Jane Porter (personaazje)
Jane Porter | ||
In iere ôfbylding fan Jane troch James Allen St. John yn 'e earste edysje fan The Beasts of Tarzan, út 1916. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Jane Clayton, boarch- grevinne Greystoke Jane Clayton, grevinne fan Greystoke Jane Parker | |
sekse | frou | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Tarzan | |
geastlike heit | Edgar Rice Burroughs | |
útjouwer | The All-Story (fúljeton) A.C. McClurg (boekfoarm) | |
ûntstean | 1912 |
Jane Porter is in fiktyf personaazje út 'e Tarzan-boeken fan 'e Amerikaanske skriuwer Edgar Rice Burroughs. Ek yn 'e adaptaasjes ta oare media dy't dêr letter fan makke binne, lykas films en tillefyzjesearjes, spilet Jane ornaris in wichtige rol. Hja is de grutte leafde fan Tarzan, de oan lianen slingerjende held fan it Afrikaanske oerwâld. Fral harren mei-inoar yn 'e kunde kommen ("Me Tarzan, you Jane") is tige bekend, hoewol apokryf.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e romans fan Edgar Rice Burroughs is Porter de efternamme fan Jane. Yn guon fan 'e lettere films wurdt se lykwols om ûndúdlike redens 'Jane Parker' neamd. Yn 'e boeken wurdt Jane, nei har houlik mei Tarzan (dy't ommers eins John Clayton II, boarchgreve Greystoke is) Jane Clayton, boarchgrevinne Greystoke. Lettere, minder kanonike boarnen (yn 't bysûnder de films Greystoke: The Legend of Tarzan, út 1984, en The Legend of Tarzan, út 2016), dy't Tarzan identifisearje as John Clayton III, greve fan Greystoke, wurdt Jane dan Jane Clayton, grevinne fan Greystoke.
Libbensbeskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jane Porter is yn 'e Tarzan-romansearje fan Edgar Rice Burroughs in Amerikaanse út Baltimore en de dochter fan perfester Archimedes Q. Porter. Hja bedarret yn Afrika as se mei har heit en de oare leden fan harren ekspedysje strâne rekket op 'e kust fan dat kontinint. Yn lettere films en tillefyzjesearjes wurdt se op ferskate manearen foarsteld, as de dochter fan in Amerikaanske ûntdekkingsreizger dy't har heit op syn ekspedysje beselskippet (lykas yn 'e boeken), mar ek as de dochter fan in Amerikaanske sindeling of as in antropologe dy't op eigen manneboet nei Afrika reizge is. Yn 'e tillefyzjesearje Tarzán, út 'e iere 1990-er jierren, is Jane gjin Amerikaanse, mar in Fransêze.
Yn elts gefal moetet se yn it Afrikaanske oerwâld Tarzan, dy't dêr troch in troep minskapen grutbrocht is nei de dea fan syn âldelju. Yn 'e boeken is er, nettsjinsteande dat er eins in wyld bern foarstelle moat, tige yntelligint en wolsprekkend, mar yn lettere wurken, benammen de films út 'e 1930-er jierren mei Johnny Weissmüller yn 'e titelrol, wurdt Tarzan dêrfoaroer ôfskildere as it archetype fan 'e nommele wylde, dy't mar oer beheinde taal- en spraakfeardichheden beskikt. It sitaat "Me Tarzan, you Jane" ("My Tarzan, do Jane") is wat dat oangiet wrâldferneamd wurden. Eins is dat sitaat apokryf, mei't it yn gjin inkele roman en gjin inkele film foarkomt. De earste moeting fan Jane (dy't hjir Jane Parker hjit) en Tarzan yn 'e film Tarzan the Ape Man, út 1932, soe lykwols de basis foar it apokrife sitaat wêze kinne. Dy moeting ferrint sa:
Jane Parker: Tankewol datst my beskerme hast.
Tarzan: My?
Jane Parker: Ik sei: tankewol datst my beskerme hast.
Tarzan: [wiist nei Jane] My?
Jane Parker: Nee, ik bin allinne mar "My" foar my.
Tarzan: [wiist nei Jane] My.
Jane Parker: Nee. Foar dy bin ik "Do".
Tarzan: [wiist nei himsels] Do.
Jane Parker: Nee… [beprakkesearret it ris eefkes]
Jane Parker: Ik bin Jane Parker. Begrypst wol? Jane. Jane.
Tarzan: [wiist nei Jane] Jane, Jane.
Jane Parker: Ja, Jane. En do? [Tarzan stoarret har oan]
Jane Parker: [wiist nei harsels] Jane.
Tarzan: Jane.
Jane Parker: [wiist nei Tarzan] En do?
Tarzan: Tarzan. Tarzan.
Jane Parker: Tarzan…
Jane keart úteinlik werom nei de Feriene Steaten, wat foar Tarzan oanlieding is om it oerwâld te ferlitten en har te sykjen. Nei't er har weromfûn hat, trouwe se mei-inoar. Jane wurdt letter de mem fan harren soan Jack, dy't de apenamme Korak oannimt. Se libje in skoft op it lângoed Greystoke yn Ingelân, mar keare lang om let werom nei Afrika.
Karakterisearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e boeken fan Burroughs set Jane útein as in typyske jonkfrou yn need, dy't troch Tarzan rêden wurde moat fan it iene gefaar nei it oare. Geandewei de romansearje ûntjout se har lykwols ta in kompetinte en feardige aventoersfrou dy't goed ûnderwiis genoaten hat en folslein by steat is om harsels te ferdigenjen en steande te hâlden yn it Afrikaanske oerwâld.
Ferskinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jane Porter ferskynt foar it earst yn it earste boek fan 'e Tarzan-romansearje, Tarzan of the Apes. Dat waard yn 1912 en 1913 foar it earst publisearre as in fúljeton yn it pulpblêd The All-Story, wêrnei't it yn 1914 yn boekfoarm útbrocht waard troch útjouwerij A.C. McClurg. Jane makke dêrnei op 'e nij har opwachting yn:
- diel 2 The Return of Tarzan (1913)
- diel 3 The Beasts of Tarzan (1914)
- diel 4 The Son of Tarzan (1914)
- diel 5 Tarzan and the Jewels of Opar (1916)
- diel 7 Tarzan the Untamed (1920)
- diel 8 Tarzan the Terrible (1921)
- diel 9 Tarzan and the Golden Lion (1923)
- diel 10 Tarzan and the Ant Men (1924)
- diel 19 Tarzan's Quest (1936)
- diel 20 Tarzan the Magnificent (1937)
Yn 'e oare dielen fan 'e searje ûntbrekt se. Jane spilet ek in lytse rol yn The Eternal Lover, in op himsels steande jungle-aventoereroman fan Burroughs út 1925. De dêryn beskreaune foarfallen fine gronologysk plak tusken The Return of Tarzan en The Beast of Tarzan yn. Fierders is Jane de fertelster en protagoniste fan Jane: The Woman Who Loved Tarzan, in roman út 2011 fan Robin Maxwell, dy't autorisearre waard troch de erven Burroughs ta gelegenheid fan it hûndertjierrich bestean fan Tarzan. Dat boek is eins in frije werfertelling fan Tarzan of the Apes, wêryn't de foarfallen út it perspektyf fan Jane ferteld wurde en it oarspronklike ferhaal op ferskate punten tsjinsprekke.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Tarzan-filmsearje wurdt Jane Porter (soms Jane Parker) spile troch ferskate aktrises.
Live action-films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- stomme films
- 1918 – Tarzan of the Apes (Jane spile troch Enid Markey)
- 1918 – The Romance of Tarzan (Jane spile troch Enid Markey)
- 1920 – The Revenge of Tarzan (Jane spile troch Karla Schramm)
- 1920 – The Son of Tarzan (Jane spile troch Karla Schramm)
- 1921 – The Adventures of Tarzan (Jane spile troch Louise Lorraine)
- 1927 – Tarzan and the Golden Lion (Jane spile troch Dorothy Dunbar)
- 1928 – Tarzan the Mighty (Jane spile troch Natalie Kingston)
- 1929 – Tarzan the Tiger (Jane spile troch Natalie Kingston)
- films mei Johnny Weissmüller yn 'e rol fan Tarzan
- 1932 – Tarzan the Ape Man (Jane spile troch Maureen O'Sullivan)
- 1934 – Tarzan and His Mate (Jane spile troch Maureen O'Sullivan)
- 1936 – Tarzan Escapes (Jane spile troch Maureen O'Sullivan)
- 1939 – Tarzan Finds a Son! (Jane spile troch Maureen O'Sullivan)
- 1941 – Tarzan's Secret Treasure (Jane spile troch Maureen O'Sullivan)
- 1942 – Tarzan's New York Adventure (Jane spile troch Maureen O'Sullivan)
- 1943 – Tarzan Triumphs (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1943 – Tarzan's Desert Mystery (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1945 – Tarzan and the Amazons (Jane spile troch Brenda Joyce)
- 1946 – Tarzan and the Leopard Woman (Jane spile troch Brenda Joyce)
- 1947 – Tarzan and the Huntress (Jane spile troch Brenda Joyce)
- 1948 – Tarzan and the Mermaids (Jane spile troch Brenda Joyce)
- films mei Lex Barker yn 'e rol fan Tarzan
- 1949 – Tarzan's Magic Fountain (Jane spile troch Brenda Joyce)
- 1950 – Tarzan and the Slave Girl (Jane spile troch Vanessa Brown)
- 1951 – Tarzan's Peril (Jane spile troch Virginia Huston)
- 1952 – Tarzan's Savage Fury (Jane spile troch Dorothy Hart)
- 1953 – Tarzan and the She-Devil (Jane spile troch Joyce MacKenzie)
- films mei Gordon Scott yn 'e rol fan Tarzan
- 1955 – Tarzan's Hidden Jungle (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1957 – Tarzan and the Lost Safari (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1958 – Tarzan and the Trappers (Jane spile troch Eve Brent)
- 1958 – Tarzan's Fight for Life (Jane spile troch Eve Brent)
- 1959 – Tarzan's Greatest Adventure (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1960 – Tarzan the Magnificent (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- films mei Jock Mahoney yn 'e rol fan Tarzan
- 1962 – Tarzan Goes to India (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1963 – Tarzan's Three Challenges (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- films mei Mike Henry yn 'e rol fan Tarzan
- 1966 – Tarzan and the Valley of Gold (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1967 – Tarzan and the Great River (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1968 – Tarzan and the Jungle Boy (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- oare autorisearre live action-films
- 1933 – Tarzan the Fearless (Jacqueline Wells spilet in pseudo-Jane-personaazje dat Mary Brooks hjit)
- 1935 – The New Adventures of Tarzan (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1938 – Tarzan and the Green Goddess (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1938 – Tarzan's Revenge (Eleanor Holm spilet in pseudo-Jane-personaazje dat Eleanor Reed hjit)
- 1959 – Tarzan, the Ape Man (Jane spile troch Joanna Barnes)
- 1970 – Tarzan's Deadly Silence (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 1981 – Tarzan the Ape Man (Jane spile troch Bo Derek)
- 1984 – Greystoke: The Legend of Tarzan, Lord of the Apes (yn 'e regel ferkoarte ta Greystoke: The Legend of Tarzan of Greystoke; Jane spile troch Andie MacDowell)
- 1998 – Tarzan and the Lost City (Jane spile troch Jane March)
- 2016 – The Legend of Tarzan (Jane spile troch Margot Robbie)
- ûnautorisearre live action-films
- 1969 – Tarzán en la Gruta del Oro (in Spaanske produksje; ynternasjonale titel: Tarzan in the Golden Grotto; Jane spile troch Kitty Swan)
- 1972 – Tarzán y el Arco Iris (in Spaansk-Italjaanske produskje; ynternasjonale titel: Tarzan and the Brown Prince; Jane spile troch Kitty Swan)
- 1985 – Adventures of Tarzan (in Yndiaaske, Hindytalige produksje; Kimi Katkar spilet in pseudo-Jane-personaazje dat Ruby Shetty hjit)
- 1990 – Lady Tarzan (in Yndiaaske, Hindytalige produksje; Tarzan is hjir in frou en Jane ûntbrekt)
- 1994 – Tarzan-X: Shame of Jane (in Italjaanske pornografyske film; Jane spile troch Rosa Caracciolo)
- 2002 – Tarzan Ki Beti (in Yndiaaske, Hindytalige produksje; Jane ûntbrekt yn dizze film)
Tekenfilms
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jane Porter wie de njoggende prinsesse yn 'e Disney Princess-franchise oant se yn 2009 foargoed ferfongen waard troch Tiana út The Princess and the Frog.
- 1999 – Tarzan of the Apes (ûnbekend wa't de rol fan Jane ynspriek)
- Tarzan-franchise fan Disney
- 1999 – Tarzan (Jane ynsprutsen troch Minnie Driver)
- 2002 – Tarzan & Jane (Jane ynsprutsen troch Olivia d'Abo)
- 2005 – Tarzan II (Jane ûntbrekt yn dizze film)
- 2013 – Tarzan (Jane ynsprutsen troch Spencer Locke)
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tillefyzjefilms
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1989 – Tarzan in Manhattan (Jane spile troch Kim Crosby)
Live action-searjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1966-1968 – Tarzan (Jane ûntbrekt folslein)
- 1989-1989 – Io Jane, Tu Tarzan (Jane spile troch Caterina Sylos Labini)
- 1991-1994 – Tarzán (Jane spile troch Lydie Denier)
- 1996-1997 – Tarzan: The Epic Adventures (Jane ûntbrekt; it wie de bedoeling dat se ferskine soe yn it 2e seizoen, spile troch Julie St. Claire, mar de searje waard nei 1 seizoen al stopset)
- 2003-2003 – Tarzan (Jane spile troch Sarah Wayne Callies)
Tekenfilmsearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1976-1980 – Tarzan, Lord of the Jungle (Jane ynsprutsen troch Linda Gary, mar kaam mar foar yn in gastrol yn ien ôflevering)
- 2001-2002 – The Legend of Tarzan (Jane ynsprutsen troch Olivia d'Abo)
- 2017-2018 – Tarzan and Jane (Jane ynsprutsen troch Rebecca Shoichet)
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1921 – Tarzan (toanielstik) (op Broadway; Jane spile troch Ethel Dwyer)
- 2006 – Tarzan (musical) (Jane spile troch Jennifer Gambatese)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |