septimber 2010 stie se op 'e nij yn en op 'e omslach fan 'e Penthouse. Fierders spile Kross dat jiers yn 'e film The 8th Day, dy't de AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry) wûn yn 'e kategory bêste film. Teffens wie se te sjen yn 'e parody Tyler's Wood, fan 'e studio Adam & Eve, wêryn't se Elin Nordegren spile, de frou fan golfer Tiger Woods.

Kayden Kross yn 2007.

Yn jannewaris 2011 waard Kross troch de Amerikaanske tillefyzjestjoerder CNBC útroppen ta ien fan 'e tolve populêrste pornostjerren fan dat stuit. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Kross ûnder har pornokarriêre yn 159 films. Behalven foar Vivid Entertainment, Adam & Eve en Digital Playground wurke hja dêrby ek foar sokke foaroansteande studio's as Evil Angel, Jules Jordan Video, Zero Tolerance en Girlfriends Films. Yn totaal waard se dêrfoar nominearre foar 30 AVN Awards, wêrfan't se trije ek wurklik wûn, twa yn 2011 yn 'e kategoryen bêste lesbyske groepsekssêne en wyldste sekssêne (publykspriis), en ien yn 2012 foar geilste sekssêne (publykspriis). Ek hat Kross ferskate Jeropeeske prizen wûn, wêrûnder yn 2009 in Frânske Hot d'Or yn 'e kategory bêste Amerikaanske aktrise, en yn 2010 in Dútske Venus Award yn 'e kategory bêste ynternasjonale aktrise.

Yn 2013 hold Kross op oanstean fan har freon op mei it meitsjen fan heteroseksuële pornografy, hoewol't nije films mei heteroseksueel-pornografyske sênes har (dy't foartiid opnommen wiene) noch yn 2014 en 2015 útkamen. Sûnt 2013 hat hja har talein op it meitsjen fan lesbyske pornografy en op wurk efter de skermen fan 'e pornoyndustry. Yn dat ramt hat Kross twa films regissearre. Yn 2015 wûn se foar de film Misha Cross Wide Open tegearre mei har freon Manuel Ferrara in Xbiz Award yn 'e kategory bêste regisseur fan in gonzofilm.

Kayden Kross mei Nicki Hunter: presintatrises op Playboy Radio.

Mainstream-aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kross hat ferskate crossovers nei mainstream-films en -tillefyzje makke. Sa wie se te gast yn realitytillefyzjeprogramma's (The Block en Family Jewels) en praatprogramma's (Attack of the Show) en hie se in weromkearende gastrol yn it twadde seizoen fan 'e searje Life on Top. Fierders hie se in gastrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje The League, en yn 2011 waard se troch regisseur Gregory Hatanaka cast yn 'e rol fan Tara yn 'e dramafilm The Obsession. Yn 2012 en 2013 hie Kross in haadrol yn it twadde seizoen fan 'e websearje Girl/Girl Scene, en fan jannewaris 2013 ôf presintearret Kross it wyklikse call-inprogramma Krossfire, op 'e Playboy Radio. Kross is ek as stripper te sjen op 'e dvd-ferzje fan it fyfde seizoen fan 'e súksessearje Breaking Bad (yn 'e ôflevering Gliding over All), hoewol't har bydrage yn 'e tillefyzjeferzje fan 'e searje derútknipt wie.

Oare beuzichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kross ûnderhâldt in blôch op har eigen blôchside UnKrossed.com. Teffens skriuwt se geregeldwei artikels foar MikeSouth.com, in rabberswebside oer de Amerikaanske pornoyndustry, en fierders hat se kollems yn 'e tydskriften Compex en Xbiz. Ut en troch wurket se ek mei oan 'e blôchs op 'e websiden Xbiz.com en Xcritic.com. Yn 2012 publisearre Kross it koarte ferhaal Plank yn 'e blomlêzing Forty Stories: New Writing from Harper Perennial (inkeld beskikber as e-boek). Yn augustus 2012 brocht se nei bûten ta dat se dwaande wie mei in autobiografysk boek oer de Amerikaanske pornoyndustry. Fierders hat Kross harsels ferskate kearen opwurpen as wurdfierster foar de pornoyndustry, û.m. yn 2008, doe't der sprake fan wie dat Kalifornje in ekstra belesting oplizze soe oan alle produsinten en distributeurs fan pornografyske produkten. Kross wie ien fan 'e tsjûgen dy't dêroer ûnder ede befrege waard yn it Kalifornyske Steatskrongres.

Kayden Kross yn 2009.

Yn oktober 2008 waard Kross yn steat fan beskuldiging steld foar dieverij en fraude, wêrby't it gie om oplichting yn it ramt fan 'e ferkeap fan in malafide hypoteek. Yn july 2009 liet it iepenbier ministearje de oanklacht fan dieverij falle, en waard de oanklacht fan fraude ôfswakke fan in misdriuw ta in oertrêding. Dêrop besleat Kross harsels skuldich te ferklearjen, en krige se ien dei finzenisstraf en trije jier ûnder betingst oplein. Hja wiet har belutsenens by dizze saak oan har eigen naïviteit oangeande de huzemerk, en sei dat se troch har makeler en hypoteekbank bedondere wie. Kross wennet sûnt 2012 gear mei har kollega-pornoakteur Manuel Ferrara. Hja hawwe tegearre in dochter, dy't berne waard op 23 jannewaris 2014. Nei't Ferrara der by har op oanstien hie om net mear mei oare manlju te wurkjen, hold Kross yn 2013 op mei it meitsjen fan heteroseksuële pornografy.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kross is blank, mei blûn hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 32D. Dêrfoar hat hja in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien. Kross hat in tatoeaazje fan fjouwer kattepoatsjes op har rjochterfoet. Har iennichste piercings binne earlelpiercings.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Bree Olson) Roller Dollz
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Penny Flame, Bree Olson en Aiden Starr) Bree's Slumber Party
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Erik Everhard) Roller Dollz
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
Hot d'Or wûn bêste Amerikaanske pornostjer n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste gemy op it wite doek (mei Erik Everhard) n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Kagney Linn Karter en Holly West) Swing Time
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Evan Stone) Kayden's Frisky Business
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Violet Marcell en Evan Stone) The 8th Day
nominearre bêste aktrise The 8th Day
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste nije ynternetstjer n.f.t.
Erotixxx Award wûn bêste Amerikaanske aktrise n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste artyste (publykspriis) n.f.t.
TLA Raw Award wûn bêste lichem (algemien) n.f.t.
Venus Award wûn bêste ynternasjonale aktrise n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste inkele optreden (aktrise) The 8th Day
2011 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Tommy Gunn) The Smiths
nominearre skandalichste sekssêne (mei Claire Adams en Justine Joli) The Perfect Secretary: Training Day
nominearre bêste aktrise The Perfect Secretary: Training Day
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste webside fan in pornostjer (foar ClubKayden.com) n.f.t.
wûn bêste lesbyske groepsekssêne (mei Raven Alexis Jesse Jane, Céline Tran en Riley Steele) Body Heat
wûn wyldste sekssêne (publykspriis) (mei Raven Alexis Jesse Jane, Céline Tran en Riley Steele) Body Heat
Xbiz Award wûn bêste aktearprestaasje fan it jier Body Heat
XRCO Award nominearre bêste aktrise Body Heat
2012 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Bibi Jones, Riley Steele, Stoya en Manuel Ferrara) Babysitters 2
nominearre bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Selena Rose, Riley Steele, Stoya en Tommy Gunn) Top Guns
nominearre bêste byrol fan in aktrise Fighters
nominearre bêste aktrise Love & Marriage
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste webside fan in pornostjer (foar ClubKayden.com) n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn geilste sekssêne (publykspriis) (mei Jesse Jane, Bibi Jones, Riley Steele, Stoya en Manuel Ferrara) Babysitters 2
XRCO Award nominearre mainstream-pornomediafavorite n.f.t.
nominearre bêste aktrise Love & Marriage
2013 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei James Deen) The Con Job
nominearre bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Selena Rose, Riley Steele en Manuel Ferrara) Nurse 2
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste lesbyske sekssêne (mei oaren) Mothers & Daughters
2014 Xbiz Award nominearre bêste sekssêne yn in feature film (mei Brooklyn Lee, Jesse Jane, Stoya en Johnny Sins) Bridesmaids
nominearre bêste aktrise yn in feature film Code of Honor
wûn bêste sekssêne yn in feature film (mei Jesse Jane, Selena Rose, Riley Steele, Stoya en Manuel Ferrara) Code of Honor
2015 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne (mei Dana Vespoli) Fluid 2
nominearre mainstream-stjer fan it jier n.f.t.
Xbiz Award wûn bêste lesbyske sekssêne (mei Misha Cross) Misha Cross Wide Open
wûn regisseur fan it jier (non-feature film)(mei Manuel Ferrara) Misha Cross Wide Open

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.