Springe nei ynhâld

Jonathan Adams (Amerikaansk akteur)

Ut Wikipedy
Jonathan Adams
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jonathan Adams
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 july 1967
berteplak Pittsburgh (Pennsylvania)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
jierren aktyf 1990 – no
offisjele webside
Jonathan Adams op Twitter

Jonathan Adams (Pittsburgh, 16 july 1967) is in Amerikaansk akteur en stimakteur fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy hat benammen wurk dien foar de tillefyzje, en is it bekendst wurden mei syn weromkearende rol as buorman Chuck Larabee yn 'e populêre Amerikaanske komeedzjesearje Last Man Standing.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Adams waard yn 1967 berne en is fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf. Hy is hikke en tein yn Pittsburgh, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Adams sette yn 1990 útein mei in wurkpaad as akteur mei in gastrol yn 'e ôflevering Pilot fan 'e tillefyzjesearje Equal Justice. Op it wite doek wied er yn 1993 foar it earst te sjen, yn 'e film Heartstopper. Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren spile Adams fjouwer jier toaniel op it Oregon Shakespeare Festival, dêr't er û.m. de rollen fertolke fan Petruchio yn De Fekke Nuet fan William Shakespeare, Buckingham yn De Trije Musketiers fan Alexandre Dumas en Guy Jacobs yn Blues for an Alabama Sky fan Pearl Cleage.

Op 'e tillefyzje hie Adams fierders gastrollen as bygelyks in brânwacht yn 'e komeedzjesearje Frasier (2001), in ferpleechkundige yn 'e dramasearje Felicity (2001), en in sjuerylid yn 'e searje Crossing Jordan (2004). Ek wied er yn gastrollen te sjen yn plysjesearjes as Walker, Texas Ranger (2001), 24 (2007 en 2009), NCIS (2007), NCIS: Los Angeles (2009) en Memphis Beat (2011), yn dramasearjes as Boston Legal (2008), Desperate Housewives (2010) en Dallas (2014), en yn komeedzjesearjes as No Ordinary Family (2010), Up All Night (2012) en Man with a Plan (2017).

Weromkearende rollen hie Adams as Q yn 'e searje The American Embassy (2002), as dr. Daniel Goodman (de baas fan Temperance Brennan) yn seizoen 1 fan 'e plysjesearje Bones (2005-2006), en as Ed Washburn yn Women's Murder Club (2007-2008). Fierders spile er Vulcan Simmons yn 3 seizoenen fan 'e plysjesearje Castle (2011-2014) en Matt Duncan yn rige Revenge (2012-2013). Yn 2012 fertolke Adams foar it earst de swarte buorman en âld-marinier Chuck Larabee yn 'e populêre komeedzjesearje Last Man Standing. Dat wie in gastrol dy't him neitiid troch de gemy tusken Adams en haadrolspiler Tim Allen ûntjoech ta in weromkearende rol yn in searje dy't rûn oant yn 2021.

Behalven mei live-actionwurk is Adams ek gâns aktyf as stimakteur, dêr't syn djippe basstim him tige foar lient. Op 'e tillefyzje hat er datoangeande benammen meiwurke oan tekenfilmsearjes fan it superheldesjenre, lykas Black Panther (2009), The Avengers: Earth's Mightiest Heroes (2010-2012), Green Lantern: The Animated Series (2011-2013), Hulk and the Agents of S.M.A.S.H. (2013-2014), Ultimate Spider-Man (2015), Guardians of the Galaxy (2015) en Justice League Action (2017). Fierders fersoarge Adams de stim fan 'e tsjoender Merlyn yn in ôflevering fan Once Upon a Time, en died er de voice-over foar de dokumintêres The Bomb (2015) en Bible Secrets Revealed (2013-2018).

Op it wite doek fersoarge Adams ek stimrollen, û.m. yn films as Osmosis Jones (2001), Superman/Batman: Public Enemies (2009) en Justice League: Crisis on Two Earths (2010). Yn 2010 wurke Adams as stimakteur foar it earst mei oan it meitsjen fan in kompjûterspultsje, troch Tyson Rios te spyljen yn Army of Two: The 40th Day. Oare fideospultsjes dêr't er neitiid oan meiwurke, binne bygelyks Marvel vs. Capcom 3: Fate of Two Worlds (2011), World of Warcraft: Mists of Pandaria (2012), League of Legends (2013), Heroes of the Storm (2015) en World of Warcraft: Legion (2016).

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1990 Equal Justice Keane gastrol; ôfl. Pilot
2001 Frasier brânspuitman gastrol; ôfl. The Show Must Go Off
2001 Walker, Texas Ranger Lyle Nugent gastrol; ôfl. Justice for All
2001 Felicity ferpleechkundige gastrol; ôfl. Girlfight
2002 The American Embassy Elque "Q" Polk weromkearende rol
2002–2005 American Dreams Henry Walker fêste rol
2004 Crossing Jordan sjuerylid gastrol; ôfl. Slam Dunk
2005–2006 Bones dr. Daniel Goodman fêste rol yn seizoen 1
2006 The Unit Buko gastrol; ôfl. Old Home Week
2007 One Tree Hill Chuck Taylor gastrol; ôfl. The Birth of Death of the Day
2007, 2009 24 Peter Hock weromkearende rol; 2 ôfl.
2007 The Closer Randall Williams gastrol; ôfl. Ruby
2007 NCIS Thomas Zuri gastrol; ôfl. Designated Target
2007 Cane Fosko gastrol; ôfl. The Exile
2007–2008 Women's Murder Club Ed Washburn weromkearende rol
2008 Medium Curtis Lambert gastrol; ôfl. Being Joey Carmichael
2008 Boston Legal plysjeman Preston Holt gastrol; ôfl. Kill, Baby, Kill!
2009 NCIS: Los Angeles Peter Caldwell gastrol; ôfl. Search and Destroy
2009 Numb3rs Clifford Hansen gastrol; ôfl. Greatest Hits
2009 Black Panther T'Chaka as stimakteur; gastrol; 2 ôfl.
2010 Desperate Housewives Luke Rayfield gastrol; ôfl. Chromolume No. 7
2010–2012 The Avengers: Earth's Mightiest Heroes Kang the Conqueror as stimakteur; weromkearende rol
2010 No Ordinary Family coach Baskin gastrol; ôfl. No Ordinary Vigilante
2011–2014 Castle Vulcan Simmons weromkearende rol
2011 Memphis Beat resjersjeur Moran gastrol; ôfl. Troubled Water
2011–2013 Green Lantern: The Animated Series Atrocitus as stimakteur; weromkearende rol
2011 Burn Notice Kamba gastrol; ôfl. Necessary Evil
2011 Harry's Law dokter gastrol; ôfl. Head Games
2012–2021 Last Man Standing Chuck Larabee weromkearende rol; 109 ôfl.
2012 Up All Night Ray gastrol; ôfl. Couple Friends
2012–2013 Revenge Matt Duncan weromkearende rol
2013 Nikita presidint fan Tsjaad gastrol; ôfl. Inevitability
2013 The Legend of Korra Vaatu as stimakteur; weromkearende rol
2013 Uncle Grandpa ferskaat as stimakteur; ferskate ôfl.
2013–2014 Hulk and the Agents of S.M.A.S.H. Absorbing Man
Korg
Thunderball (seiz. 2)
Piledriver
as stimakteur; weromkearende rollen
2013–2016 Bible Secrets Revealed ferteller 6 ôfl.
2014 Once Upon a Time Merlyn as stimakteur; gastrol; ôfl. Lily
2014 Crisis Clark Froy gastrol; ôfl. What Was Done to You
2014 Dallas Calvin Hannah gastrol; 2 ôfl.
2014 Pair of Kings dhr. Dawson / Paka Tui gastrol; ôfl. Meet the Parent
2015 The Bomb ferteller dokumintêre
2015 Avengers Assemble Absorbing Man as stimakteur; gastrol; ôfl. Small-Time Heroes
2015 Ultimate Spider-Man Absorbing Man as stimakteur; gastrol; 2 ôfl.
2015 Sofia the First Mantacorn as stimakteur; gastrol; 1 ôfl.
2015 Guardians of the Galaxy Ronan the Accuser as stimakteur; weromkearende rol
2017 Justice League Action Darkseid as stimakteur; weromkearende rol
2017 Man with a Plan dûmny Carl gastrol; ôfl. Andi's Boyfriend
2018 Designated Survivor gûverneur gastrol; ôfl. Run
2020 Teen Titans Go Ultralak as stimakteur; weromkearende rol; 3 ôfl.
films
1993 Heartstopper Jorell direkt-op-fideo útbrocht
1998 Air Bud: Golden Receiver Amerikaansk fuotbalspiler foar de Giants   
2001 Osmosis Jones plysje Tom as stimakteur
2005 Planetfall Zitan Backgrounder
2007 Doctor Strange: The Sorcerer Supreme Dormammu as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2009 Superman/Batman: Public Enemies generaal as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2010 Justice League: Crisis on Two Earths Martian Manhunter as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2012 The Polar Bears Kaskae as stimakteur; koarte film
fideospultsjes
2010 Army of Two: The 40th Day Tyson Rios as stimakteur
2011 Marvel vs. Capcom 3: Fate of Two Worlds    Galactus as stimakteur
2011 Ultimate Marvel vs. Capcom 3 Galactus as stimakteur
2012 Diablo III Tyrael as stimakteur
2012 World of Warcraft: Mists of Pandaria Xuen the White Tiger
Tsulong
as stimakteur
2012 Hitman: Absolution Cosmo Faulkner as stimakteur
2014 Diablo III: Reaper of Souls Tyrael as stimakteur
2014 Skylanders: Trap Team ferskaat as stimakteur
2015 Heroes of the Storm Tyrael / Blaze as stimakteur
2015 Skylanders: SuperChargers ferskaat as stimakteur
2016 World of Warcraft: Legion Lothrius Mooncaller as stimakteur
2017 For Honor Shugoki
Okuma
as stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.