Jong-Feintepartij

Ut Wikipedy
Jong-Feintepartij
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Easterein
holden yn sportpark De Skoalleseize
datum 4e woansdei fan july
bysûnderheden
soarte evenemint sport (keatsen)
bestean 2005 – no
org. troch KNKB
offisjele webside
www.kfeasterein.nl/.../ynformaasje

De Jong-Feintepartij is in keatswedstryd dy't elts jier op 'e fjirde woansdei fan 'e moanne july holden wurdt yn it Fryske doarp Easterein. It is in partij foar jongfeinten fan 17 oant 21 jier (junioaren). De Jong-Feintepartij wurdt organisearre troch it KNKB. It is in saneamde 'ôfdielingswedstryd', dêr't eltse by it KNKB oansletten keatsferiening ien of mear partoeren foar ynskriuwe mei.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong-Feintepartij waard yn 2005 foar it earst ferkeatst, op inisjatyf fan 'e Keatsferiening Easterein, mei as doel om in brêge te slaan tusken de kategoryen fan 'e jonges en de senioaren. De KNKB en pleatslike ôfdielings kampten nammentlik al jierren mei it probleem dat jonge keatsers dy't te âld wiene om mei te dwaan oan 'e Freulepartij yn Wommels, mar noch te jong om by de senioaren te keatsen, ôfheakken om't der foar harren in gat fan fjouwer jier bestie dêr't neat te winnen wie. Foar de earste edysje fan 'e Jong-Feintepartij, op 27 july 2005, skreaune 26 partoeren har yn.

It winnende partoer is in jier hâlder fan 'e wikselpriis de "Sulveren Leest", dy't beskikber steld waard troch Jan Hiemstra fan Frjentsjer, in âld-lid fan Keatsferiening Easterein en de skriuwer fan 'e jubileumboeken Bûkelje en Boppeslaan en Fol Faasje Fierder. Njonken de wikselpriis binne der bykommende prizen yn 'e foarm fan sulverne keatsballen en in slûf mei prizejild. Yn totaal omfettet de prizepot mear as 3.300,– wêrfan't it meastepart troch sponsoring byinoar brocht is.

Winnerslist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit is in opsomming fan 'e winnende partoeren fan 'e Jong-Feintepartij.[1]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Utslaggen fan 'e Jong-Feintepartij.
  2. Berltsum juniorentoppers weten van wanten op Jong-Feintepartij, yn: van Wad tot Stad, 31 july 2018, s. 97.