TLA Raw Award

Ut Wikipedy
TLA Raw Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar pornografy
útrikt troch TLA Raw
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 2010
1e útrikking 2010
offisjele webside
www.tlavideo.com

De TLA Raw Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films en oare pornografyske produkten. Se besteane sûnt 2010 en wurde útrikt troch TLA Raw, ien fan 'e grutste online leveransiers en postoarderbedriuwen op it mêd fan 'e ferkeap fan pornografyske films en oanbesibbe produkten yn 'e Feriene Steaten.

De nominearren foar de prizen wurde útkeazen troch meiwurkers fan it bedriuw sels, en dêrnei kinne fans fia de webside fan TLA Raw op harren favoriten stimme. Der bestiet gjin útrikkingsseremoanje; de winners wurde bekendmakke op 'e webside fan TLA Raw, en de prizen wurde de winners dêrnei tastjoerd. De TLA Raw Awards wurde útrikt yn santjin ûnderskate kategoryen, wêrûnder bêste pornografyske film, bêste pornografyske parody, bêste sekskomeedzje, bêste ynternasjonale pornografyske film, bêste regisseur, artyste fan it jier, bêste nijynkommelinge, filmstudio fan it jier, bêste seksboartersguod, bêste pornografysk oriïntearre blôch en bêste twitterder (yn 'e Amerikaanske pornoyndustry). De TLA Raw Award foar artyste fan it jier is wûn troch Tori Black (2010), Kristina Rose (2011), Allie Haze (2012) en Lexi Belle (2013).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: